www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Argyf:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf 2010:
Desimber 2010
Novimber 2010
Oktober 2010
Septimber 2010
Augustus 2010
July 2010
Juny 2010
Maaie 2010
April 2010
Maart 2010
Febrewaris 2010
Jannewaris 2010

Argyf 2009:
Desimber 2009
Novimber 2009
Oktober 2009
Septimber 2009
Augustus 2009
July 2009
Juny 2009
Maaie 2009
April 2009
Maart 2009
Febrewaris 2009
Jannewaris 2009

Argyf 2008:
Desimber 2008
Novimber 2008
Oktober 2008
Septimber 2008
Augustus 2008
July 2008
Juny 2008
Maaie 2008
April 2008
Maart 2008
Febrewaris 2008
Jannewaris 2008

Argyf 2007:
Desimber 2007
November 2007
Oktober 2007
Septimber 2007
Augustus 2007
July 2007
Juny 2007
Maaie 2007
April 2007
Maart 2007
Febrewaris 2007
Jannewaris 2007

MyTube:

Alle filmkes byelkoar!

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Fakânsje 2005
Us 25 jierrich troufeest!
Klún & Knoffelhakke

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Brûk de koade:
Foar privé-famyljefoto's & filmkes
Klik hjirûnder de jim takende koade yn...

Freonen:
Bylden út it ferline...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Foto's:
Sinterklaas 2008
Oranjejûn 2008 - Hantum
Oranjejûn 2004 - Hantum
Foto's doarpsfeest 2004
Foto's doarpsfeest 2006
Foto's doarpsfeest 2008
Skoallekamp fjouwerHoeke

Oanrieders:
Autobedriuw van der Heide
VW Transporter T4
De Goed Nieuws Courant

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
KBS it Lemieren - Tytsjerk
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Drok?

Wy ha it mar drok mei de tariedingen foar kommende freed. (Geheimsinnich net?!) Dêrom mar even in 'pauzemuzykje'. Fansels moat it skoftmuzykje wêze, mar dat klinkt sa nuver...

Geweldich nûmer en prachtich songen!

Pleatst: 01-09-2010 / 22:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spannend...

Nee, it is net in foto fan de brommerklup Skeane Jabik by ús út it doarp. Hoewol dizze mannen sa'n motorke wol ferrekte moai fine soenen.

Dizze foto is makke tidens it frijgesellefeestje fan Elbrich. Want kommende freed is it safier! It begjint no wol hiel spannend te wurden...

De froulju binne mei syn allen te Solex-riden west. Yn Gaasterlân. Fansels wienen de mannen ek op 'n paad. Sy ha harren fermakke op Skiermûntseach. Dêr is in jûnsfoljende bioskoopfilm fan makke. De regisseur hat de film noch net klear, mar mocht dizze fia it ynternet te sjen wêze, dan litte wy jimme dat witte fansels.

Oan't dan sille jimme it mei dit moaie stikje antyk dwaan moatte...

Pleatst: 30-08-2010 / 22:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

All over the world...

Wy binne wer los! Alwer 2 dagen komme de berntsjes optein op skoalle om harren wer fol stopje te litten mei alderhande nijsgjirrige ferhalen fan harren master...

Hoewol...

It wie suver oarsom! Fleurich en wer hielendal útrêst kamen de bern en foaral ek de alders op my tarinnen. Hoe is't en goeie fakânsje hân, fûstkje en beare, it wie krekt as hiene der nea seis wiken tusken sitten. Ien fan de memmen kaam mei de hân foarút op my ôf. No ha ik yn Eastenryk heard, datsto pake wurden bist. Fan herte lokwinske!

Yn Eastenryk?

It die bliken dat se dêr op in kamping by it ôfwaskjen in Hantumer doarpsgenoate tsjin it liif rûn wie en dy wist har te fertellen dat master en juffer no echt ta de âlderein begûnen te hearen... Wat doch ik eins mei in weblog. Hielendal net nedich om nijtsjes de wrâld yn te helpen. Gewoan nei Eastenryk gean, dan heare jo alle roddels...

Mar dat wie noch net alles!

Ien fan 'e bern kaam hielendal út 'e skroeven op my ta en sei: Meester Hendrik, ik heb in Oostenrijk een auto gezien die je broer verkocht heeft... No koe ik net gewaar wurde oft dy auto ek in VW wie, want soe it wierheidsgehalte fan dit ferhaal noch wat stypje kinne, mar dat koe dizze jonge learling my net fertelle. Neffens him wie it in Ford... No ja, dan sil it wol in gebrûktenien wêze.

Dit ferhaal kaam ek al wer út Eastenryk. Tsjonge, se kinne jo ek oeral...

Pleatst: 24-08-2010 / 22:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

I am Sail(ing)...

Ien kear yn it jier geane wy der mei de freonen in dei op út. Omdat ien fan ús yn Amsterdam wennet, flak by it IJ, wie in kombinaasje mei Sail gau makke. It waard in moaie dei!

Mei tank oan Jilt Heidstra en Herman Erbe.

Pleatst: 22-08-2010 / 15:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Chr4all...

'Dit gesprek kan worden opgenomen in verband met interne training…'

Ik hie fan 'e moarn de helpdesk fan xs4all oan 'e telefoan. Nei in tal wachtmuzykjes krige ik, neffes de foto op harren side soe it sa wêze kinne, Siep oan 'e line. 'Wat is uw relatienummer meneer?' Hy hie de júste gegevens al gau op syn byldskerm te stean...

'C-h-r ietee Lemieren? Klopt dat mijnheer? Wat is dat, c-h-r?' Ik makke him dúdlik dat dat stie foar kristelik, fan Christelijke Basisschool it Lemieren, en it moasten jo sa útsprekke... 'Oh, ik ben ook christelijk,' sa antwurdde hy, 'Ik wou dat ik op zo'n school zat...'

No hoopje ik dochs wier dat dit petear op in training oan 'e oarder komt. En dat de kursuslieder dan seit: 'En nou allemaal weer terug naar de schoolbanken!'

Pleatst: 18-08-2010 / 21:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Foto's...

Ús famyljeleden kinne fia de koade in protte moaie foto's besjen fan Hidde Wilko! Hy groeit as koal!

En grutsk dat wy allegearre binne...

Pleatst: 15-08-2010 / 19:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wa it lytse net...

Op heitedei krige ik in fakânsjekraslot. Ik koe in fermogen winne! Dat is pas in moai kado, ik seach my al op 'e Bahama's sitten...

Fansels elke dei fan 'e fakânsje in fakje iepenmeitsje, net yn ien kear, dat is net sportyf en boppedat ek tige habberich. Dat elke moarn siet ik mei in ierappelskilersmeske hoeden in fakje iepen te skrassen.

Hjoed wienen de 31 dagen om en koe ik de balâns opmeitsje. Fiif euro hie'k byelkoar skrast. De Bahama's wurde neat, op syn heechst twa iisko's by de Min 12, want dy ha wy no ek yn Dokkum. Mar sa as it sprekwurd seit: 'Wie het kleine niet eert is het grote niet weerd...'. En wat dat yn it Frysk is, wit ik net sa gau...

Pleatst: 15-08-2010 / 19:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

De razende man...

Op in stuit ha jo it wol in bytsje hân mei it skûtskesilen. 14 Dagen SKS is prachtich, mar dy IFKS is dan wat tefolle fan it goede. It SKS-silen ha'k wol aardich folge. Klaas makket der altyd wer in hiele sjo fan ek al stiet der hast gjin wyn. En dan jûns it skûtsjesjoernaal, jo krije der ek noch doel oer... Krúsrak, foardewynserak, sânglês, gate, boppeste tonne, ôffalle, bakboard en stjurboard it is krekt as faar ik ek al jierren op in skûtsje!

In pear jier ferlyn binne wy mei myn maten ek ris te skûtsjesilen west. Dat wie in prachtige dei! Dêr ha'k doe ek in ferhaal oer skreaun. Guon sil it bekend foar komme, want it hat ek yn ús doarpsblêd stien en op de webside fan ús doarp is it ek noch werom te finen, mar om't wy no yn 'e skûtsjetiid sitte it ferhaal ek mar op dizze side. Fia dizze link kinne jimme it ferhaal lêze.

Pleatst: 12-08-2010 / 13:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Provence...

Wat wie it stil net? Hearlik, gjin drokte, gjin ferhalen en gjin foto's. It wie krekt sa stil op dizze side as it plak dêr't wy ferline wike op fakânsje wienen...

Jimme op fakânsje? Wat krije wy no... De ferneamde thúsbliuwers op reis??

In âld kollega fan ús wennet earne yn 'e Provence. Eartiids ha se dêr in húske kocht en se wenje dêr no al hiel wat jierren. In prachtich plak, midden op 'e romte en yn 'e fiere omkriten net in minske te bekennen. Mar se woenen no wol wer ris nei ien fan 'e Fryske eilannen. Dêr wienen se yn jierren al net mear west. Mar wa moast op harren hûs pasje?! En op de bisten? Want as jo lanlik wenje ha jo fansels in hiele keppel húsdieren. In hûn, twa katten, hinnen en de kavia's Brúntsje en Swartsje. Moai dat sokke bistkes Fryske nammen krigen ha...

Omdat de âld kollega wist dat wy hast alle simmers thús binne, wie in oppasôfspraak gau makke. Wilma hapte samar ta, want op dit moaie plakje tilde it op fan de hynders. En wat is der no moaier as elke moarn wekker wurde mei sa'n 100 hynders foar de ruten. Ik fûn it wol bêst, as der mar in kompjûter wie en in goeie Nederlânske krante. Lokkich ûntbriek it ús oan neat en kaam der elke dei in Hollânske krante troch de bus. De kompjûter wie bêst genôch en mei in stapel boeken fermeitsje jo jo tige. Boppedat wie it mar foar in wike.

It is wol in eintsje riden, mar dan ha jo ek wat. Fia de satellyt koenen wy alle Hollânske stjoerders ûntfange, dat we hoegden Holland's Got Talent ek net te missen... Koartsein: wy ha ús poerbêst fermakke!

It begrutte ús al om 'e hinnen. Neffens de man fan ús âld kollega siet ien fan de twa hinnen op aaien en koenen se dizze wike wolris útkomme. Nearne te finen dy hin. Op 't lêst tochten wy al dat de wylde bisten him opfretten hienen, want wy ha alle strúkjes neisocht, mar Keakeltsje liet har net sjen. Hie ús fakânsjegonger no mar sein wêr't Keakeltsje siet, dan koenen wy it útkommen fan de aaien wat begeliede.

Healwei de wike hat de hûn Keakeltsje fûn. Yn 'e strúken tichteby it ôfdakje fan it iepen hurd hout. Dêr siet Keakjeltsje rêstich op har neiteam te wachtsjen. Spitigernôch wie it mis gien en wienen de jonge pykjes fanwege it minne waar (ek dêr kin it aardich spoekje...) omkaam. Jo fiele jo wat nuver as jo dit by thúskomst fertelle moatte, jo binne ferantwurdlik is't net sa?

Lokkich waard it sportyf opnaam en hoegden wy net by te beteljen. Se wienen al lang bliid dat it sa goed gien wie en dat der sa goed op harren moaie hûs past wie. Mei in fleurich sin koenen wy wer op nei hûs. Elk wie tefreden. Beide in moaie fakânsje. Sy op Skylge en wy earne yn 'e Provence... It is in ein(tsje) riden, mar soks ha wy der graach foar oer!

Klik hjir foar fakânsjefoto's...

Pleatst: 09-08-2010 / 21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen