www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's & filmkes
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Hoekstra Flowers


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Fileleed...

Mei ierdrykskunde hienen wy it fan 'e middei oer Jehannes dy't fan Leiden (dêr sil fêst in moaie Fryske krite-namme foar wêze...) nei Grins ta moast om dêr koelkasten hinne te bringen. Hy koe oer Lelystêd as oer de Ôfslútdyk. Fansels hie syn kar ek te krijen mei de drokte op 'e diken. Wêr stienen de files bygelyks?

Om't wy op it plattelân wenje frege ik my ôf oft de bern wol wisten wat no krekt in file wie. Dat dy fraach lei ik harren foar en ik frege ek hoe't men no te witen komme koe wêr't de files stienen. Ik ferwachte soksawat as Hier bij de E10 staat ook altijd een file... Als in Leeuwarden de stoplichten op rood staan, staan we ook altijd in de file... Ja, spitigernôch prate de berntsjes yn Tytsjerk hast allegearre Hollânsk...

Doe stiek ien fan 'e bern de finger omheech. En mei in stielen gesicht antwurdde hy op myn fraach: Dan bel ik altijd de RTL-filelijn 0900-125678, ik ken toevallig dat nummer uit mijn hoofd... Ik stie perpleks! Ien út groep fiif dy't mei de filelijn bellet? Mei syn eigen mobiel tink en dan belje foardat hy mei syn grutte BMW oer de highway nei Aalsmeer fjocht... Ik moast ek wol laitsje. En ek de oare bern seagen him oan as hy hy in Potteriaanske spreuk útsprutsen.

Foardat ik mei dit log oan 'e gong gie, woe ik even in plaatsje as soksawat fan dizze filelijn opsykje. Mar ik wie ferheard dat ik hielendal neat fine koe! It hiele ynternet ôfsocht en nearne in servicenûmer foar dizze tsjinst te finen.

Soe hy master foar de gek hân ha? Dat soe 'k dan ek wer knap fine. Dat moat letter in artyst wurde, dat kin hast net oars. Mar hie hy dat ek al net oankundige?!

Pleatst: 25-01-2010 / 23:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

In ljochtpunt...

Mannich winkel sil der jaloersk op wêze. Wat in minsken en wat in nearing. En wat helje guon der in protte wei! It liket wol oft de Lichtpuntloads dè winkel is foar in hiele protte lânslju.

Ik moast der tafallich wêze...

De Lichtpuntloads yn Kollumersweach is it plak yn noardeast Fryslân foar twaddehâns guod. Jo kinne it sa gek net opneame as se ha it dêr wol. Meubels, kasten, breiwol, âlde stereo's, diggelguod, skuon, tassen, klean en gean sa mar troch. As jo wat âlds, aparts as wat spesjaals sykje, dan moatte jo yn dizze smûke loads wêze. De loads draait alhiel mei en op frijwilligers. En ek dat makket it in hiel bysûnder plak. De minsken binne altyd aardich. Jo krije suver in bân...

Nee, nee, ik moast dêr tafallich wêze. Hoewol, ik misstean dêr net, mei myn âlde petsje, rafelige jas en polsmofkes...

Hawar, ik moast noch wat klean ha foar ús nije programma en dan kinne jo by dizze C&A te kust en te keur. En dan ek noch foar in pear sinten. Ik tink dat der mear binne dy't der sa oer tinke, want sa as sein it is dêr altyd smoardrok. En dan faaks ek noch minsken wêrfan jo tinke: dy kin in djoer kleanmerk fêst wol betelje.

Soenen se dat ek fan my tinke?

Ik slagge wer tige by tige en om dat te fieren naam ik noch in bakje kofje oan 'e bar. Want de loads is net allinne in anologe marktplaats, it is ek noch in moetingssintrum. Foaroan yn 'e loads steane lange tafels dêr't minsken meielkoar prate kinne ûnder it geniet fan in bakje kofje mei, faaks eigen makke, keek. En dan kinne jo ek moai de minsken besjen en krije jo ynspiraasje. As dat petsje der no tusken hong, hie 'k it fêst meinaam... Soksoarte fan tinzen.

Samar klonk der oargelmuzyk troch de loads. Jo krigen suver wat in terrassfearke. En dat is no sa moai, want earne sit ien fan de klanten op in twaddehâns oargel te spyljen. Hy gie alhiel op yn syn performance. It wie wat sa'n muzikaal typ as my. Ien en it selde ferske hiel goed spylje kinne. Mar ach, dat die alhiel gjin ôfbreuk oan de geselligens fan dit smûke plakje yn 'e Wâlden.

Doe't ik wer op hûs oan soe, siet ien oan 'e bar my mar wakker oan te stoarjen. Koe ik him earne fan? As tocht hy: as dy jas der no tusken hingje soe, dan soe ik him meinimme... Mei in glimke om 'e mûle stifele ik wer nei it drokke parkearplak. Ik soe der fêst wer ris komme, as wie't allinne mar fanwege de gemoedlike sfear.

Minsken ha echt gjin djoer guod nedich om lokkich te wurden...

Pleatst: 24-01-2010 / 11:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hakke-teen...

Wy binne serieus oan it oefenjen. It klinkt miskien nuver út it toetsenboerd fan in knoffelhakke, mar dochs is it sa! It wie wol hast healwei alven ear't wy oan 'e bar sieten om it stik nochris even oer te eidzjen. It wurdt wol hiel bysûnder...

It siet wol even gesellich. Wy fierden ús earste en slagge try-out en doe wie it samar healwei ienen. Wy moasten mar nei hûs. It wie net ferstannich dat de skriuwer fan dit en oare ferhalen sels nei hûs ta ried. Dan mar in taksy belje.

Moast miene dat der in taksy beskikber wie! De eigenaresse fan it oefenkafee hat fjouwer nûmers belle en allegearre namen se de tillefoan net op. Nuver, kinne se in fermogen fertsjinje en dan slute se wer om, litte wy sizze, seis oere. No koe ik dêr ek sliepen bliuwe, mar dat like my net in goed idee. De thússjauffeur woe my wol ophelje, hoewol se wol slop fan laitsjen wie doe't ik opbelle. Ek wer nuver. Binne jo ferstandich en dat wurde jo wer útlake.

Neidiel wie wol dat ik fan 'e moarn betiid al nei Dokkum brocht waard om de auto wer op te heljen. Hawar, ik moast dochs te trainen, dat sa slim wie dat no ek wer net. Mar dy oefenjûne spoeke my de hiele dei wol troch de holle. En de titel fan dit ferhaal hat der ek mei te krijen. Mar hoe en wat? Wy litte it mar yn 'e midden. Jimme moatte mar komme op 13 maart soe 'k sizze...

Pleatst: 22-01-2010 / 18:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

't Is FEEST!

Justerjûn hienen wy ús earste try-out fan ús nije programma 't Is FEEST yn Marrum. Dit programma giet op 13 maart o.s. yn premiêre en wy binne yn de lokkige situaasje dat wy 8 try-outs hâlde kinne. Dizze try-outs evalueerje wy elke tongersdeitejûn en dan moat der op 13 maart wat prachtichs op 'e planken stean!

Wy wienen alhiel net ûntefreden! It rûn aardich, it kloppe en de minsken wienen tefreden. It rûn noch net sa glêd, sa sa ien fan de taskôgers, mar ik ha my wol fermakke. En sa wie it krekt. Wy oefenje fierder en guon dy't no al fêst kaarten bestelle wolle foar de premiêre fan 13 maar o.s. yn it Bowlingsintrum fan Dokkum, kinne dat dwaan fia de webside fan ús kabaretduo.
Bestel hjir kaarten.

Pleatst: 17-01-2010 / 14:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sil ik alle positive saken opneame...?

Mei boppesteande retoaryske fraach kaam ik tongersdeitejûn de keamer yn. Wilma siet (?) foar de televyzje. Wy hienen dy jûn mei Klún & Knoffelhakke repeteard en foaral ek mei it lûd oefene. Jo kinne it ferhaal fan in minne generale??

Mar dat wie noch mar ien fan de positive saken. Wy hienen foar dizze repetysje ús karre meinaam nei it oefengebou yn Dokkum. Neat mis mei en dat gie dan ek poerbêst, mar de karre moast ek werom. Dizze man wie mei de auto en soe de karre helje en bringe. Doe't ik om likernôch kertier oer alven wer nei de loads taried tocht ik by mysels: ik moat derom tinke, want it is glêd en de oprit nei ús loads rint omheech, hy moat der yn ien kear goed foar! Oars slippe de tsjillen en komt der neat ûnder dak te stean.

As in betûft sjauffeur ried ik yn ien kear de karre achterút foar de loadsdoarren en optein fan safolle stjoermanskeunst soe ik de doar iepen meitsje. Mar de kaai wie yn gjin inkelde bûse te finen! Alles betaast en befielt, sels yn 'e auto wie de kaai fan de loadsdoar net te finen. Hy moast noch yn ús oefengebou lizze. Dat koe net oars. Fêst út de bûse gliden mei it ferklaaien.

Wer mei de karre achter de auto op nei it sintrum fan Dokkum. By de seal oankaam wakker op de grûn omdikerje om de kaai. Neat te sjen en dan mar nei binnen. Lokkich! De kaai wie fûn en de aardige servearster oerhandige my optein de kaai. In pak fan myn hert. Hurd de karre yn 'e loads en op nei hûs.

Mar troch de stress wie dizze sjauffeur al syn stjoermanskeunst ferleard en hy kaam net út mei de karre. Even werom en nochris besykje. En ach, dat lytse sniedún nimt in VW-transporter mei gemak! Net dus. Sa fêst as in hûs. Och, och, siet der no mar wier in vlam in de pijp dan koe ik dy snie sa fuortbaarne. Ek nearne in skep te finen yn 'e loads. Wol in hiele protte spul sa as angels, fytsen, CD's, doazen, húskes, fersterkers, klean huodden en petten, planken, boeken, mappen en sa kin ik noch wol even trochgean, mar gjin skep. As it moast it lytse boartersguodskepke wêze fan Broer syn soantsje. Mar mei dit blauwe dinkje koe ik gjin sniebergen fersette!

Der siet mar ien ding op: de karre achter de auto wei, de karre omdraaie, mei de auto de oare kant út (as hy no teminsten út 'e snie wei woe...) en mei karre en al nei hûs. Moarn wol fierder sjen. Lokkich kaam de auto los nei't de karre loskeppele wie en koe ik al glydzjend foar de karre komme. Fluch de karre wer oankeppelje en fuort fan dit Sibearyske oard!

Mar doe betocht ik my dat ik ek fan dizze kant besykje koe om de karre yn de loads te riden. Oan dizze kant wienen gjin sniedunen, allinne wie it sicht minder omdat ik achterút de bocht nimme moast en de karre allinne mar yn de spegels sjen koe! Lokkich stie de echte sjauffeur doe wer yn my op! Yn ien kear ried ik de karre de loads yn. Sûnder haperjen en sûnder slippen. Wêrom betinke jo soks net earder. Suver grutsk die ik de boel op slot en nei in oere fan slippen, foet-snieskowen en karre-ôfheakjen stapte ik oer de drompel mei boppesteande fraach.

It soe moarntejûn fêst in prachtige útfiering wurde...

Pleatst: 17-01-2010 / 13:53 oere - Reagearje? - Nei boppen

Top Thymen!

Dat is dochs prachtich, sa'n learling yn 'e klas!

Pleatst: 11-01-2010 / 23:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eko-auto... (2)

Wat de snie allegearre wol net losmeitsje kin... Klik op dizze link foar it 'orizjineel'

Pleatst: 09-01-2010 / 20:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Eko-auto...

Witte jimme it noch? Dat fan de snieman en sniefrou fan Hantum? Undertusken binne sy ferhuze nei kâldere oarden en it bankje by de brievebus is no leech.

Mar... der binne al wer nije bewenners yn ús doarpke oankaam! Alteast harren auto stiet oan 'e Smidstrjitte parkeard. Fan de besjtoerders is neat te bekennen. Fêst earne op bisite. Mar dizze nije bewenners ha wol in moai autootsje! Alles sit derop en deroan. No mar hoopje dat it net al te waarm wurdt, want dan fehuzje ek dizze minsken wer. Lokkich hâlde wy ús holle hjir altyd koel...

Klik hjir foar mear foto's.

Pleatst: 08-01-2010 / 14:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foarnimmens...

Mei tank oan: de Ljouwerter Krante & www.gocomics.com

Pleatst: 04-01-2010 / 23:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nije jier ... (2)

Faaks is it de gewoante en sjoch even achterom oan it ein fan it âlde jier. Dogge wy net echt, want yn it argyf kinne jimme 2009 noch ris hielendal neilêze. (Foar safier guon dêr ferlet fan ha mochten...)

Oan it begjin fan in nije jiergong binne der faaks ek goeie foarnimmens. Ha wy ek net echt, as it moast wêze dat wy it uterlik fan dizze side wat oanpast ha. De side is breder. Foar de leafhawwers: fan 750 px breed nei 850 px breed. En dan stiet px foar pixels. In lytse oanpassing, mar mei de hjoeddeiske brede kompjûterskermen, foel de âlde side hast hielendal wei. In hiel breed skerm en dan yn 'e midden in tryst www.vanderhei.de-ferhaaltsje...

Mar wy ha sa oan it begjin fan in nije jiergong vanderhei.de wol in lytse rubryk: Net helle! Fan dy ferhaaltsjes dy't dy it ôfrûne jier wol yn 'e holle omspoeken, mar nea op 'e side telâne kaam binne...

Sa as bygelyks it ferhaal fan de skuorkalinder. Op it húske ha wy faaks in skuorkalinder hingjen. Mei moppen, ferhaaltsjes as oare aardige saken. It ôfrûne jier hong der in reseptenkalinder deun foar dyn noas. Mei de hearlikste resepten fan de nuveraardigste yngrediïnten. Moat ik ris in ferhaaltsje oer skriuwe tocht ik dan. Soksawat as: in gerjocht fan eineboutsjes oergetten mei in sauske fan laurierblêd en gemberkorrels stopje jo yn 'e mage en sokke boutsjes komme der dan wer út... It hat de side nea helle. De resepten ha it ek nea helle trouwens, faaks moast it yn 'e oven en sa modern binne wy net...

As it ferhaal fan 'e douchecoach dy't ik ris krige fan in kollega. Dy koenen jo dan yn 'e dûs hingje. San ding soarge derfoar dat jo net langer as 5 minuten ûnder de dûs stienen. Man, wat moasten jo dan hurd. Mar it wie wol goed foar it miljeu! Op in dei klettere hy mei in protte lawaai op 'e dûsflier. Yn hûndert stikken. Want der siet sa'n sûchnapke op en fansels hâlde dat net want de jouwer fan dizze coach hie net keazen foar duorsumens... Oh ja, ik tink dat wy dit 'hebbedinkje' sa'n trije kear brûkt ha. Moai net, om soks wei te jaan. De gemeente Tytsjerksteradiel, leau'k. En is dat net de grienste gemeente fan Fryslân? Kin my trouwens net foarstelle dat harren amtners moarns mar fiif minuten ûnder de dûs steane. De doucecoach hat it nije jier net helle, mar it ferhaal it âlde jier net...

Liket my wol in aardich boargerynisjatyf: wy jouwe de gemeenten in verzoekcoach, in loketcoach en in procedurecoach. Kinne se moai ophingje yn harren ûnbige gemeentehûs. In fersyk mei net langer dan twa wiken ûnderweis wêze, by it loket wurde jo binnen de minuut holpen en in oanfraachproseduere is binne in wike ôfhannele.

Mar ik bin bang dat ek dit it nije jier net hellet...

Pleatst: 03-01-2010 / 17:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

In nij jier...

Samar wer in protte snie, ik moast fan 'e weromstuit snieskowe. By ús yn 'e strjitte wie Rinse oan 'e gong. Kompleet mei in kroade fol sâlt, in skep en in snieskower. Rinse wie in hiel ein út 'e buert fan syn hûs. En op 'e fraach oft ús buorfrou him frege hie oft hy strjitfeije woe, sei hy: 'Nee, dat doch ik út myssels, dat kinne ús âldere doarpsgenoaten sels net dwaan...'
In moai gebaar fan Rinse!

Pleatst: 02-01-2010 / 21:00 oere - Reagearje? - Nei boppen