Rêstpunt…


Sa, even 1 minuut bekomme…












Pleatst: 16-01-2019 - 16:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

De gebroeders…


Juster lies ik in hiel lyts stikje yn ‘e krante oer de gebroeders Anker. Yn in TV-programma blikten se werom op harren wurksume libben. In libben fol bysûndere rjochtssaken. Mar ik waard suver kjel doe’t de grutste rjochtsaak yn harren karriêre net iens neamd waard. De saak oangeande de namme fan de Skûmkoppen vs. Rûm Sop. Dy saak spile yn it begjin fan 2003.


Soene de mannen dat no alwer fergetten wêze? No, wy yn elts gefal net…










Pleatst: 16-01-2019 - 16:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jouke Pinda 2.0…


Yn de tiid dat it hip waard om mei krysttiid ljochtsjes yn de tún te hawwen, woe Wilma dêr neat fan witte. Gjin kitscherige herten as krystmannen yn ‘e tún. Mar doe’t wy ta ûntdekking kamen dat der ek hynders mei ljochtsjes wiene, wie se samar om.


Wy ha har doe in ljochtsjeshynder, mei in slide derachter, op ‘e jierdei jûn.


Jierren hat Jouke Pinda mei kryst yn ‘e tún stien. Jouke Pinda? Ja, sa neamden de jongens, dy’t doe noch thús wennen, it hynderke. En wêrom? Ik soe it net witte. Nuvere krystoanslaggen sille wy mar rekkenje…


Yn 2011 is Jouke ûntploft. Tafallig seach ik op dat momint nei bûten. In grutte stekflam en de ljochtsje fan Jouke wiene foargoed út. Man, dat koste in fermogen! 24 Meter nije ljochtslang. Dat ik ha doe foarsichtich de stikkene slang derôf prutst en it geramte fan Jouke kaam yn it plestik op it souderke te lizzen. Ik hie nûmerkes op it geramte set. De folchoarder wêryn’t de ljochtslang derop setten wurde moast. Jo koene nea witte…


Sa stadichoan liket it mei kryst wol doarpsfeest yn ús doarp. Der komme hieltyd mear ljochtsjes yn de buorren. Ferljochte krystbeammen, daksgoatten mei ljochtsjes deroan, hagen fol mei ljochttriedden der is sels in strjitte dêr’t se feestpeallen yn de grûn setten ha.


En ús tún wie leech... Wie Jouke der noch mar!


Op in jûn sei ien tsjin my, doe’t Jouke op it aljemint kaam: Wêrom smytst der net in string krystferljochting oerhinne. In gouden tip!

De technyk stiet net stil en krystferljochting ha se sa stadichoan yn alle soarten en maten! En boppedat, it kostet ek hast neat mear. Dat op nei de Gamma.


Mar de Gamma hie in wike foar kryst alle boel al wer oprêden. Yn oktober de winkel fol, mar as it hast kryst is, dan kinne jo der net mear te plak. Lokkich hie de Tuin yn de Westerein noch folop kar. Moaie winkel trouwens en noch hielendal yn de krystsfear. Ik ha mysels foarnaam om rûnom kryst net mear nei de Gamma te gean. Prutswinkel…


Dat foar 22 euro wie ik klear. In middei nifelje mei mear as hûndert tiewraps en Jouke wie wer ree foar de tún. De belslide hoegde net op ’e nij beklaaid te wurden, want it wiene twa ôfsûnderlike ljochtslangen. It hynder en de slide apart.


Doe’t Jouke foar de earste kear oanfloepte, wie ik suver grutsk. Jouke wer yn syn elemint en ús buertsje koe no ek meidwaan oan de doarpsfeest-kryst-gekte. Der stiene al mear hertsjes yn ús strjitte…


Der wie al wat in ferskil yn ljocht. De slide brânde as in fakkel fergelike mei Jouke sels. It wiene no ek twa feskate ljochtsystemen. In ljochslang oan de slide en LED-ljochtsjes om it hynder. Like wol wat nuver mar it koe der mei troch.


Ik moast tinke oan it bibelferhaal fan Elia. Hy waard mei in vurige wagen ophelle om nei de himel brocht te wurden. Ik seach it al hielendal foar my. Mar ja, dat is fansels gjin krystferhaal…


Hawar. Jouke Pinda 2.0 is in feit en no mar wer ôfwachtsje hoelang dizze Jouke it folhâldt.










Pleatst: 08-01-2019 - 14:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2019

In persoanlike webside

h@vanderhei.de