www.praatmarfrysk.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's.
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum
Dyxlog

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Hoekstra Flowers
Geboorte-idee


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:
CoffeeCup - HTML Editor- Flash - Web Design Software

Frysk foar net Friezen...

Yn it ferline hie 'k al ris op dit weblog in stikje skreun oer de trouwerij fan myn kollega. Dat wie om presys te wêzen op 26 april 2008. No wenje myn kollega en har man al wer hast in jier tige nei't sin yn Feanwâlden. En dat wie foar har man in hiele oergong. Fan Hollân nei ús moaie Fryslân, oan 'e oare kant fan de Iselmar...

No hearde ik ôfrûne wike dat har man ek op Fryske les sit. Want hy docht alle war om ús moaie taal yn 'e macht te krijen. No slagget dat al aardich en jo hoege dan ek net mear yn it Hollânsk tsjin him te praten. De earste module fan de ynboargeringskursus is helle om samar te sizzen... No is hy drok dwaande met it lêzen fan ús memmetaal en no hearde ik ek dat hy om te oefenjen regelmjittich dizze side lêst.

Ik sjoch it al foar my... Op in skimerige jûn, nei't iten de kompjûter oan en op nei www.vanderhei.de. En dan mar lûdop lêze foar it byldskerm. 'Zandman en Sikke wat is dat nu weer en wat is de Nederlandse vertaling van RedBull?!' En as hy der net útkomt, dan moat myn kollega helpe. Sjogge jimme se dêr tegearre sitten? Krekt as yn 'e klasse. De bern hakkelje yn de earste wurdsjes om en juf stipet sa no en dan en wiist de wurdsjes oan. 'Hookfoor, kun je dat eten? Wat heeft dat met de hutspot van C1000 te maken?' Ach ja, ús Fryske taal is net altyd maklik. Sa sei yn it ferline ús nije dûmny ris tsjin my (hy wie ek wakker Frysk oan it learen) 'Nu hebben jullie in hân, in hûn en in hin... en dan moet ik dat allemaal maar uitelkaar houden...'

No ha 'k myn kollega tasein, dat ik spesjaal foar har man in stikje op myn log skriuwe soe. Hjirby dus... Soe'k him ek húswurk jaan kinne? Soksawat as stjoer my per e-mail de Nederlânske oersetting fan dit stikje? En as ekstra opdracht set de Nederlânske stikjes yn dit ferhaal oer yn it Frysk? As komt dat pas by module 23 oan bar?

Wy litte se mar even harsenskrabje. Ek sa'n moai wurd foar net Friezen...

Pleatst: 27-02-2009 / 13:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oh, wat ha jo dan in wille net...

Justerjûn moasten wy oefenje mei ús koar. No ja oefenje... it is mear in manljusklup. Gesellich prate mei hjir en dêr in bierke...

No ha twa fan ús koarleden tegearre in boat kocht en dy binne se oan it opknappen. Jo moatte dochs wat dwaan mei jo frije tiid. Se binne beide al út it wurk en ha dêrom, krekt as Noach, in boat yn 'e tún lizzen. Se meitsje him no seeweardich, want it giet aanst mâl, neffes de twa matroazen. Se fregen my at ik wol ruten sette koe, want dat woe net sa't sy dat woenen. Goeie fraach oan in skoalmaster. Kinne jo ek ruten sette? Mei myn antwurd as it ek wettertich wêze moast, hienen se fuort wol yn 'e gaten dat it ruten setten neat waard.

Se hienen ek al in namme foar de boat betocht. Bliksem soe hy hjitte, want de langste matroas stjitte iderkear syn holle as hy yn it foarûnder oan it wurk wie. Dat dy krachterm skalde wit hoe faak troch de kajút en dat fûnen se dan ek wol in tapaslike namme. Mar de oare begûn no dochs wat te twifeljen, want mem soe it skip dope en dat soe dan al wat nuver klinke. 'Ik doop u Bliksem en ik wens u een behouden vaart...'

Jimme begripe, it nivo wie wer tige heech justerjûn. Wy hienen op it lêst de triennen yn 'e eagen fan it laitsjen. Kin ek hast net oars, minsken fan 'e klaai dy't in boat bouwe. Dat past eins net. En elkenien, en ek dat is krekt as yn it ferhaal fan Noach, fynt dan ek dat dy twa doarpsgenoaten net wiis binne!

No sjonge wy ek shanty's en as jo dan sjonge:
Ik ha in seeman kennen,
Dy foer de wrâld yn't rûn
Hy hie yn't âlde Fryslân
In leaflik famke fûn (2x)
Dan ha jo al nuvere gedachten as jo tinke oan de twa kapteinen fan it skip dêr't de ruten net echt fan pasje...

Mei koarten wurdt it skip te wetter litten. Ik leau dat wy allegearre útnoege wurde foar dit feest. Dan giet dit skip it Rûm(e) Sop yn en dan kin de wrâldreis mar in oanfang nimme...

Pleatst: 25-02-2009 / 22:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

RedBull 2!

Pleatst: 21-02-2009 / 18:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Finish!

Fia ynternet ha 'k de nije CD fan Sânman & Sikke besteld. En oars wol oaremoarn... In prachtige CD mei moaie mearstemmige ferskes. Se binne twa jier lyn yn ús doarpshûs west op in frijwilligersjûn. Fanôf dat momint bin ik in grutte fan fan dizze groep út Warkum. Hoe tapaslik stiet der in liet oer de alvestêdefinish op. Fia dizze link kinne jimme dat nûmer beharkje. Finish Bonkefeart.

Mar hoe komme wy as súdwesthoeksters no fia Ljouwert yn Hantum telâne? Yn 'e omjouwing fan Dokkum?! Wy sochten beide wurk en wy hienen ôfpraat, de earste dy't fan ús oannaam waard, dêr geane wy, as it nedich is, hinne. Sa stie der in advertinsje foar de Hantumerhoeke yn it Frysk Deiblêd. Dat sil yn 'e winter fan 1980 west wêze. Hurd noch in brief skriuwe, hy koe noch krekt op 'e bus, want de jûnes krigen wy besite.

In wike letter: tillefoan. It besjoer fan de Kr. Nasj. Skoalle fan Hantum ca. Se woenen wolris lâns komme. Se pakten it wat oars as oars oan en lieten de sollisitanten net by harren komme, mar dienen it oarsom. Man, dat wie panyk! It hiele hûs oprûmje, stofje, alles moast wol kreas wêze foar de grutte delegaasje. Deiblêd boppenop yn de krantebak, Veronica gids by it âld papier en sa sieten wy klear foar de karkommisje...

Ynienen skeat it Wilma yn 't sin, dat de bernewein noch yn 'e hal stie. Flak by de foardoar en dêrtroch wie it mar krap en koe de doar mar amper iepen. De wein moast yn 'e sliepkeamer, jo wisten mar noait hoe breed de Hantumers ca. wienen. Mar dat ha wy dochs mar net dien, want se moasten júst de yndruk krije dat wy hjir mar lyts wennen, want yn 'e advertinsje stie dat der in hûs beskikber wie.

Wy ha noflik sitten en wy ha, tink ik, in goeie yndruk makke, want ik waard útnoege foar in proefles. De gefolgen binne bekend. Aardich wie noch dat Daan Toren, doe't se wer fuort soenen, de keuken ynfleach en op syn Daansk sei: 'Hoe komme wy hjir wer út?!' Ik tink dat dit foarfal de trochslach jûn hat, want doe't se thús wienen ha se fêst tsjinelkoar sein: 'Dizze aardige jongelju moatte wy út dy earme buert en dizze ferdoarne stêd weihelje!'

Wa sil it sizze. It is wol sa dat wy hjir no al wer sa'n tritich jier en tige nei't sin wenje. En dat no net de man, mar de frou foar de klasse stiet op de fjouwerHoeke. Soenen se dat doe ek al witten ha??

Wolle jimme alle 11-stêdeferhalen nochris neilêze? Sjoch dan by dizze link: 11-Stêden.

Pleatst: 19-02-2009 / 13:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ofskie...

Sa trof ik him juster oan by de garaazje. In bytsje tryst. Mar syn opfolger is yn oantocht!

Pleatst: 17-02-2008 / 16:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Dokkum

Elkenien sit fansels te wachtsjen op it ferhaal fan Dokkum. Want dat is dochs ien fan de alve stêden dêr't wy sa stadichoan it faakst komme! Eins kinne wy dêr wol in webside oer fol skriuwe. Oer ús winkeltsjes yn Dokkum, oer it stappen yn de Refter en de Zaak, de toskedokter, de kunde en de famylje dy't dêr wennet, ach wêr moatte wy begjinne?

Litte wy mar wer ris yn it ferline begjinne. Dokkum wie foar ús út Gaasterlân wei in wrâldreis. Wy kamen dêrom eins ek nea yn dizze noardlikste stêd fan ús provinsje. Om't wy yn 1979 kampioen waarden mei ús follybalteam, moasten wy promoasjewedstriden spylje yn Dokkum. Yn sporthal de Doelstien. Wy ferdwaalden hopeleas. It wie allegearre ienrjochting en wy binne hiel Dokkum trochflein. Lokkich wienen wy noch wol op 'e tiid. Twadde besyk oan dizze regio wie by myn sollisitaasje hjir yn Hantum. Ik tocht dat ferdwalen oerkomt my net wer - wy hienen noch gjin ynternet en TomTom - dat moai op 'e tiid rjochting Nova Zembla. Fierstente betiid ried ik Hantum yn. Wol in heal oere te betiid. Bin yn ús keverke earst mar wat troch de buorren riden. Soenen wy hjir telâne komme? Ja dus. En dus ek tichtby Dokkum.

En no kinne wy hast alle strjitten fan Dokkum, kinne wy sa it paad fine en reitsje wy net mear fertize yn al dy ienrjochtingsstrjitten. In moaie stêd, want alles kinne wy dêr keapje. Wy hoege om ús net nei Ljouwert as Drachten. As it net yn Dokkum is, dan mar fia ynternet. Ek it postautootsje fan TNT wit it paad sa njonkelytsen nei it hege noarden te finen...

En sa soenen wy noch wol even trochgean kinne, ferhalen genôch. Mar wy litte it mar sa, wy moatte noch wat krêften oerhâlde foar de lêste kilometers. Bergsma fan de boekhannel hat krekt myn kaartsje stimpele en de EHBO-ers ha myn blieren noch even beplakt. Sa kin ik it krekt helje. Sjen oft wy noch in aardige foto ha en dan op nei de Bonkefeart!

Pleatst: 17-02-2009 / 16:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hokfoar stamppot nimme wy?

Pleatst: 14-02-2009 / 15:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Frentsjer

Trochsette!
Krekt as Drylts ha wy neat mei dizze stêd. Dat wy kinne hurd trochride. Noch krekt even in pear noaten fan it dweilorkest opfange en op nei Dokkum!

Hoewol... no't ik der even oer neitink lizze der dochs noch wat ferhalen yn Frentsjer. De optredens yn Blomketerp foar buertferiening 'het Oosten'. En dat by it ôfbrekken fan it poadium ús it systeemplafond temjitte kaam. Fansels de besite oan de PC en de revance-PC. It prachtige en smûke teater de Koornbeurs. En ik ha dêr in neeft te wenjen hân. Mei myn oeare neef, wy binne like âld, binne wy wolris in pear dagen nei syn broer yn Frentsjer útfanhûs west. De grutte neef mocht graach tafeltennisje en wy ha yn dy fakânsjes hiel wat by him ôftennise.

Ach... Frentsjer is sa gek noch net...

Pleatst: 14-02-2009 / 13:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alde doaze...

Wat is dat dochs in geputs. Fan de fideo op 'e PC en dan wer ynpakke yn MPEG-4 formaat foar Youtube... Mar wol wer aardich, even werom yn 'e tiid. It sil yn 1997 west wêze. It hier wie noch donker...

Pleatst: 13-02-2009 / 18:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

In oanriding...

Plysjerapport, skeaformulier, kopie diel 3, situaasjeskets, rydbewiisnûmer, rjochtsbystân, tillefoantsjes, auto's regelje, taxi nimme, nei de skuldige om formulier yn te foljen, foto's ôfdrukke, noch mar ris belje, formulieren ynskanne, digitaal oanjefte dwaan, 'informatieformulier schade', fersekering belje, dossiernûmer, kenteken ynleverje, skea-ekspêr ôfspraak meitsje, poalisnûmer, garaazje belje om in oare auto, hierauto, auto giet net troch: te djoer. En noch mar in wike wachtsje...

Pleatst: 10-02-2009 / 22:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Lyts en grut...

No sizze se wolris dat in by ús yn it noarden fan Fryslân sa keal en sa wiids is, mar yn 'e omkriten fan Wolsum kinne se der ek wat fan...

Yn dit moaie lytse doarpke moasten wy juster mei Klún & Knoffelhakke optrede foar de ynwenners fan dit doarpke tusken Boalsert en Blauhús. 30% Fan alle ynwenners wienen yn it hiele lytse doarpshûs oanwêzich. En dat is in grut oantal as jimme witte dat der yn Wolsum sa'n 150 minsken wenje. Om't der gjin plak wie foar de tafels, moasten dy by buorman yn 'e garaazje setten wurde. En wy moasten derom tinke dat wy net te hurd rûnen, oars stapten wy oan 'e oare kant sa wer fan it wol hiele lytse poadium ôf. Maar it waard in boppeslach yn dit lytste doarpshûs fan Fryslân...

Aardich wie, dat wy holpen waarden troch de grutste frijwilliger fan Fryslân. Man, wat wie dy keardel grut. Hy seach oer alles hinne en hy hifke mei gemak ús koffers op om se yn 'e karre te setten. De karre dy't wy achter de auto wei helje moasten, oars koe de karre troch it lytse steegje net by it doarpshûs komme. Doe't de karre wer nei de auto ta treaun wurde moast, sette Broer de reus foar del. 'Ik moast it swierste wurk dwaan? sa wie syn kommentaar. Mar Broer, skerp as altyd sei: 'Fansels, mar do hast it lichem der ek foar...'

Pleatst: 08-02-2009 / 15:29 oere - Reagearje? - Nei boppen

11-Stêden - Harns

It is dochs goed om de alvestêdetocht ôf te meitsjen. It is alwer even lyn, mar wy moatte al trochsette! It is krekt as by de echte tocht, jo komme yn in dip, it sit tsjin, it wol even net mear en jo tinke: wêr bin ik oan begûn!

As ik oan Harns tink, dan tink ik oan myn jeugd. Myn legereskoallejeugd om krekt te wêzen. Hiel wat tiid ha'k yn Harns trochbrocht. Utfanhûs by myn omke en tante en myn neven en nichten. Myn omke hie in betonfabryk. Haitsma om krekt te wêzen. Se wennen dêr prachtich yn Harns, hienen yn ús ferbylding in hiel grut hûs mei sels in apart boarterskeamerke foar de bern.

Mar it moaiste wie dochs it boartsjen op it grutte fabryktsterrein. Allegearre loadsen, betonynstallaasjes, bulten sân en grind. Wy koenen ús mar útlibje. Myn neven en ik wienen dan ek hast de hiele dei op dit terrein te finen. Letter krigen se ek noch in polyester boatsje. Mei oanhangmotor. Se wennen oan it kanaal en op dat kanaal ha wy hiel wat boattochtsjes makke. En dan fiskje mei kokkels, want ek dy fabryk lei oan dat kanaal.

Ik ha dêr ek noch ris in ûngemakje hân. By it boartsjen foel in hiele grauwe betonplaat op myn foet. Panyk! En myn myn neef hat my op in soarte fan molkkarke nei hûs ta brocht. Hoeden de learzens út en op nei dokter. Ik wit net krekt mear wat dokter dien hat, mar ik ha noch wol in groede ûnder de foet sitten. Lokkich ha'k der neat oan oer hâlden. Allinne mar goede herinneringen oan dizze bysûndere stêd...

Pleatst: 06-02-2009 / 11:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

'Ter bemoediging...'

Moai dat safolle minsken meilibje mei it ûngemak fan ôfrûne freed. In protte fragen, in protte útlis oer de tadracht en in protte bliide minsken omdat it allegearre sa goed ôfrûn is.

Ien fan de bern dy't ek by it ûngelok yn 'e auto siet, kaam mei in moaie kaart oansetten. Foar master. En ek noch hiel tapaslik. Dochs moedich, want eins hie hy in kaartsje krije moatten foar de skrik. En eins hie dat kaartsje ek noch fan de trekkersjauffeur komme moatten. Mar ach, ien dy't sokke domme flaters makket, tinkt ek hjir net oar nei...

Pleatst: 03-02-2009 / 22:58 oere - Reagearje? - Nei boppen