In hiel sirkus…


Eins moatte jo begrutsjen ha mei de minsken fan it sirkus. Der mei neat mear wat bisten oanbelanget, se moatte fanwegen de ARBO yn alderhande bûgels en harnassen hingje at sy omheech geane én se moatte alles ek noch sels dwaan…


De koarddûnseres ferkeapet foar oanfang fan de foarstelling de kaartsjes, de diabolo-man ferkeapet lâns de tribunes flikkerljochtsjesdingen (wit ik it hoe’t soks hjit…) en de klown moat de kaartsjes kontrolearje. En as de pakesizzers flak foar oanfang fan de foarstelling ek sa’n flikkerding ha wolle, dan kin dat net, want de ferkeaper is al oan it omklaaien…


Under de foarstelling komme se witikhoefaak foarby. As hynstedresseur, dan wer as jongleur as saksefoanspiler. Se binne multi ynsetber. Se kinne hast alles! Oh ja, se moatte dan ek noch tusken de akts troch it seil op ’e flier teare as se moatte harren kollega mei in lang tou ophysje by in loftakrobate-akt.


En nei de tiid meiinoar alles wer ôfbrekke om’t se de oare deis yn Arnhem ferwachte wurde. De jongste telch fan sa’n jier as seis, bestjoert de Manitou wylst de jongleur op de hef de tinte oan it ôfbrekken is. En beppe giet ek noch mei op harren reizen. Hoewol (tink ik) net mear ynsetber, mar wol as kontroleur en oppas mei har rollator…


Respekt foar dizze hurdwurkjende minsken. En wat wie it moai…




Pleatst: 24–04-2019  - 13:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Waddenchallenge…


Us pakesizzer fynt it prachtich om krekt sa as syn grutte idoal Dylan Haegens filmkes te meitsjen.

It falt net altiten ta om ûnderwurpen foar sa’n filmke te finen.


It like him wol moai ta om in film by de seedyk op te nimmen. De Waddenzee-challenge. Fan te foaren betinke hokfoar 5 dingen jo fine kinne lâns de see. Elk 5 saken útsykje, it mochten net deselde wêze, en dan mar sykje…


Hy hie: in fûgelfear, in stôk, seewier, in seestjêr, in fisknet en wat ûnbekends (wêrfan wy beide net wisten wat it wie…)

Pake hie: plestik kerreltsjes fan it kontainerskip de MSC Zoe, in deade fûgel, in tichte skelp, in krab, in kwal en in ein tou. No, dat soe fêst wol slagje…


Beppe mei om te filmjen…


Mar it foel ek noch net ta! Us pakesizzer fûn fjouwer dingen en pake mar twa! De see wurdt skynber skjinner… In goed teken! Spitigernôch waaide it dat it rikke, dat ús stimmen waarden wei yn it rûzjen fan de wyn.


Mar mei in muzykje derûnder waard it dochs noch in moai ferslach…


En dat filmke is allinne te besjen troch leden fan syn Whatsapp-groep. Dat lêzers fan dizze side sille it nearne fine kinne. As se moatte lid wêze fan de krektneamde groep fansels…

Pleatst: 23–04-2019  - 14:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moai soks…


Pleatst: 08–04-2019  - 14:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

1 April…


De leukste 1 aprilgrappen

Pleatst: 01–04-2019  - 17:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de