Boomer...


Let op 'e jûn fan twadde Krystdei seach ik op de telefyzje nei in prachtige foarstelling fan Diederik van Vleuten. Hy fertelde it ferhaal fan syn âldomke, omke Jan. Diederik naam my mei nei de koloniale tiid yn Nederlânsk Yndië, want dêr libbe omke Jan foar it grutste part fan syn libben. It wie in prachtich en meislepend ferhaal.


En wat waarden je in protte gewaar oer ús koloniale tiid, dêr yn dat fiere lânsdiel. Dêr koe gjin skiednisboek tsjin op!

Moai dat in ferhaal sa boeie kin, suver spitich dat der nei sa'n twa oeren in ein oan kaam...


It die my tinken oan de ferhalen op skoalle. Ik mocht graach ferhalen fertelle. Bytiden siet ik wol hast in heal oere yn de kring. En dan libbe ik my hielendal út. Lokkich mocht der op kristlike skoallen in protte ferteld wurde. Hast elke moarn in Bibelferhaal. Oer Joazef, Moazes as David en Goliat.


Mar ek fantasijferhalen wiene favoryt. Om't wy yn myn begjintiid net safolle boeken hiene om út les te jaan, betocht ik faaks sels ferhaaltsjes as ynlieding op bygelyks in kreative aktiviteit. Meastal gie it oer Wopke. In fiktyf jonkje dat fan alles úthelle. Guon âlders seine: Wa is Wopke? As: Ha jimme in nij jonkje yn 'e klasse?


Mar stadich ferdwûnen de ferhalen út it klaslokaal. Want jo moasten gebrûk meitsje fan it direkte ynstruksjemodel. Jo moasten effektyf de leartiid brûke. Moarns betiid wiene de bern op harren bêst (neffens de gelearden) en dan moasten der wichtige lessen jûn wurde. Jo moasten begjinne mei lêzen. Dat om healwei njoggenen sieten de bern al mei harren noas yn 'e boeken en it bibelferhaal ferhuze nei it lêste kertierke fan de moarntiid. En omdat 15 minuten foar my mar in hiel koart skoftke is, begûn ik op it lêst de ferhalen mar foar te lêzen. En Wopke ferhuze nei it grutte ûnderwiis argyf...


Mar by de skiednislessen koe ik noch wol ris myn hert ophelje. En as dan de skiednis fan de foarige iuw sintraal stie, koe ik my wer hielendal útlibje, want ik hie sels in grut part fan dizze iuw meimakke...


Ik sei wolris út de gek tsjin de ûnderwiisfernijers, dy't by boskjes de skoalle ynkamen: Fan de droege-direkte-ynstruksje-lessen, witte de bern neat mear, mar de ferhalen fan master syn jeugd witte se hast allegearre noch. Dat die ek wol bliken út in ôfskiedsbrief fan ien fan de learlingen:


Meester is een goede man (haha) meester was vaak heel vrolijk en geschiedenis was meester de beste in. Iedereen luisterde aandachtig naar meesters mooie verhalen over meesters kattekwaad en over de motors, ik weet het nog allemaal... (Anna)


Mar ek nei oanlieding fan it ferhaal fan omke Jan fan Diederik van Vleuten kaam dat fertellen op de skoallen op it aljemint. Yn in krantestikje oer dizze foarstelling kaam ik de folgjende mieningen tsjin: (it ferhaal is hjir yn syn gehiel te lêzen...)


Als de leraar niks meer vertelt, ben je ook niet onder de indruk... De leraar is sinds de Tweede Fase een primus inter pares geworden, in plaats van een onbereikbare gezaghebbende inspiratiebron... Ik hoop van harte dat leraren weer gaan vertellen... (Iris Koppe)


Het lijkt erop dat er nog maar weinig verhalenvertellers over zijn. Dat heeft ongetwijfeld ook te maken met de snelheid waarmee alles moet worden gezegd. Bijna alles gaat in 140 leestekens... Waan je weer op de basisschool, waar meester bij een schoolprent zo een uur vol lult...

(Hugo Borst)


Op twadde Krystdei hiene se my frege om yn it bernekrystfeest it ferhaal fan Vadertje Panov te fertellen. Fansels woe ik dat wol dwaan. Moai, wer even echt fertelle... Guon tochten dat ik it ferhaal gewoan foarlêze soe. Nee, fansels net, de wichtichste eleminten út it ferhaal yn de holle printsje en dan mei de harkers op reis, mei Pake Panov de moaiste dei fan syn libben belibje.


En dat slagge lokkich goed...

NRC - oktober 2010 - Klaas Koppe

Pleatst: 28–12-2019  - 16:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pleatst: 15 -12-2019  - 17:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Elts mei graach kompjûterje…


Kompjûter oan, earst in update. Earst update ôfwachtsje eart men fjirder kin.

Mar in update komt nea allinne, ek de firusskenner moat update wurde. Wer in kertier fierder...


Telefoan stikken. Op 'e nij ynstallearje. Slagget goed. Mar koades fan SIM-kaart nearne te finen. Ek de PUK-koade is net mear te achterheljen. Twa dagen fierder...


Oare kompjûter jout oan: Er staat een update voor u klaar. Wol net ynstallearje. PC rint fêst en moat op 'e nij opstart wurde. Earst mar bakje kofje...


Mail ynstelle by indoarpsgenoat. Presys sa dien as de beskriuwing, mar wurket net. Allegearre foutmeldingen...


Sa'n 25 jier lyn sei de doetiidse kompjûterkursuslieder: As it net wol, set him út en besykje it de folgjende dei mar wer. Mar de folgjende deis begjint it ferhaal wer fan foaren ôf oan...


En it is dat ik kompjuterjen leuk fyn en soks graach ûtsykje mei, mar bytiden soene jo de boel der by del goaie...








In persoanlike webside

h@vanderhei.de