www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's & filmkes
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Yngrave...

Doe't ik flak foar de krystfakânsje by de kapper siet, sei ik, nei't de kapster klear wie: 'Sa, no graaf ik my 14 dagen yn en kom ik net foar it ljocht. Boppedat ha wy in pôle snie en elk warskôget dat wy der net út komme moatte...' Nettsjinsteande dat in tige freonlik âld froutsje, dat njonken my siet (mei de krolspjelden yn 't hier) tsjin my sei: 'Dat moatte jo net dwaan hjer, mei sa'n moai kapsel...' Is dizze foarsizzing aardich útkaam.

Ik lês sûnt in hiele tiid wer ris in boek! Dat boek hie 'k op 'e Sinteklaas krigen: IJsland fan Ronald Giphart. In moai boek. Fandêr dat it ek wat stil is op dizze side. Eh no, ek wol ris goed. Altyd achter de PC jout allinne mar fjouwerkante eagen.

By bol.com seach ik dat jo dit boek foar in pear sinten ek delhelje kinne om it digitaal op jo e-reader te lêzen. Dat liket my wol wat foar de takomst. Takom jier mar in iPad op de jierdei as op Sinteklaas?

It boek begjint wol aardich. De haadfiguer giet mei in lyts sylboatsje oer de Sleattemermar troch Balk nei de Wyldemerk. '... Teaske wilde graag via het Slotermeer en het fascinerende dorpje Balk doorsteken naar een plas genaamd de Wyldemerk...'
Fassinearjend plakje dus dêr't ik opgroeid bin. Wol grappich, want de ferteller komt mei syn oansteande leafde op in eilantsje telâne, yn de Wyldemerk. En op dat eilantsje fûnen se in lyts hutsje. Nuver dat wy froeger dat hutsje nea ûntdekt ha, dan hie ik ek moaie aventoeren belibje kind....

Hawar, no fertel ik fansels net de hiele ynhâld fan it boek. Jimme moatte it boek sels mar ris lêze soe 'k sizze. Mar sadra 't it iis teit is, gean ik mei Wilma yn in boatsje troch de Luts op nei de Wyldemerk! Mar it sille wol hynders wurde tink...

Pleatst: 29-12-2010 / 18:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystkaartewaar...(2)

De keuken hinget al fol mei moaie krystkaarten en ek fia de mail en Hyves komme ferskate kaarten binnen. Wy wolle dan ek net achterbliuwe...
Foar alle lêzers: Klik hjir foar ús krystwinsk!

Pleatst: 24-12-2010 / 15:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oh berenburg...

De doarbel gie hjoed. De foarsitter fan brommeclub Skeane Jabik stie foar de doar mei in flesse berenburg yn 'e hân. 'Dizze is foar Hendrik en dizze moat foar de kryst al even op...,' sa sei de o sa aardige foarsitter.

No sil dat wol net slagje, dat opdrinken bedoel ik, mar it gebaar is prachtich! Yn it ôfrûne jier ha ik in webside makke foar dizze pleatslike brommerclub en omdat it foar it doarp is, wol ik der neat foar ha. Boppedat is de side ek noch net hielendal kompleet. Mar ik ha wer aardich wat materiaal krigen, dat meikoarten is der wer hiel wat te lêzen en te sjen op www.skeane-jabik.nl.

Nuver, mar sa'n flesse docht my altyd wer tinken oan it ferske fan Jarje, Oh Berenburg... Sa'n tritich jier lyn song dizze sjonggroep dit ferske in pear kear op de brulloft fan ien fan myn maten en ek doe wie it by ús fuort al in hit! En doe't ik dit ferske ris heare liet op in feestje fan ús buorlju, it wie noch de tiid fan LP's, rekke dit ferske dy jûnes net mear út ús hollen en it soarge foar in geweldige feeststimming!

Moai, sa'n flesse-berenburg-gebaar. Dat is my mear wurdich as, litte wy sizze, in pôle jild. Lokkich kin soks noch by ús yn 't doarp. En dêr nim ik jûn ek ien op. Mar wy hâlde it by ien! Want oars wurdt it echt in skeane Jabik...

Pleatst: 23-12-2010 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

De eko-kraan...

Dat is dochs ek wat! De kraan yn 'e dûs lekte. Drip...drip...drip... Moast der in nije kraan op! Ik koe mei gjin mooglikheid de kraan útelkoar krije foar in nij learke. 'Ik belje de wenningbouferiening wol,' sei Wilma 'As wy op dy wachtsje moatte kostet ús dat wol trije kob oan wetter.'

En dêr stie Sjouke fan 'e middei al by ús yn 'e hûs. Sjouke wurket by Tsjnst (nee gjin tikflater, mar modern gedoch...) mei in formulierke yn 'e hân. It wie krekt as by de Wegenwacht. Wy wienen net lid fan it servicefûns en wy moasten earst tekenje foar 1 euro 40 yn 'e moanne, oars woe Sjouke de kraan net reparearje. 'Mar ja,' sei Sjouke 'Keapje mar ris in nije kraan by de Gamma, kinne jo ek in jier foar yn it servicefûns.'

Fansels hjitte de man net fan Sjouke, syn namme wie Sake, mar hy like sprekend op in typke út ien fan ús kabaretfoarstellingen. Sjouke, de klusjesman fan boer Kuperus, út ús fiifde programma. It wie in echte Sjouke. Net allinne yn uterlik mar ek yn dwaan en litten.

Hy moast earst om in nije kraan út nei Dokkum. 'Wy ha noch wol ien yn it magazyn lizzen...' Mar Sjouke woe net achterom doe't wy it wetter derôf hienen en der in grut haadkranagat foar de foardoar lei. Fierstente fier om, lis it lûk der earst mar wer op, sei Sjouke.

Doe't Sjouke nei in heal oere werom kaam mei in grutte blaue kranedoaze, gie syn telefoan. Hy hie wol in tapaslike rintone. In sirkelseage, man ik waard der suver kjel fan. It die bliken dat Sjouke syn salarisstrookje fûn wie. Hy hie dat yn it magazyn lizze litten doe't hy op syk wie nei in nije kraan.

It duorre net lang of Sjouke hie de kraan oansluten, in eko-kraan neffens Sjouke. En wylst wy syn wurk noch even evalueerden, fertelde Sjouke my dat hy ea ris de boel ferkeard oansluten hie. It wetter oan de gasbuis en in gas oan de wetterkraan. Hy moast der noch om laitsje. Lokkich die de gasmeter it noch, sa eindige hy syn anekdoate.

Wilma woe hast in bakje kofje foar him sette, mar ik koe har tsjinhâlde. Want as hy krekt sa wie as de Sjouke út ús foarstelling, dan hienen wy oan ien pot kofje net genôch. Sûnder kofje sette Sjouke ôf, op nei in folgjende klus. Twa tellen letter belle Sjouke wer oan. Hy wie in dopsleuteltsje kwyt, hy hie al syn bûsen neisocht, mar koe it net fine. Ek boppen yn 'e dûs wie gjin sleuteltsje te bekennen. No ja sei Sjouke, miskien ha ik it ek wol yn 'e tabakspûde dien.

Dat wy ha no in nije (eko) kraan, binne lid fan út servicefûns en wy ha gjin gedrip mear yn 'e dûs. En Sake hat ús ek noch ferteld hoe't wy sa'n kraan útelkoar helje moatte. Der sit in lyts merkje op, dat moat derôf en dan kinne jo mei in ynbussleuteltsje de boel de boel derôf krije. 'Mar dat is wol in bealchfol wurk,' neffens Sake 'Jo kinne der better in nijenien opsette...'

Pleatst: 20-12-2010 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

De dwaze út it noarden…

Eins is it wol in bytsje ûnearbiedich en set soks boppe in krysteftich ferhaal... Mar it past wol moai! En sa fielde ik my ek in bytsje, ôfrûne woansdeitejûn.

Wy hienen in krystkuier by ús op skoalle. De bern spilen op ferskate plakken yn 'e strjitten rûn de skoalle de ferskate krysttaferieltsjes en de jongste bern mochten der mei harren âlders bylâns. Mar ek pakes en beppes en oare belangstellenden mochten meidwaan, it waard in prachtige en sfearfolle tocht. In tige slagge krystfeest. Op de webside fan ús skoalle kinne jimme de foto's besjen.

Om't ik yn it ferline faaks as hoeder by de skiep siet (en ek as hoeder fan 'e bern trouwens...) brocht ik op it aljemint dat ik fan't jier wol ris wat oars dwaan woe. Dan moast ik mar mei twa bern út myn groep as wize troch de kuierjende minsken hinnestrune, sa sei de kollega dy't de taken ferdielde. Dat wie krekt wat. Koe ik moai yn beweging bliuwe op dizze kâlde jûn.

Mar ja, wat ha't in wize oan? Ik seach my al yn ferskate feestkleanferhierwinkels stean. Lokkich hie ien fan 'e âlders sokke klean yn foarrie en waarden se nei't ik se passe hie foar my klearlein. Ik moast sels noch wol foar in broek soargje en foar wat boppeklean. In trainingsbroek wie net goed genôch, sa seinen de klaaisters tsjin my...

Maklik praten...

Mar ynienen hie 'k in aardige ynjouwing! Wy hienen fan it kabaret noch wol in glânzjende 'toppers-broek'. Dat wie krekt wat! As dat net keninklik wie. In pear learzen fan Wilma oan en sjoch dêr, de wize kin op syk nei de stjêr...

De bern wienen slop doe't ik omklaaid yn 'e klasse stie. Likest wol sa'n Rus, sei in kollega. (Ik hie de keningsmantel noch net oan...) En de bern dienen oars net as oangean: Master hat frouljuslearzen oan...! Ik die krekt as koe it my neat skele en ik gie moai troch mei myn tariedingen. Ik kaam suver al in bytje yn 'e rol...

Mar o heden, wat rûn dat beroerd! Dêr koe ik it net in oere op folhâlde. Lokkich hie ik ek noch oare skuon meinaam en dy hie ik hurd oan sil ik jimme sizze. Net ien dy't it opfallen is...

It waard in moai barren en ien fan 'e bern dy't mei my mei wie as wize, kaam ek alhiel yn 'e rol. Wy hâlden alle minsken oan en fregen harren oft se it Keningsbern ek sjoen hienen. En dan wiisden wy wakker nei de moanne, dy't o sa moai en helder skynde.

Nuver dat der dan altyd wer guon binne dy't soks net oanfiele. Nee jong, dat is de maan.. Wat sjochst der wer moai út Hendrik... Hee dat is meester... Hallo meester, je moet de andere kant uitlopen... De wize dy't meirûn sei ek al: 'Dat is gek, ze noemen me steeds Maria...' (Nee, gjin frjemde gedachtekronkel, it famke hjit echt Maria...)

En sa al sykjende ha wy twa rûntsje makke.

Op 't lêst hienen de twa bern harren nocht en mochten se, nei't wy de stâl fûn hienen, harren omklaaie. Ik bleau noch wat by de stâl stean as dekoraasjestik en nei't alle groepen west wienen koe ik ek wer út 'e toppersbroek stappe. Dan noch in pear bekers poeiermolke, in krystkoekje en wat neiprate mei kollega's en âlders en wat wie it wer slagge!

Trije wizen yn in donkere, sfearfolle nacht. Twa dy't aardich yn harren rol sieten en ien dy't moai meibongele en allinne mar sei: 'Ik sis neat tsjin de minsken... mar ja, it is ek in Stille Nacht...'

Pleatst: 18-12-2010 / 14:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystkaartewaar...

Soks jout ynspiraasje! Echt kaartewaar ferline wike. No mar ris sjen oft wy dy moaie plaatsjes ek brûke kinne....
Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 13-12-2010 / 21:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

APK...

'Kinst moai ris in stikje oer skriuwe,' sa sei de assistinte fan ús húsdokter tsjin my, doe't ik de ûndersykskeamer binnenstapte. Ien kear yn 'e safolle tiid moat ik foar de APK-keuring nei de húsdokter. Syn dokterskeamer is krekt sa'n âlderwetsk laborataorium, sa'n keamer út in film, sa'n keamer dêr't elk momint in Frankensteinmeunster foar it ljocht komme kin... En sa sei ik it ek doe't ik de keamer yn my opnaam. Aly, de freonlike assistinte, wit fan myn skriuwershobby en trúnde my oan ta in koart ferhaal.

Mar miskien wurdt it ek wol in thriller...

It wie stienkâld yn 'e keamer en ik moast myn boppelichem ûntbleatsje. Us dokter is noch âlderwetsk, Spartaansk suver, dêrom lit hy de kachel út en dêrom hinget der in âld gerdyn boppe it treppensgat. Nuver gesicht. De skriuwer fan dit ferhaal yn 'e bleate bast mei de spikerbroek oplutsen oan't de knibbels en fêstmakke oan de trieddeboel dy't fan myn hert in filmke meitsje moast.

Dick Maas kriget ynspiraasje: LUCHT - 10 december zal nooit meer dezelfde zijn...

'Ek sawat,' ferfolge de assistinte. 'It paad leit fol mei iis, de minsken kinne hjir hast net iens komme, want dan brekke se harren de bonken. Mar dokter fynt it wol bêst, se binne hjir dochs, seit hy dan...' Wilens ik oan de triedden hong, gie de telefoan. Aly wie mar allinne en weefde hurd mei de beller ôf. Se sil wol tocht ha, dy man leit hjir mar iepen en bleat te triljen yn 'e kjeld, se kinne aanst wol wer belje...

Se foetere ek al wat op dokter, hy woe net oan in antwurdapparaat. De tiid liket stil te stean by ús dokter, mar it hat ek wol wat. Us dokter is wêrs fan nijmoaderich guod. Hy giet, sa't it liket syn eigen gong. Mar hy moast wol ferbouwe fanwege de foarskriften. Oars mocht hy gjin apteek mear oan hûs ha. Dêrom sitte wy no ek yn 'e hal te wachtsjen. De âlde wachtkeamer is opnaam in de nije apteek.

Siicht ferskriklik yn 'e hal en jo sitte mei de knibbels tsjinelkoar oan, mar elk hat it der foar oer, want ús dokter is in tige minlik man. Elk mei graach oer him. Doe 't wy it der ris oer hienen yn 'e (doe noch âlde) wachtkeamer, sei ien fan 'e pasjinten: 'Hoe moatte wy it no ha as hy stoppet? Dan hoopje ik net dat wy sa'n Poal krije...'

Om fiif oere belle dokter op: 'Hendrik, het is in orde! Oh, nou zie ik ook dat je vandaag voor een hartfilmje bent geweest, oh even kijken, was dat vandaag al? Waar heb ik dat filmpje... (ritsel, ritsel, rommel, rommel... Op'e achtergrûn: 'Het is van Hendrik van der Heide... waar ligt dat?') Hier heb ik het... even kijken... daaat lijkt... goed. Het is goed Herman...'
Lokkich, mar ik siet der eins ek net oer yn. Us dokter hâldt syn pasjinten goed yn 'e gaten. En dat hy dan wat nammen trochelkoar hellet, hawar, as it dêr mar by bliuwt...

En sa kaam ik hjoed wer troch de APK-keuring. Fan 'e moarn betiid wy dy keuring al begûn. Mei in buiske bloed yn 'e Sionsberg. Mar ik moat wol om in pear winterbannen. It is sjippeglêd op 'e dyk hjir yn ús stritte. En mei de glêde soallen ûnder myn âlde skuon, glibberje ik alle kanten út.

Maar je komt er toch...?

Pleatst: 10-12-2010 / 21:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

De haadpriis...

Dat sil je mar barre! In berjochtsje op it antwurdapparaat fan 'e wike. Wy hienen in priis wûn mei de eindejaarsloten yn Dokkum, wy koenen de priis ôfhelje by Dizzy. (Besykje foaral harren wiidweidige webside...)

Dat hjoed yn 'e snie troch Dokkum glide en glibberje om dizze haadpriis op te heljen. It wie in mazzeltas. In aardige tas (mei reklame der op foar Dizzy en Dokkum) mei ferskate aardige dinkjes deryn. Wy binne bliid dat wy him noch ophelle ha, want moarn is it Sinteklaas!

Neffens Wilma moasten se de tas noch ynpakke, want it duorre in ivichheid ear't se werom wie. Se hie sein tsjin de winkelman dat se sa'n 27 jier lyn ek by Dizzy wie, mar doe koe wol de haadpriis ophelle wurde! In moai bedrach yn gûnen doe noch... Ek Alex wie der doe ek by om in fotoferslach foar de krante te meitsjen. No wie Alex nearne te bekennen. Dy komt fansels net fan't stee foar sa'n moaie mazzeltas...

Pleatst: 04-12-2010 / 13:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Snie Sinteklaas...

Sjoch mear foto's fan Sinteklaas op 'e fjouwerHoeke fia dizze link:
Wêr is it hynder?

Pleatst: 04-12-2010 / 10:56 oere - Reagearje? - Nei boppen