Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

High...

Ien kear yn 't jier wurdt de flier fan ús doarpshûs yn 'e lak setten. It doarpshûs hat in houten flier en om dy karakteristike flier moai te hâlden wurdt dizze yn elke simmerfakânsje opfleure mei in spesjale lak.

Om't de fêste lakfrijwilliger mei fakânsje wie en it fanwege in blessuere wat kalmer oan dwaan moast, hie 'k tasein dat ik dat wol 'even' regelje soe. En hoe giet soks dan: jo steane sels op in middei te lakjen... Neffens it haad ûnderhâld fan ús doarpshûs wie it in kluske fan neat en hienen jo binnen trije oeren de flier yn 'e lak. No kloppe dat fan dy trije oeren wol, mar in kluske fan neat?!

Earst moasten jo der wol achter komme wat de handichste wize fan lakjen wie. Samar op 'e dolle rûs hjir en dêr in streek? It moast stikje foar stikje en dan fansels wol by in doar útkomme. Oars gie it krekt as yn 'e Donald Duck dat jo earne yn in hoeke útkomme dêr't gjin útgong is... Yn it earstoan gie it al wat mâl. Hjir en dêr in haal, hoekjes oerslaan, mei de skuon yn 'e lak en kleef-kleef troch de seal plakke, it wie wat in hapsnap gedoch...

Op 't lêst hie 'k de guit te pakken! Trije planken tagelyk, in skroevedraaier op 'e flier as kenteken en rôlje mar. Lokkich siet de rôler oan in lange stok, dat ik hoegde net troch de knibbels as foaroer te bûgen, oars hie 'k dit kluske ek net dwaan wollen.

Neffens de beskriuwing op it blik wie it wol raar guod. De fentilaasje moast goed wêze en it spul koe spontaan yn 'e brân fleane as jo in doek fol mei dizze lak earne lizze litte soenen. Dat de doarren goed iepen en de fentilaasje op tsien. Ik hie net in gasmasker op, hoewol dat miskien wol nedich wie krekt as de skieppeskearders no moatte by it skearen fan 'e wol, mar it guod rûkte al sterk. Op 't lêst stiek ik as in soarte fan lymsnuver yn in trance myn baantsjes te rôljen.

Om seis oere hinne wie ik klear en lei de flier er wer glânzjend hinne. Klear foar in nij winterskoft. In winterskoft mei skakers, toanielspilers, gearkomsten en diskojûnen. Sil ik by al dy gelegenheden by de doar stean gean? En dan tsjin alle besikers sizze: skuon út, jûn is de byienkomst op sokken! Bytsje oerdreun, mar soks komt wol yn jo op by sa'n kluske. As soe dat de ynfloed fan flechtige stoffen wêze, dat jo waanideeën krije... Hawar, ik ha de âlde kwast goed ynpakt en yn 'e kliko goaid. Hy moast net spontaan flam slaan! Dan soe al dit wurk foar neat wêze en hienen wy de safolste brân dizze simmer...

Pleatst: 24-07-2010 / 11:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ladies of the rings...

Der kamen juster twa doarpsgenoaten mei de Dockumer krante oansetten. Se wisten dat wy net mear lid binne fan dit blêd, mar de foto moasten wy al sjen fansels! Moai dat doarpsgenoaten sa meilibje...

Achterôf wie it net nedich, want dit stikje (mei de foto) stie ek yn it Nijsblêd fan noardeast Fryslân en dêr binne wy wol lid fan. De kranten binne hast gelyk, want ek oare stikjes kamen oerien. Se kinne der better ien krante fan meitsje...


Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 20-07-2010 / 15:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Lekker sliepe...

Wat dogge jo yn sa'n earste wike fan 'e fakânsje? Om earlik te wêzen: net folle. Earst mar ris wenne oan it idee dat jo fakânsje ha. Letter op en fan bêd, de krante wiidweidich lêze en foaral ek ûnnoazele TV programma's sjen. Sa siet ik jûn al te sjen nei in útstjoering fan Bear Boeloe fan Skiermûntseach. Hy friet poddestuollen op. Net dwaan bear Boeloe!

Mar miskien wie ik ek wol oan it oefenjen. Aanst mei de pakesizzer nei soksoarte fan programma's sjen. Dy tiid komt wer oan! Krekt as froeger mei de bern. Want ek dat stie dizze wike op it programma: wenne oan it idee dat jo pake wurden binne! Fyn ik net slim hjer. It is just geweldich! Ek gjin klisjee fan dan wurde jo echt âld, want dat kinne jo dochs net tsjinhâlde. Lenette van Dongen makke dat yn har programma Nikè moai dúdlik. Prachtige sjo, trouwens. Wer ris wat oars as Sipke Stikelbaarch en Hea...

Hjoed ha wy ús jierlikse fakânsje-oankeap dien. In nije túnbank. Echt Yndonesysk teakhout. Kin jierren mei! De âlde ha wy nei it stoart brocht. Wer krekt op 'e tiid, want de meiwurker yn syn oranje hesje kloppe mar wakker op syn pols. Hy hie sels net iens in horloazje om, wat mankearre dy man! Wurkje wy mei oan in skjin miljeu, sit hy wat nuver op syn earm te slaan. Wês bliid dat wy it net yn 'e berm dumpe, krekt as de boeren harren deade skiep. It kostet de boeren tefolle as Rendac it ophelje moat, lies ik hjoed yn 'e krante. Dan goaie se it kadaver mar yn 'e sleat. Wêrom bedobje se it dan net? Binne de boeren echt sa dom?

It âlde bankje yn 'e berm goaie wie eins ek gjin opsje, want wy hienen it út elkoar helle. De skroeven wienen ferruske en ôfknapt. Mocht in swalker dan fynst fan syn libben dwaan, dan moat hy earst nei de Gamma om nije skroeven.

En sa kabbelje wy de earste wike wat troch. Putsjes, saken dy't lizzen bleaun binne, tillefoan op 'e nij programmearje, want dy hie it fanwege de hitens bejûn en op freed in lekkerbekje fan Teake. En foaral net op dit weblog skriuwe dat jo op fakânsje binne, want dat soe ynbrekkers ris ta ferlied bringe kinne.

Wês gerêst, wy geane net fuort. Wy bliuwe hearlik thús, want leau my, sa'n kabbelfakânsje is hearlik! No earst mar wer nei Omrop Fryslân. Wy moatte al witte hoe't it ôfrint mei Bear Boeloe en Bjinze Boppeslach yn it lân fan 'Mei oare eagen'...

Pleatst: 16-07-2010 / 20:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Klachten...

Der kamen klachten dat it filmke fan 7 july ûnder it kopke Doarpsfeest... (3) net goed ôfspylje woe. Ik ha it der op 'e nij opset en no moat it goed wêze! Klik hjir om nei it filmke te gean.

Pleatst: 12-07-2010 / 16:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest... (4)

Pleatst: 10-07-2010 / 19:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarsizzing...

Wy ha de oktopus Paul, de parkyt Mani út Singapore en de goudfisk Junior dy't foarsizze kinne wa't de fuotbalwedstriid wint. Fan 'e moarn sprong spontaan ús skoallefisk út 'e kom doe 't ik him twa flagjes sjen liet. In Spaansk flagje en in Nederlânsk flagje. By it sjen fan de Nederlânske trijekleur sprong hy samar út 'e kom op 'e keamersflier. No, as dat gjin teken is. Boppedat is Junior oranje, it kin net misse soe 'k wol (foar)sizze wolle...

No gie dat mei Junior wol wat oars... Wilma helle de kom fan 'e tafel en spontaan briek de kom in trije stikken. Allegearre wetter oer de flier en in sparteljende goudfisk op 'e flierbedekking. Paniek! Fluch nei de keuken om in skaaltsje wetter en ik de buert lâns om in wetterstofsûger.

De fisk hat it oerlibbe en swimt al wer kalm yn syn nije (wat lytsere) kom. Ik worstel en kom boven... HUP ORANJE!

Pleatst: 10-07-2010 / 16:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frisian Solar... (2)

Even útswaaie, witte jimme noch? It wie smoardrok op 'e Syl, sels Wubbo Ockels wie nei Dokkum ta setten om dit evenemint mei te meitsjen. It Andela Solarteam wie der al wer klear foar. Dit kear yn in farsk read T-shirt. Klear foar de lêste etappe. Ik ha harren alle sukses tawinske en mei dy wurden stowde Sjoerd rjochting Grutte Wielen...


Klik hjir foar mear foto's fan de start fan de lêste etappe.

Pleatst: 10-07-2010 / 16:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Frisian Solar...

Hjoed siet ik yn 'e gleonhjitte sinne op it terras fan it Raedhûs yn Dokkum. De finish fan de Frisian Solar Challange soe fan 'e middei plak fine yn Dokkum en ik siet earste rang. Fanwêr dy belangstelling foar sinneboaten?

Likernôch in moanne lyn prate ik mei âlde freonen op 25-jierrich troufeest fan ien fan dizze freonen. Hy fertelde dat hy aanst ek yn Dokkum komme soe om't hy meidie oan de solarboatrace. Hy hat it bedriuw yn scheepstechnyk en sa'n race is foar syn bedriuw in moaie útdaging. Mei in oare âld freon foarmet hy it Andela Solarteam en sy soenen in protte ynnovaasjes yn harren boat tapasse. Dat mocht ik net misse!

Om even foar healwei fjouweren stode myn âld maat yn de T89 oer de finish. Geart fan Tuinen dy't de taskôkers as kommentator taspruts, wie nochal lyrysk oer de boat. Spitigernôch hienen se de ôfrûne dagen wat tsjinslach, oars wie dizze boat wol heger eindige.

Nei de finish fansels noch even in praatsje en de boat wat fan tichteby besjoen. Moai licht en fol technyk. It gie my wat boppe de pet, mar it jout wol in aardige yndruk hoe dizze mannen mei harren tak fan sport dwaande binne. Nei't de boat út it wetter helle wie, koe ik it noch wat better besjen, want nettsjinsteande it maleur dat se hân hienen, hienen se dochs de ynnovaasjepriis wûn. Myn âld maat hie it wakker drok mei syn kollegaracers en it duorre dan ek net lang as hy siet al ûnder ien fan de boaten. De keunst ôfsjen moatte jo mar tinke.

Om't ik net in blau polsbantsje om hie, kaam ik net fierder yn it domein fan de solarboaten, dat ik moast harren yn 'e steek litte. Yn dizze drokte ha de mannen fansels ek gjin ferlet fan in Hantumer dy't allegearre ûnnoazele fragen stelt. Moarn starte se foar de lêste etappe. Dan sil ik harren even útswaaie. Moai om sa even yn 'e keuken te sjen fan de Frisian Solar Challange. In tige waarme keuken, dat wol...

Klik hjir foar mear foto's.

Pleatst: 09-07-2010 / 20:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foar de kofje net eamelje...

Wat sjouwe guon soms wat mei nei in swimbad. Sa as ús hoech no ek wer net, want wy hienen neat meinaam dat de hiele moarn waaie jo de kofjegeuren fan in oar yn 'e noas mar yn 'e hals, ho mar.

Mar de kollega's fan in oare skoalle gienen klaaid en skeard fan hús! Kratten mei kofjekannen, flessen yn aluminiumfoly, kofjemolkepakken, rôlen koeken, meloenen, de hiele tafel stie fol guod... Moat dat no sa??

Ik moast ek wol laitsje, want kollegamaster hie in wite broek oan en samar ynienen siet dy fol kofjeflekken! Moatte jo ek mar net safolle guod meitôgje, de kans op in flek is dan libbensgrut, ik kin der oer meiprate... Mar master wie net sa gau ferslein, hy mei de wite broek nei de kraan, wietmeitsje, doekje ophelje en deppe mar.

It moaiste wie dat in oare kollega, mar it soe ek samar syn freondinne wêze kinne, in lyts fleske koffievlekverwijderaar út 'e tas opdjippe. Hie ik it net oar klaaid en skeard? Wa nimt soks no mei?!

Hoeden struide it frommeske, as wie it sâlt oer in aai, it poeierguod op de wite, wiete broek. (Maak de vlek nat en strooi een beetje vlekverwijderaar op de natte vlek...) En master mar deppe. It is leau 'k slagge, want de broek hinget no oer in stoel te droegjen. En sa al kykjend komme jo de moarn wol troch. Jo moatte dochs wat at jo de kofjelangstmen ûnderdrukke wolle...

Och, och... No komt der in grutte EHBO koffer op it aljemint. Ien fan harren bern hakkekrukt wat en raast as in baarch. No binne de tafels echt fol. Sy binne fest net op de fyts, ien fan harren sil fêst in bus ha, kin hast net oars...

Takom jier dogge wy it oars! Wy ha no de keunst ôfsjoen. En koffievlekverwijderaar giet dan wis mei, want wy sille my dan kofjedrinke...

Pleatst: 09-07-2010 / 13:05 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest... (3)

Pleatst: 07-07-2010 / 22:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest... (2)

Justerjûn de hiele tinte út syn dak! Foar safier in tent in dak hat... De band Offlimits soarge foar in geweldige sfear yn in smûke tinte. It waard in moaie lêste jûn fan in prachtich doarpsfeest.

Dat doarpsfeest begjint al betiid yn it jier. Dan moatte de fersieringen betocht wurde en dan komme de earste (faaks nuvere) ideeën op tafel. Dit feest wie it tema Steden en ús buert hie betocht om ús haadstêd Amsterdam út te byldzjen. Dat waard in boppeslach, wy hienen in kreas buertsje, mei hiele moaie tafrelen. Spitigernôch net in priis, mar wol in hiele moaie beoardieling. Letter mear oer de Terpen yn Amsterdamse sfear. Dan kinne jimme op in filmke sjen hoe moai oft it wie...

De drokte by de buorlju foel ta. Wy sieten der earst mar oer yn dat in protte feestgongers nei de Wallen ta gean soene. Mar ik tink dat de frou harren tsjinhâlden hat. Se sille wol sein ha: Hasto my leaver as in pop? Boppedat hie elkenien it ek fierstente drok mei de oare aktiviteiten. It programma is tradysjoneel, mar izersterk en der is foar elk wol wat by. Kabaret fan Rynk Rank yn it doarpshûs, in tocht mei hynder en wein troch de omjouwing, in playbackshow en feestbands yn de feesttinte en fansels de ferskate spultsjes.

Justermiddei in prachtige seiskamp op it sportjild. Dizze seiskamp wurdt fersoarge troch in aparte kommisje en se hienen der wer wat moais fan makke! Boppedat krige elk team genôch tiid om even skoft te hâlden en dat wie mei dit moaie, hite waar wol nedich. Wy hienen mei ús buert heech ynsetten, wat op it foarige feest wûnen wy, ta ús eigen ferrassing, de earste priis. Mar ja, kampioen wurde is net sa dreech, mar om it te bliuwen. Dat ek by de seiskamp foel ús buert bûten de prizen. De wille wie der net minder om, de sfear nammenste grutter en it wien dan ek prachtich om te sjen dat ús hiele buert de jûns rûn twa tafels siet om dit slagge feest meielkoar te fieren. Dat hat ek wolris oars west.

Fan de seiskamp binne in protte foto's makke. Wol in heech de Terpen-gehalte, mar dat koe ek hast net oars, want as coach moatte jo fansels yn 'e buert fan jo team bliuwe. Klik hjir foar de foto's: seiskamp doarpsfeest.

Pleatst: 04-07-2010 / 16:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest...

Klik hjir foar mear foto's fan de fersierde weinen.

Pleatst: 02-07-2010 / 12:55 oere - Reagearje? - Nei boppen