Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Try-out...

Op dit stuit binne wy drok dwaande mei ús achtste show. Dikke Maten hjit de foarstelling.

It moaiste is om de show út te probearjen mei publyk yn de seal. Dêrom hiene wy mei de eigenaresse fan de Posthoorn (it plak dêr't wy altiten oefenje) ôfpraat dat wy by harren yn de boppeseal in try-out foarstelling hâlde soene. Wy mochten allegearre wat kunde útnoegje...

Yn it earstoan tochten wy dat it mei de belangstelling wol wat tafalle soe, in man as 30 soe genôch wêze. Mar oh heden, doe't wy de jûnes fan te foaren oan it tellen giene, die bliken dat der hiel wat op ôf kaam wiene! Wol hast 80 man sieten yn de seal!

Neidiel is dan wol dat de achtersten jo mar foar de helte sjogge. Want wy spilen op like hichte as de seal. Doetiids wie der wol in poadium yn de boppeseal, mar dat wie derút helle, dêr wiene no (tink ik) keamers fan makke.

Mar nettsjinsteande it heale sicht, ha wy in prachtige jûne hân en mei al de advizen, oanwizingen en tips kinne wy de foarstelling allinne mar moaier meitsje!

De permiêre is op 16 septimber o.s. Hâld de webside fan Klún & Knoffelhakke yn 'e gaten foar nijs en it bestellen fan kaarten...

Pleatst: 22-02-2017 / 22:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

De stofsûger...

It hat ús in stofsûger koste. Al dy oanpasserij… Want se kamen te pas en te ûnpas. Dan wer in wike achterelkoar en dan wer in pear dagen net ien… En altiten mar wer in stofboel achterlitte.

Dit soe ik ek ynfolle yn de enkête fan de wenningbouferiening. Want dy moasten wy ynfolje nei oanlieding fan de oanpassingen. Mar se wiene tûk west, want by opmerkingen koene jo mar in beheind oantal wurden yntikke. Wiene it tefolle, dan siet it formulier fêst en koene jo net fierder. Se sille wol tocht ha, wy wolle gjin lange preken… Boppedat in hiele protte saken koene jo net iens kwyt yn de enkête. Sa as planning bygelyks. Wiene jo te sprekken oer de planning? As sokssawat…

Nee dus, dy planners diene mar wat, sa't ik al sei; te pas en te ûnpas en wy mar túchslobberje… Krekt as dizze Pyt Kit stikjes… Dan wer in pear achterelkoar en dan samar wer in wike neat…

Dat Wilma hjoed om in nije stofsûger út. Yn it ferline makke ik se noch wolris. Dan die ik der bygelyks nije skoepen yn. Ik ha ris yn in stofsûger nije skoepen dien dy't krekt in bytsje te grut wiene. Se pasten wol, mar de stofsûger wie krekt in F16. Man, wat in leven. En hy sûge sa bot, je kamen net iens foarút mei de slang. Dy siet hielendal fêst op it kleed. Dy stofsûger hat it dus ek net lang folhâlden. Doe stoartte dizze F16 del…

Dat ik bin der mar net oan begûn. Wy sille ús âld sûger wol misse, wy hiene him al mear as 25 jier. Hy foldie bêst, mar ja, al dat stof, seachsel, kitresten en pypskûm is him tefolle wurden.

Wilma koe der amper in doaske sûgersekken by krije. Nee frou, dizze is sa skerp oan 'e priis, dat kinne wy net dwaan. It wie neffens de ferkeaper in koopje. Se hiene in pallet fol mei dizze sûgers en koene se no foar in moai pryske yn de winkel sette… Wilma woe in blauwe, mar it waard in swarte, de blauwe wiene op. Se koe der wol in spuitbuske blauwe ferve by krije…

Healwiis praat… It fergees doaske sekken kaam der dus wol by! Boppedat… Skerp oan 'e priis? Dat kloppe ek net. Op it ynternet binne se noch wol wat goedkeaper te finen

Dat wy kinne wer slobberje… Thús wonen is: Samen gezellig stofzuigen bij een knusse verbouwing.

Pleatst: 11-02-2017 / 17:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bysûnder...

De beppesizzers binne wol gauris mei nei de hynders. En wat is der dan moaier om even op it hynder te sitten en dan even mei syn allen in slach om... Beppe it hynder oan de leie en de beppesizzer as in echte Anky op de hynsterêch...

Faaks is it itselde blokje om. Oer it brechje en dan sa wer op nei de stâl... It hynder stapt altiten sa oer it brechje, sy is dat wol wend.

Wylst it brechje tichteby kaam, tocht beppe: As wy aanst it brechje opstappe, moat de lytse faam der net ôffalle, dan leit se yn it wetter. (No kin se goed swimme, witte jimme noch wol?) Mar sa'n ûngemakje is sa'n o-heden. Mar ach, it hynder is fertroud, it sil wol goed gean...

Mar doe't se it brechje opstappe soenen, sei it hynder ho...! Wat krije wy no? Toe je, trochstappe. Oars fljochst der ek altiten sa oer... Mar it hynder die gjin stap en bleau stean wêr't sy stie.

Wacht ris! Wat hie beppe ek alwer tocht? Earst de beppesizzer mar even fan it hynder. En ja hjer... Dêr stapte se deagemoedereard oer de brêge.

Is dat net bysûnder? Dat beppe en it hynder tegearre sa goed op de beppesizzer passe?!


Hjir stiet de beppesizzer op mei it oare hynder. Ek sa'n moai span...

Pleatst: 08-02-2017 / 23:47 oere - Reagearje? - Nei boppen