Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Krystferhaal...

Ferline jier is der by it opromjen in lampke fan de krystferljochting sneuvele. Lokkich stie der mei grutte letters op 'e doaze 8 watt 2.5 volt. Want om dat mei myn lêsbrileagen fan it fittinkje fan sa'n lyts lampke te dikerjen falt ek net ta. Op nei de Gamma. Want ek dat stie mei grutte letters op 'e doaze. Twa jier lyn hienen wy se dêr weihelle, wy woenen bûten ek noch wat ferljochting ha. Om't ik rjochting Dokkum moast, krige ik noch wat opdrachten mei. Bestellingen oanhelje foar de krystdagen, dy soenen fêst klearlizze. Ach, kin yn deselde loop, wy ha in pear dagen frij en dan ha jo soks wol oan tiid...

Lês fierder >>

Pleatst: 23-12-2009 / 23:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

De (snie) frou fan Hantum...

Hy kin syn eagen der net fanôf hâlde en ús snieman sit no hielendal mei de holle omkeard. Auto's stopje en elkenien makket foto's. Neffes de mem fan ien fan de makkers hiene se ryk wurde kinnen at se foar elke foto in euro freege hienen. Mar wêrom sjocht de snieman fan Hantum him de eagen út 'e holle? Klik hjir foar it antwurd...

De makkers ha wakker wille hân en se ha o sa oan it striken west. Oan't jûns let wienen se oan it wurk. Nuver, mar as der froulju yn 't spul komme, dan binne de mannen net te hâlden. Neffes ien fan de makkers kloppe it fan achteren net alhiel, mar dat kaam, sa sei hy, omdat dizze jongkeardel (noch) gjin ferstân hie fan froulju...

No sille der aanst ek wol bern komme tink?

Pleatst: 23-12-2009 / 14:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

De (snie) man fan Hantum... (2)

In aardich berjocht. Moarn mar even mei it fototastel op 'n paad om te sjen oft it wier is...

Pleatst: 23-12-2009 / 00:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

De (snie) man fan Hantum...

Prachtich! Dêr sit Ysbrand de Vries op it bankje by ús yn it doarp te bekommen fan syn fytstochtsje troch it Hantumerleech. Hy hat krekt op it boerd njonken him sjoen wêr't hy lâns moat nei de noardlikste alvestêdestêd Dokkum. No mar hoopje dat it net teiwaar wurdt...
Klik hjir op Ysbrand better te besjen. Mei de komplimenten foar de makkers!

Pleatst: 21-12-2009 / 14:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sniewille...

Pleatst: 20-12-2009 / 20:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tot ziens!

De mem fan Mieneke is regelmjittich as frijwilligster yn it Lichtpunt te Kollumersweach oan it wurk. Ofrûne wike wie se mei de boeken oan 'e gong. Ien fan 'e berneboeken foel iepen en se die in bysûndere ûntdekking!

As der doetiids in bern fan de fjouwerHoeke nei in oare skoalle ta gie fanwege bygelyks in ferhuzing, dan krige dizze learling as ôfskie in boekje. In moai kaartsje foaryn en al ús nammen der op. En dan mei grutte letters Tot ziens! derûnder, want fansels hoopten je dat je elkoar nochris tsjinkomme soenen.

No, wy binne elkoar wer tsjinkaam! Allinne net de persoan, mar it boekje. Sa te sjen wie it boekje nea lêzen, it wie noch sa geef as kryt. Hoe lang it lyn is? Oan de nammen te sjen sa'n 10 oan't 12 jier. De namme fan de learling stie ek noch op kaartsje. Dat ha wy fanwege de privacy mar fuort helle... Ek tafallich, dat dit boek no krekt iepenfoel!

Boeken en bokken, hoefolle skeelt it?

Pleatst: 20-12-2009 / 18:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snie...

'Dit weer is heerlijk, als je thuis bent en verder niks te doen hebt...,' sa sei in kollega juster doe't wy mei de tariedingen foar ús krystfiering dwaande wienen. In dêrmei sloech se de spiker op 'e kop! Want wy seagen de (snie)bui al hingjen: alles ynsnijd, telefoantsjes fan ûngerêste âlders, bern dy't net komme koenen en alle muoite foar neat. Alles stie klear yn tsjerke doe't Fryslân ûnder in tichte tekken fan wite snie kaam te lizzen. De bern fûnen it prachtich en woenen allinne mar bûten boartsje, mar de kollega's sieten der mar oer yn. Wat sille wy dwaan?

Omdat ik yn Nova Zembla wenje, woenen se my mar nei hûs ta ha. Nei de fiering soe ik it hege noarden net mear berikke kinne en neffes ús direkteur soe ik ûnmooglik by de terp opkomme kinne. Ik ha al even twivele, mar ik tocht by mysels as ik no om fiif oere nei hûs ta skarrelje as om tsien oere, beide kearen wurdt it dreech... De krystfiering is trochgien en de tsjerke siet grôtfol. Alle bern, op in pear bern nei dy't in hiel ein bûtenút wennen, wienen der en wy ha in moaie en smûke fiering hân.

Ferline jier duorre de fiering neffes ús wat te koart en hy moast no fan 't jier wat langer. No, dat ha wy witten. Oardel oere ha wy yn tsjerke sitten. Mar it wie it wurdich! De bern ha o sa harren bêst dien. En omdat it sa ôfwikseljend wie, fleach de tiid om en koenen wy om likernoch healwei njoggenen fan in hearlik waarm kopke poeiermolke genietsje en neiprate oer al dat wurk dat der ferset wie.

Nei it oprûmjen ha wy by in kollega noch even noflik in hapke en in drankje hân en ha wy it der noch even oer hân. Mar doe moast dochs de reis om 'e noard in oanfang nimme. Achternei wie ik bliid dat ik net earder nei hûs ta gien bin. Want it snijde net mear, de diken wienen al wer wat opfleure en der wie net in oare auto te sjen. Sa koe ik moai trochhobbelje, koe ik links ride omdat oan dy kant de dyk better wie en hie ik gjin lêst fan ferkeardsdielnimmers dy't deun op dy ride omdat se fine datsto dochs te stadich rydst. Ik ha der in oere oer dien. De diken wienen oer it algemien striemin, mar ik bin feilich thúskaam.

En hjoed ha ik dien wat myn kollega yn 'e earste rigel al foarstelde. Mei de keamerjas oan en de sûkelaadsjes út it krystpakket njonken my. De televyzje oan en de rollade prutteljend en hearlik rûkend op 'e achtergrûn...

Pleatst: 18-12-2009 / 19:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

De man fan...

'Jo komme my sa bekend foar,' sei de kassiêre fan GroenRijk doe't ik in string krystljochtsjes by har ôfrekkene. Ik groeide wol in heale meter...

Fansels kom ik har bekend foar... Ik bin aardich bekend, ik stean rûnom op 'e planken en dan binne jo in bekende Fries. 'Dat kin wol kloppe, dat sizze se wol faker tsjin my,' sa wie myn antwurd. Ik hâlde it mar wat beskieden.

Mar op in stuit skeat it har yn 't sin! 'Binne jo net de man fan Wilma?'
Dêr stie ús ferneamde Fries wer mei beide fuotten op 'e grûn. De túnsintrummeiwurkster wie in hynderleafhawwer. En se koe Wilma fan de men- en hyndertochten. En ik sil ea ris in kear mei west wêze.

Ja de man, ja de man, ja de man de man fan Wilma... 2x
La, lalalala la... La lalalala la...

Wize: De mem fan Doutzen - Strawelte

La-nge noas??

Pleatst: 15-12-2009 / 20:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

De oargelist...

'No mar hoopje dat wy jûn net tsjin syn auto oanride mei it ynladen fan 'e karre...'

Dizze opmerking makke Herman Douwe doe't wy justerjûn oan it opbouwen wienen yn kafee de Freonskip yn Blauhús. En mei syn doelde hy op de oargelist dy't syn spul ek klear setten hie. En fansels ek wer deun foar it poadium...

Wy ha wat mei oargelisten. Fan dy ienmansorkesten dy't soksoarte fan kabaretjûnen opfleurje. Op kritejûnen om utens binne it faaks de ienichste muzikanten dy't se fine kinne. Dy helje op sokke jûnen dan ek alles út 'e kast. No ja, spilen se mar ris wat fan de Kast. Dan hearden jo ek ris wat oar repertoire. Mar nee hjer, it is de Wâldsang, it Dockumer Lokaeltsje, Simmermoarn en it Feintsje fan Menaam. Mar oer de grins fine se soks prachtich, dêr tinke se dat der nei Tetman de Vries gjin Fryske muzyk mear makke is.

Yn it begjin fan ús karriêre moasten wy ris optrede yn Westergeast. Net oer de grins, mar wol in oargelist. Hy spile de hiele seal leech en elk stie op't lêst yn 'e bar. Wy ek fansels... Earme man, wy hearden him op 'e achtergrûn wol spyljen foar in pear man. Se hienen de doar fan 'e bar al tichtdien, sadat syn muzyk de sfear yn 'e bar net fersteure soe. En dan dy opmerkingen oer dy iensume firtuoas op syn âlderwetsk hammondoargeltsje. 'Geane jim hast fuort? As heart dy man net by jimme...?!' as 'Jammer dat dat oargeltsje gjin tsjiltsjes hat, oars soenen wy him der sa útrôlje kinne...' Jimme begripe, it wie grut feest dêr yn 'e bar.

In pear jier letter, ek wer yn Westergeast. Ek wer in man mei in oargeltsje. Dit kear hie hy syn frou meinaam. Sy fersoarge it fokale gedielte fan dit yllústere muzikale duo. Ik wit net mear krekt hoe't de muzyk klonk, mar it sil fêst wer gesellich west ha, want yn Westergeast kinne se der wat fan. By it ynladen fan ús karre, gie it wat mis. Ien fan ús koe de karre net mear hâlde, want wy hienen him fanwege it krappe parkearplak fan de auto ôfheakke en hy moast omheech treaun wurde en it rûn dêr wat omheech. Mei in lyts gonkje knalde ús karre tsjin it foarspatboerd fan in auto dy't, sa as bliken die, fan ús muzikanten wie. In aardige dûk yn it spatboerd.

De sjongeres, sûnder namme, wie poer! Sy raasde alles byelkoar en woe de plysje mar warskôgje. Lokkich koene wy har wat delbêdzje en wy kamen oerien dat ik de wike dêrop by harren komme soe om it skeafoarmulier yn te foljen. Se wennen yn Muntsjesyl, dat wie noch te dwaan fanút Hantum.

Sa't wy ôfpraat hienen siet ik dy wike dêrop by harren yn 'e hûs om de papieren yn oarder te meitsjen. De oargelist wie in fleurich mantsje. Hy liet my syn garaazje sjen. Dêr stie net syn yndûkte auto yn, mar hy hie de garaazje omboud ta studio. Mei oargels, keyboards, boksen, bânrekorders en oar muzikaal materiaal. Hoewol... der wie gjin muzyknoat te finen. Doe't ik him dêr nei frege sei hy dat hy alles út 'e holle spile. By in nij nûmer naam hy dat earst op en dan spile hy krekt salang mei dat hy it út 'e holle spylje koe. Ik bin jaloersk op sokke minsken...

Nei de hantekeningen ha wy it der noch even oer hân. . It is no net dat ik dêr de hiele jûn sitten ha, dat is ek wer wat oerdreaun, mar it praat wie besteklik. Boppedat wie de oargelist net rjocht halich, dat dy gie nei de ynfolsessy mar op bêd. De saak wie oplost en mei in goed gefoel bin ik werom gien nei Hantum. En de sjongeres hie dizze jûn ek in namme krigen!

Amper in wike letter. In roukaart troch de brievebus. De persoan op 'e kaart koenen wy earst net thúsbringe mar de ferstoarne man kaam út Muntsjesyl. Doe gie my in ljocht op! It wie ús oargelist! Syn frou sil wol tocht ha, wy hawwe noch in saak te rinnen en dan moatte jo al op 'e hichte wêze fan sok tryst nijs. Lokkich hat de fersekering alles yn oarder makke, mar it wie wol hiel bysûnder...

'No mar hoopje dat wy jûn net tsjin syn auto oanride mei it ynladen fan 'e karre...'
It kaam allegearre wer boppe...

(De man op 'e foto hat neat te krijen mei de oargelisten út it ferhaal. Mar hy passet wol moai yn it profyl...)

Pleatst: 12-12-2009 / 21:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Groetnis út 'e rimboe...

Justerjûn nei it wurk winske in kollega my in goed wykein. Hiel gewoan en neat bysûnders. Boppedat winske se my ek noch in hiele goeie Sinteklaas. En ek dat wie moai en tapaslik, want it wie hast 5 desimber is't net sa?! Mar doe kaam it. Se heakke der noch wat oan ta. En dat sette my oan it tinken...

Een goed weekend en een hele goeie Sinterklaas. Of vieren jullie dat ook niet...
Hoe soenen wy dat no net fiere?! Hoe komme guon dêr no by?

Myn kollega fynt it mar nuver dat wy yn in lyts doarpke wenje, gjin Libellehûs ha, dat wy de nuchtere kant it neist binne en dat wy simmerdeis noait op fakânsje gean. Soe dat it referinsjekader wêze fan har opmerking?

Ik spatte fuort fjoer. En ik rôp har achternei: Ja, ja, wy wenje yn in úthoeke, dêr dogge se soks net. Wy ha bonkjes troch de noas en stopje Swarte Piten yn in kookpot en dûnsje dêr de hiele jûn omhinne!!

Of vieren jullie dat ook niet...
Jimme wolle net witte wat wy allegearre wol net fiere...

Skeat my wol dat ferske yn 't sin. Fan Sinteklaas dy't skipbrek hat en dy't oanspield op in tsjuster eilân earne yn 'e buert fan 'e evener. Omdat Sinteklaas der yn ferliking mei de ynlanners wol hiel bysûnder útsjocht, sette se him midden yn 'e rûnte en dûnsje en sjonge om him hinne:

Znapje hoe, znapje hoe, znapje, znapje hoe
Klaashier kom, Klaashier kom, Klaashierkom
Metzoon ouwe skuit, ouwe skuit
Met zoon ouwe skuit, ouwe skuit
Hoofie viel eruit, wat zie jij eruit
Hoofie viel eruit, wat zie jij eruit...

Sjogge jimme it foar jim? En dan de kollega yn 'e pot en wy derom hinne mei spearen en trommels. It boarst bleat en de oarlochskleuren op...

Pleatst: 04-12-2009 / 18:42 oere - Reagearje? - Nei boppen