Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Exit RedBull...

Der binne sa'n protte aardige dingen bard...
(Ut it log fan juster)

Wy hienen it fan 'e moarn sa moai yn 'e holle. As tank foar alle bôle, broadsjes, krintepofkes en beskuten soenen wy Bakker Braaksma yn Oentsjerk in kadootsje en in boskje blommen bringe. Foar it foarlêsontbijt op skoalle hie dizze bakker al it iten fergees beskikber steld. Twa bern mei en krekt foar de pauze wer thús.

De bern ha altyd de grutste wille as se by ús yn 'e Golf stappe. Hoe âld is de auto no master? Foar de bern sis ik altyd dat it ús reade Ferrari is... No ja, docht der allegearre ek net ta mar wy hienen krekt útrekkene hoe âld ús Redbull no wol net wie. Sa'n 20 jier. En sa keuvelden wy moai nei Oentsjerk.

Op it krúspunt by E10 stie in trekker mei kiper foarsorteard yn it rjochter foarsortearfak. Wy moasten rjochttroch en it ljocht stie op grien. Even wat gast derby en wy kinne moai trochride, der wie net in auto foar ús. Doe die de trekkersjauffeur alles fout wat hy mar fout dwaan koe. Yn earsten mocht hy hielendal net op dit krúspunt komme, hy hie earder rjochtsôfslaan moatten nei de paralleldyk en hy sloech links ôf! Hy soe it fytspaad, ja jimme lêze it goed, it fytspaad op om syn lading hekkelôffal dêr te leegjen. Oars moast hy sa'n ein omride... Hy hie it sa drok mei it nimmen fan de bocht, dat hy my net oankommen seach. Dêrom stie hy ek rjochts foarsorteard, oars koe hy de bocht net krije... En hy hie syn bûtenspegel ek noch nei binnen klapt. BATS! Boppenop syn linker foartsjil. Wy stuiterden troch de auto, lokkich sieten wy yn 'e riemen, ien fan de bern gûle en de motorkap dûbeld.

Dêr steane jo dan. Ferkear hielendal fêst. Lokkich joech de sjauffeur fuorten'daliks syn skuld ta. Koe ek hast net oars. Hy mocht dêr gewoan net komme lit stean oer it fytspaad ride! Mar wy sitte der mar mei. Gjin RedBull mear, want dy is total loss en wer in hiele protte drokte. Wy sille sjen hoe't it ôfrint mei de fersekering. Fêst gjin genôch foar in oare. Takom wike mar op 'e fyts, want dat skynt hiel sûn te wêzen...
Klik hjir foar mear foto's.

Wichtigste is dat wy allegearre neat ha!

Pleatst: 30-01-2009 / 14:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

In fak apart...

Even wachtsje mei de 11-stêden hjer, der binne sa'n protte aardige dingen bard. Boppedat is de winter ek noch net om...

Yn it ramt fan ús foarlêsprojekt op skoalle, like it ús wol aardich ek lês ris foar foar in oare groep. Dat ik yn myn entûsjasme nei groep 1 en 2. No, dat wie in foarstelling op himsels. De bern prate wakker mei en belibje it hiele aventoer fol fjoer. Dat master rekke ek alhiel yn 'e besnijing fan it spannende ferhaal. En krekt as stie ik foar in seal fol minsken, ik libbe my hielendal út. Seit ien fan 'e bern doe't ik de side omsloech: 'Wat roept u luid...'

Tsja, dat krije jo derfan as jo gjin ferstân fan beukers ha. Dy earme stakkerts binne sa'n razende master net wûn. Juffer flústert de hiele dei hiel hoeden en kalm. Dat mar hoopje dat de bern net oerstjoer thús kaam binne. No liket it op 'e foto krekt as sit der mar ien berntsje yn 'e klasse. Mar dit is it 'hulpke' dy mei altyd ticht by juffer sitte. De oare bern sitte wat fierderop yn 'e kring. No, dat famke hie de moarn fan ha libben. Se sil wol nei dokter moatte fanwege piipjende earen...

Pleatst: 29-01-2009 / 20:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

de Bosma's...

Ferline jier op it doarpsfeest fan Aldemardum troffen wy by in optreden fan ús kabaret, Tsjeard en Joke. As ynwenners fan dit moaie Gaasterlânske doarp, mochten se dit optreden net misse fansels. Tsjeard en Joke kin ik fan froeger, wy ha byelkoar op klup sitten. De klup fan tsjerke yn Balk. In prachtige tiid!
Wy ha doe op it gesellige doarpsfeest in hiel skoft meielkoar praat en oan it ein fan it petear beloofde Tsjeard dat hy nochris by in optreden fan ús komme soe!

En Tsjeard hat wurd hâlden! Want sneontejûn, doe't wy optrede moasten yn Terkaple kaam der in hiele ploech Bosma's út Gaasterlân oansetten. Wol 15 man sterk. De frou, de bern, syn broer mei frou en bern, ja sels beppe wie mei! It wie wer hiel gesellich en it wie in geweldich optreden. Kin ek hast net misse mei safolle fleurige minsken, wy hearden Tsjeard boppe alles út laitsjen.

Ik bin even yn 'e argiven dûkt en ik ha in foto fan ús klup fûn. Mei in protte Bosma's. It aardige is, dat de foto makke is yn it doarpshûs fan Aldemardum, itselde plak dêr't wy ferline jier optreden ha. Ik kin my noch heuge dat wy op de jûn fan 'e foto fiere dat wy de earste priis wûn ha. It wie in kreative jûn foar klups út 'e regio mei sketskes en toaniel en wy waarden earst. Koe ek hast net oars mei safolle gesellige minsken. Ik soe sizze: Proast Johnny! (Nee, ik bin net yn 'e war, dat is de broer fan Tsjeard dy't sneontejûn ek mei wie...) Op 'e gesellige jûn fan doe en dy fan sneontejûn!

Moaie âlderwetske bierfleskes...

Pleatst: 26-01-2009 / 21:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Boalsert

Ek wer sa'n stêd... Dêr ha'k ek net safolle mei. Wilma hat dêr op skoalle sitten en wy gienen der froeger wolris hinne te stappen. Ek ha'k ik yn Boalsert myn earste boete hân nei't ik myn rydbewiis helle hie. Te hurd riden. Wy waarden wol kjel, want doe waarden wy noch âlderwetsk oanhâlden. Neat gjin stikeme brief fan it CJIB.

Wy ha nochris yn Boalsert west om de alvestêdetocht te fytsen en om mei Rûm Sop de bestjoersleden fan dy alvestêdefytsferiening ta te sjongen, mar fierder... neat. Mar wer even klune hie'k tocht...

Kin ik my noch heuge: de earste fytsalvestêdetocht. Wy op 'e tandem op reis nei Harns. Begûn it my dochs te reinen! Wy hienen neat by ús fansels, ha wy by in tankstasjon grutte grize jiskepûden weihelle. Kamen wy dochs noch droech yn Harns oan... De pûden wienen fergees. Dochs aardich fan de pompman...

Pleatst: 24-01-2009 / 16:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Warkum

Fan alle 11 stêden is Warkum dochs wol de aldermoaiste! Mar ris goed neitinke wêrom dat sa is. Wy meitsje der gjin priisfraach fan, want ik tink dat hast elkenien dit wol wit.

Us pake sei altyd: 'Sa lang as Warkum...'

Pleatst: 23-01-2009 / 22:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Piamaparty?

Even ôfwike fan de alvestêderûte...

Moat dat no sa? Us kommissaris ûntfange yn 'e piama? Sjoch foar de achtergrûn fan dit ferklaaifeest op Wâldnet en op de side fan ús skoalle www.itlemieren.nl.

Pleatst: 21-01-2009 / 22:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Hylpen

Fart myn man foar skipper, sei Wilma, dan far ik foar stjurman...

Pleatst: 20-01-2009 / 12:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Starum

It mantsje fan Starum dy kin hast net ien
Want hy lei al wakker jong ûnder in stien
Syn widdo ferbruide it sa fits en sa boas
Hie hy it no better dien, yn elts gefal oars, oars
Yn elts gefal oars...

Dit ferske fan Irolt sit my mar yn 'e holle as ik oan Starum tink. Mear gedachten oer dizze stêd ha'k ek hast net, as it moat it ferhaal oer it harmoanium wêze...
Froeger wurke in dominy út Starum by ús heit yn 'e saak. It wie wat in smel en wyt mantsje. In weiten hin, sa soene jo wol sizze kinne... Hy wurke derby, oars koe hy syn stúdzje net betelje, want hy wie noch net hielendal klear.

No hie hy op syn stúdzjekeamer yn Kampen in harmoanium stean en dat moast nei syn hûs yn Starum. Dominy hie heard dat wy in buske hienen. Dat beroemde buske fan ús, dêr't ik yn it ferline al ris wat oer skreaun ha. Dat wy moasten foar in pear sinten it harmoanium mei ús buske mar út Kampen helje.
Tegearre mei in maat op nei Kampen, mar al wat yn't buske passe, it traapharmoanium net! Dat kaam omdat de buskes froeger de motor achteryn hienen en op dat plak op 'e laadflier dus in ferheging wie. Boppedat sieten der banken yn ús buske, it wie eins ek net bedoeld om fracht mei te ferfieren.

Mar froeger seagen wy net sa krekt, dat it harmoanium yn 'e bus mei de skodoar iepen. In tou derom en it harmoanium heal ta de bus út. Lokkich wie it droech en de fracht kaam sûnder skea yn Starum oan. Dominy wie mar wat bliid! No koe hy yn Starum ek 'Hijgend hert der jacht ontkomen' spylje. Ik leau dat wy der 25 gûne foar krigen ha.

Mear wit ik net oer Starum. Oh ja, dêr wennet ek noch in nicht fan my. En wy ha der ris mei ús freonen op ús jierlikse freonendei hinne west op 'e fyts. Doe is ûndersteande foto makke. Op 'e foto de widdo 'sa fits en sa boas...'

Pleatst: 19-01-2009 / 20:15 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Sleat

Yn myn jeugd wenne ús toskedokter yn Sleat. It wie in frou en dat wie nei de beul fan Balk in hiele opluchting. De Balkster bekkebeul prottele en foetere, die alles sûnder ferdôving en brûkte in boar sûnder wetterkoeling. Dat wienen nochris tiden... Dan wie frou toskedokter hiel oars. Dy hie har sprekkeamer fol bernetekeningen hingjen en se hie it altyd oer 'Ga maar zitten lieverd...'

Ik kin my noch heuge dat der op in kear in âld mantsje yn de wachtkeamer siet. Hy moast in nij gebit ha, mar syn âlde wie neffes him noch prima. En om de oanwêzigen te oertsjoegjen fan syn gelyk, helle hy spontaan syn gebit út 'e mûle en liet it oan de hiele wachtkeamer sjen. 'Sa skjin as de brân, sjogge jimme wol?! Ik doch it alle wiken in kear yn it bleekwetter. Eins hoech ik net in nij gebit, mar it passet net sa goed mear...'
Myn lotgenoaten seagen de man ferheard oan en tochten mar ien ding: man, doch dat ding wer yn 'e mûle!

Dit frjemde foarfal is my altyd bybleaun en it hat my ynspirearre ta in skets mei in toskedokter yn ús tredde programma Kommersjeel. Allinne liet ik de man syn gebit net skjinmeitsje mei bleekwetter, mar mei WC-Eend. 'Want, sa sei hy, dan kinne jo moai yn 'e hoekjes komme...'

Pleatst: 14-01-2009 / 17:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Drylts

De taskôgers oan de kant begjinne te reagearjen mei opbeurende oanmoedigingen...

"Fersin ik my no as slacht de âlderdom in bytsje ta?"

Mar hawar, wy binne yn Drylts oankaam. En dêr kin ik neat oer fertelle. Ik kin my net heuge dat ik ea yn dizze stêd west bin. Miskien ris trochhinne riden, mar ek dêr wit ik neat mear fan. Dat wy moatte no mar even klune. Oer de stikken flierbedekking op nei Sleat!

No't ik it oer klunen ha. Sneontejûn, as better sein saterdeitejûn, ha wy mei ús kabaret in optreden fersoarge foar de Westereender keaplju. Miskien is it ek wol Westereinder, ik wit net krekt, it leit dêr wat gefoelich. It optreden wie yn de Zilveren Maan. Binne wy al earder west en wy ha by Herre en Frederieka dan ek in bêst plak. It optreden wie geweldich en wy ha in hiele noflike jûn hân.

Ik bin it mei de lêzer iens, it hat neat mei Drylts te krijen, mar jo moatte dochs wat as jo neat witte...

Pleatst: 13-01-2009 / 14:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Snits

Oer Snits soenen wy wol in boek skriuwe kinne! Yn myn jeugd wie Snits myn twadde wenplak. Omke en tante dy't dêr wennen en dêr't ik wol gauris útfanhuze, njoggen jier nei skoalle reizige, alle dagen wer mei de bus. De earste skarreltsjes, feestjes en útspattingen. Alles draaide tusken myn tolfde en ienentwintigste om Snits...

Op it Bogerman College ha ik it eins nea echt nei myn sin hân. It wie ien grutte, ûnpersoanlike learfabryk, mei in razende rektor yn 'e hal. De rûtes fan en nei de lokalen wienen mei pylken oanjûn en op guon treppen wie der ienrjochtingsferkear. De Him, dêr't ik nei de HAFU hinne gie, wie it tsjinoerstelde: in gouden tiid! In prachtige skoalle mei in geweldige sfear. Wy ha der beide opsitten en wy sjogge der mei nocht op werom. Kin ek hast net oars, want op 'e Him ha wy elkoar moete. Wy steane dan ek beide op de ûnderste foto.

Snits wie ek ús stappersplak. De Ludabar, de Kopermolen, de Lichtboei, de Witte Kat, it binne legendaryske nammen út in fier ferline. Jimme begripe, yn Snits leit in part fan myn libben...

No ûnderweis nei Drylts. Dêr moate wy klune...


Pleatst: 10-01-2009 / 14:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Ljouwert

In moaie start! Want wy binne sa'n tritich jier lyn tegearre ek begûn yn Ljouwert. Yn in lyts flatsje earne yn Heechterp. Op 'e foto op 'e twadde etaazje en earne yn 'e midden. Net sa'n foarname buert, mar ach, wy pasten dêr krekt thús...

Wy hienen it dêr o sa nei ús sin. Wilma wurke dêr oan in skoalle en ik wie der by yn lutsen. Foardiel wie dat wy alles by de hân hienen. Bioskoop? Gjin probleem, der gau hinne. Even winkelje, nei teater? En dat allegearre sûnder auto. In eintsje kuierje as op de fyts, wy wienen samar te plak. Herman Douwe is ek yn Ljouwert berne en it koe moai yn ús lytse flatsje, wy wienen de kening te ryk! Wa docht je wat en wy wienen ek alhiel net fan plan en gean nei Hantum. Hantum? Nea fan heard...

Aanst by de einstreek fertelle wy mear oer Ljouwert, want as it goed is, komme wy dêr aanst ek wer út. No earst mar op reis nei Snits...

Pleatst: 09-01-2009 / 16:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden (yntro)

Jo wurde der hast sêd fan. Alvestêdetocht dit en alvestêdetocht dat. Jo hoege de radio as TV mar oan te setten as der is wol wer wat oer de 'Tocht der Tochten' foar. Fansels, de feriening bestiet hûndert jier en dêr mei bêst wat oandacht oan bestege wurde, mar jo kinne ek oerdriuwe. Pyt wer freegje as hy komt as net, Friezen dy't lulk binne om't der in skip troch it iis fearn is en in idioat út de Hommerts dy't sanedich de toch ride moat. De helte op 'e fyts en troch it iis sakke, mar hy hat him riden. En fansels meie de kamera's dan net ûntbrekke...

Oan 'e oare kant hat sa'n tocht fansels ek wol wat. It is dochs hiel bysûnder foar ús provinsje en dêr meie wy bêst tige grutsk op wêze. De kâns dat ik sels de tocht op redens ryd, is fansels nihyl, mar wa wit wer ris op 'e fyts. Want ek dat is in hiele prachtige tocht troch ús moaie provinsje. Ik ha de fytstocht ien (en in heal kear...) meimakke.

No like it my wol aardig en gean de kommende tiid op myn weblog wer op alvestêdetocht. Mar dan in tocht mei ferhalen en persoanlike oantinkens oan de 11 Fryske stêden. Soene wy de einstreek helje, dogge wy alle stêden oan? Ik bin benijd, ik wit noch net krekt wat it oplevert en as wy ek klune moatte. Gean mar mei soe 'k sizze...

Foardiel is dat ik de kommende 11 kear wis bin fan ynspiraasje...

Op redens sjocht men gjin luie lju...

Pleatst: 08-01-2009 / 12:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ja, ja, ja...

De trouwe lêzers waarden al ûngerêst:

We zijn al 2009 hoor!! Krijgen we ook weer eens een nieuwe update? Nu weten we niet eens wat er gaande is in Hantum...snik snik...
Groetjes Herman Douwe en Elbrich

Dan fuort ek mar mei in oare aardige reaksje op ien fan myn logjes begjinne. De bêste man is oan it sykjen west en freege him it folgjende ôf (en op de stipkes moat in bekende namme ynfold wurde):

Is dat die ... , die op Schouwen en Duiveland ooit zijn onderbroek en schoenen in het vuur heeft gegooid? Ik ben niet de jeugd-, maar de jeugdverleider.
Groeten, Paul

Fansels gjin idee wêr't Paul it oer hie, mar it levere wol in aardige e-mailwiksel op:

Hallo Paul,
Dat is toch wel een hele bijzonder reactie op een stukje van mijn weblog... We hebben eerlijk gezegd geen idee waar je het over hebt, het zal dan waarschijnlijk ook een andere ... zijn die jij bedoelt. Toch knap dat je het Fries hebt kunnen lezen... ;-) En mocht je verder op zoek zijn naar deze ietwat pyromane figuur, dan heel veel succes toegewenst!
Met vriendelijke groet, Hendrik van der Heide

En Paul skreau:

Hoi Hendrik,
Toch nog even een reactie. Na lezing van van je Weblog meende ik het spoor van ..., een Rotterdammer met roots in Friesland, kleinkunsternaar bij ons in de regio (Rotterdam), te kunnen oppikken. Niet dus. Ik ga gewoon verder zoeken. Toch bedankt voor je reactie en.... Nou ja, jullie zullen in het Noorden wel aangestoken zijn door de schaatskoorts, maar dan waarschijnlijk gehuld in een extra warme "Jaeger"-onderbroek.
Eveneens met vriendelijke groet, Paul

Dat fan dy 'schaatskoorts' falt hjir by ús yn 'e hûs wol wat ta, mar de lêste reaksje fan Paul wie dochs wol hiel aardich. Dat jout wer moed foar in nije jiergong!

Trouwens,
een hardstikke goede site en weblog. Daarmede vergeleken is ie van mij modder...
Nogmaals groeten, Paul

Pleatst: 07-01-2009 / 18:00 oere - Reagearje? - Nei boppen