Aukje…

 

Yn it blog fan 1 febrewaris hie ik it oer de martelkeamer fan de toskedokter út myn jeugd. Noch krekt gjin trauma, mar it wie der net fier fan ôf…

 

Tafallich moast ik dyselde wike ek wer nei de toskedokter. Dental-soarch hjit dat hjoed oan de dei.

 

Wilens ik doetiids bibberjend fan de senuwen en mei stekkerige eagen rjochting de martelkeamer gie, is der hjoed oan de dei gjin sprake mear fan senuwen as stress. Net dat ik sjongendewize nei Dokkum toarkje, nee, dat no ek wer net, mar it makket my net mear safolle út. Ik bin sa stadichoan hiel wat wend. Myn âlde tosken ha al hiel wat meimakke, dat ik sit nearne mear oer yn: it komt wol goed!

 

Mar wat in ferskil mei doetiids! Yn earsten al it plak fan de praktyk. In kreas en fersoarge gebou, moai ljocht en modern ynrjochte, mei sels foar de wachtsjenden in telefyzje dy’t altiten oan stiet. De programma’s dy’t toand wurde binne neutraal, want de toskedokter hat my ea ris ferteld dat hy klachten krige hie doe’t der in natuerfilm te sjen wie wêryn wylde bisten proaidieren mei ham en gram ferskuorden en opsmikkelen. Dat koe fansels net! Fandêr tsjintwurdich wat neatsizzende reisprogramma’s dy’t moaie oarden, hotels en swimbaden sjen litte. De fakânsjebestimmingen fan ús dentalsoargers sille wy mar sizze…

 

Gjin donker wachthoal en lytse, tsjustere behannelkeammerkes lyk as froeger…

 

Ek komt der gjin eange man mear om ‘e hoeke mei in bril op it puntsje fan syn noas dy’t brimstich núndert: Wa folget? Nee, der komt in aardich famke nei jo ta dy’t freonlik ropt: Menear Van der Heide! Menear… toe mar.

 

Ik kaam yn ‘e kunde mei in nije meiwurkster fan de praktyk. Noch krekt gjin ôfstudearre toskedokter, mar it skeelde mar in pear diploma’s. Sy mocht al hiel wat hannelingen útfiere. De fiertaal wie Frysk, al sa moai en it die bliken dat Aukje fan Damwâld kaam. Har pake wie doetiids de bekende útbater fan de Krúswei.

 

By har pake kamen wy froeger in protte. Nei in optreden even by Willem oan. Dan praten wy in pypfol en dan makke Willem altiten noch wat lekkers foar ús. By it ôfrekkenjen stie hy dan hiel gewichtich boppen sy skriuwblok en nei wat hinne en wer rekkenjen klapte hy altiten de pinne op it skriuwblok en sei steefêst: Eh, doch mar fjouwer tientsjes… (As in oar rûn bedrach…)

 

Aukje hie de gastfrijens fan har pake. Se prate hûndertút, lei alles wat se die kreas út en stelde jo oh sa op jo gemak. En sa no en dan lei se guodlik in hân op it skouder. It wie sa noflik dat ik sels mei de mûle fol ark reagearre. Alhiel fergetten dat jo mei in iepen toskedoktersmûle fansels net prate kinne.

 

Aukje wie oh sa tefreden, it seach der moai en rêstich út, sa wie har diagnoaze. En nei’t wy in nije ôfspraak makke hiene, gie ik fleurich wer op hûs oan. Man, man, wat is der yn dy sechstich jier wat feroare. Lokkich mar…

 

Ik hearde noch krekt net: Ach doch mar 15 tientsjes… Mei in klappende pinne as achtergrûnlûd. De rekken wurdt alhiel 

automatysk troch it systeem opmakke. Dy komt fansels, dêr hoecht Aukje net nei om te sjen. Sadwaande wie it dizze moarn suver in lyts feestje…

 

Hu? Sei ik dat?

 

 

 

 

 

Pleatst: 24-02-2024 - 16:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ferrassing…


Even nei de plee… Senuwen? ’t Sil wol. In moaie seal fol yn de Krúswei yn Damwâld. Sjoch ik foar de spegel nei rjochts: Hu? Wat in prachtige poster hie de aktiviteitenkommisje meitsje litten as oankundiging foar ús optreden. Ik mocht him nei ôfrin meinimme fan de kommisje, foar it plakboek.

Us jûn koe net mear stikken. It waard in geweldige foarstelling!

Pleatst: 02-02-2024 - 21:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Altiten mar wachtsje…

 

Foarige wike moast ek by in ynstânsje efkes wachtsje. In noflik plakje en jo mochten sels jo kofje pakke. De automaat stie klear, wol even in kopke derûnder dwaan en in kar meitsje út al dy kofjesoarten…

 

Smakket altiten wer goed… (dochs?!)

 

In pear tellen letter kaam der in mem yn, mei trije bern. Ek sy moasten wachtsje. Mar kofje hoegden sy net. Want mem pakte de tas út. Elk bern krige in tablet, in trompke mei lekkers en in pakje mei drinken dêr’t de berntsjes sels in rytsje yn prutse moasten. En stil wie it. Allegearre drok dwaande mei it skerm, ynklusyf mem.

 

60 Jier ferlyn. Ik moast nei de toskedokter. Thús stiene my de triennen al yn de eachhoeken. En achter op ‘e fyts fan mem skoden wy Balk yn, nei de sigaresaak dêr’t yn in lyts keammerke de toskedokter syn laboratoarium hie. Martelkeamer, dat past better.

 

As wy gelok hiene, wiene wy earst oan bar, want nei de tiid moast ik wer nei skoalle. Frij freegje? Dat wie der net by. De wachtkeamer wie yn myn belibbing in tsjuster hok. Mûsstil namen wy yn in hoekje plak, wachtsjend op de toskedokter. Deselde toskedokter dy’t by ús mem it hiele gebit derút lutsen hie doe’t se 18 jier wie. En dat leed woe ús mem ús as bern besparje…

 

Mar der kaam oar leed foar yn’t plak. Bibberjend sieten wy te wachtsjen op de toskedokter dy’t altiten mei in brimstich gesicht om ‘e hoeke kaam, mei syn bril op it puntsje fan syn noas en dan de meast benearjende wurden ea útspruts: Wa folget? Altiten hope ik dat ik dat net wie, mar Hampy bygelyks. In buertgenoat. (Hampy wie syn bynamme, soks koe doe noch…) Hampy siet op in middei ek ris triljend mei in krante foar syn noas te wachtsjen op de toanleaze oprop fan de toskedokter.

 

Mar ik kaam der nea ûnderút en gûlend toffele ik hoeden achter de toskedokter oan. De bêste man wie o sa bernfreonlik want syn iepeningssin wie steefêst: Ach jonge, hâld op fan âljen, ik ha dy noch neat dien…

 

Gjin skerm, gjin pakje drinken, gjin trompke mei lekkers lit stean boartersguod as Donald Duckjes yn in hoeke fan de wachtkeamer..

 

Mar al myn eigen tosken ha ik noch, lit dat in skrale treast wêze nei safolle jierren fan berneleed. Miskien kin ik dat no nochris oankaarte. By de NPO dogge se dat ek. Grinsoergeand gedrach, ja sa hjit dat!

 

(No ja, alle tosken…)

 

 

 

 

 

Pleatst: 01-02-2024 - 16:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024