Koester je herinneringen…
Foar de fjirde kear waard ik frege om in krystferhaal foar te lêzen op dizze gesellige krystmoarn. Mar ik bin troch myn krystferhalen hinne. Alteast troch de reedlik grutte krystferhalen.
Ik hear jimme tinken: Wat? En dat foar in âld skoalmaster? Dy hat dochs yn syn wurksume libben hiel wat krystferhalen ferteld? Dat kloppet. Mar as ik sa om my hinne sjoch, dan sjoch ik allinne mar âlderen, gjin bern.
Moat ik dan in berneferhaal fertelle? Dan bin ik der wis fan dat se my foar takom jier net wer freegje. Dy âld master tinkt dat wy bern binne. Pff, mei syn skoalleferhaaltsje. Kom sis…
Wacht! Ik dûk yn myn krystferline. Dan riigje ik myn oantinkens en ferhaaltsjes oaninoar ta in flonkerjende ferhaleslinger. Dan hingje ik dizze krystferhaaltsjes byinnoar hjir yn de krystbeam fan d’Ald Skoalle!
Doe’t ik lyts wie, wie it in feest om de krystbeam te fersieren. Om beurten mochten wy in bal yn de beam hingje. In bal út ‘e krystdoaze. De doaze dy’t in jier opburgen wie in it boppeste kastke fan de keuken.
It wiene altiten deselde ballen en fersieringen. De favoryt wie it fûgeltsje. Mei in kniperke koene jo it fûgeltsje oan in tûke kniperje. Wy hiene altiten rûzje om’t wa’t him (faaks as lêste) deryn kniperje mocht.
De ballen wiene fan hiel tin glês. En it barde wolris dat it hingerke derôf brutsen wie. Mar gjin nije krystbal keapje fansels. Wy makken oan in toutsje in lúsjefersprikje fêst en triuwden dat prikje, mei it eintsje tou yn de fan boppe stikkene bal. As wy it toutsje oanlûkten, dan kaam it prikje dwers yn ‘e bal te sitten en hâlde op dizze wize it toutsje beet, sadat wy ek dizze skeinde bal yn ‘e griene tûken hingje koene.
Fierders hiene wy gjin krystfersieringen. In krystbeam, dat wie it. Ek de krystdagen wiene sober. Nei tsjerke fansels, mar yn tsjerke stie gjin krystbeam, lit stean dat der kearskes oanstutsen waarden. It krystmiel bestie út in brette hazze. Dy’t ús heit ûnder de auto krigen hie. Sa gie dat froeger. Auto oan ‘e kant fan de dyk, kofferbak iepen en de hazze mei nei hûs. Sels strûpe en tameitsje en de krystdagen wiene kulinêr slagge. It mei dúdlik wêze dat ik gjin hap fan dit hazzefleis naam. Ik seach him ûnder it krystmiel noch hieltiten hingjen yn ús hok. It wie Flappie gelyk…
Doe’t ik âlder waard, waarden de krystfeesten wat útbundiger. Sa kamen der papieren klokken yn ‘e keamer te hingjen. Fan dy platte klokken dy’t je útteare kinne en dan mei in lyts izeren klipke fêstmeitsje koene.
Ek mochten wy as 16+ jeugdklup fan de tsjerke yn myn bertedoarp ris ús eigen krystfeest organisearje. It like ús moai om it tsjerklike geboutsje fol te tôgjen mei pakken strie. As in soarte fan libbene kryststâl. Wy mei ús jeugdklup sjonge en spylje en de útnûge âlderen sittend op de striepakken as besikers fan ús kryststâl. Dominees siet foaroan mei de striekes tusken syn skuon. Mar hy wie al lang bliid dat hy dizze kear neat hoegde te sizzen.
Libbensgefaarlik eins. En dan ek noch kearsen oanstekke. Ik koe allegearre en nimmen dy’t yn noed siet oer de risiko’s en brânfeiligens…
Jierren letter ha wy de striepakken nochris fan stâl helle by it bernekrystfeest hjir yn ús doarpen. Yn de grifformearde tsjerke op de Hantumerhoeke. Koster Posthumus, dy’t sels ek boer wie, fûn it prachtich. Hy fielde him hielendal thús, sa tusken it strie. Goasse van der Woude, Jan Blom en myn persoan wienen de Wizen út it Easten. Dy’t samar, op in ûnferwacht momint, de tsjerke binnen kuierden. Fersliten gerdinen as mantel, mei kroanen fan goudpapier en in âld blik as kado foar it Keningsbern ûnder de earm. Gosse hie wat koperguod, dat goud foarstelle moast, yn ‘e hannen en rôp: Moatte wy hjir wêze? Ik seach in stjer hjir boppe dit gebou… It koper en de âlde blikken krigen in plakje by de kribbe. En wy troch de konsistoarje wer ôf. Gosse sei ûnder it ôfgean: Dat strie wol ik aanst wol keapje…
Sa’n 15 jier lyn mocht dizze dwaze út it noarden nochris as wize út it easten opdrave…
Wy hienen in krystkuier by ús op skoalle, de skoalle fan Tytsjerk bedoel ik dan. De bern spilen op ferskate plakken yn 'e strjitten rûn de skoalle de ferskate krysttafrieltsjes en de jongste bern mochten der mei harren âlders bylâns. Mar ek pakes en beppes en oare belangstellenden mochten meidwaan.
Ik koe moai mei twa bern út myn groep as ien fan de trije wizen troch de kuierjende minsken hinne strune, sa sei de kollega dy't de taken ferdielde. Dat wie krekt wat. Koe ik moai yn beweging bliuwe op dizze kâlde jûn.
Mar ja, wat hat in wize oan? De âlde gerdinen út ‘e tiid fan it doarpenkrysfeest wiene net mear te finen. Lokkich hie ien fan 'e âlders sokke klean yn foarried en waarden se nei't ik se passe hie foar my klearlein. Ik moast sels noch wol foar in broek soargje en foar wat boppeklean. In trainingsbroek wie net goed genôch, sa seinen de klaaisters tsjin my...
Maklik praten...
Ik hie noch wol in glânzjende toppers-broek út de kleankoffer fan ús teäterduo. Dat wie krekt wat! As dat net keninklik wie. In pear learzens fan de frou oan en sjoch dêr, de wize kin op syk nei de stjer...
De bern wienen slop doe't ik omklaaid yn 'e klasse stie. Likest wol sa'n Rus, sei in kollega. (Ik hie de keningsmantel noch net oan...) En de bern dienen oars net as oangean: Master hat frouljuslearzens oan...! Ik die krekt as koe it my neat skele en ik gie moai troch mei myn tariedingen. Ik kaam suver al in bytsje yn 'e rol...
Mar o heden, wat rûn dat beroerd! Dêr koe ik it net in oere op folhâlde. Lokkich hie ik ek noch oare skuon meinaam. Learzens út en de skoun gau oan. Net ien dy't it opfallen is...
It waard in moaie kuier en ien fan 'e bern dy’t ien fan de oare wizen spile, kaam ek alhiel yn 'e rol. Wy hâlden alle minsken oan en fregen harren oft se it Keningsbern ek sjoen hienen. En dan wiisden wy wakker nei de moanne, dy't o sa moai en helder skynde.
Nuver dat der dan altyd wer guon binne dy't soks net oanfiele. Nee jong, dat is de maan.. Wat sjochst der wer moai út Hendrik... Hee dat is meester... Hallo meester, je moet de andere kant uitlopen... De wize dy't meirûn sei ek al: Dat is gek, ze noemen me steeds Maria... En nee, gjin frjemde gedachtekronkel, it famke hjit echt fan Maria...
En sa al sykjende ha wy twa rûntsjes makke.
Op 't lêst hienen de twa bern harren nocht en mochten se, nei't wy de stâl fûn hienen, harren omklaaie. Ik bleau noch wat by de stâl stean as dekoraasjestik en nei't alle groepen west wienen koe ik ek wer út 'e toppersbroek stappe. Dan noch in pear bekers poeiermolke, in krystkoekje en wat neiprate mei kollega's en âlders en wat wie it wer slagge!
Trije wizen yn in donkere, sfearfolle nacht. Twa dy't aardich yn harren rol sieten en ien dy't moai mei bongele en allinne mar sei: Ik sis neat tsjin de minsken... mar ja, it is ek in Stille Nacht...
Doe’t ik de tekst foar mysels foarlies, kaam ik op sa’n 8 minuten. Moai fan lingte. Mar eins soe ik ek noch wol in skoftsje trochgean kinne mei krystferhaaltsjes út it ferline. Want ik bin der mei hiele grutte stappen trochhinne flein.
It Bibelske krystferhaal is in reade krysttried in myn ferhaaltsjes. Mar dat kin ek hast net oars, grut wurden yn in grifformeard gesin en mear as 30 jier ûnderwizer op twa kristlike skoallen. It ferhaal dat yn ús tiid hieltiten mear op ‘e eftergrûn rekket…
Oh, wacht, der sjit my noch wat út myn jeugd yn ’t sin. As bern út ‘e heechste klasse moasten wy it krystevangeelje fan Lukas ut ‘e holle leare. En dan foar de klasse opsizze… Ik wit it noch skoan:
En het geschiedde in die dagen, dat er een bevel uitging vanwege keizer Augustus, dat het gehele rijk moest worden ingeschreven. Deze inschrijving had voor het eerst plaats, toen Quirinius het bewind over Syrië voerde…
Fierder kom ik net… wol faak ferteld en foarlêzen, mar it sit net mear, sa as doe yn klas seis fan de School met den Bijbel, yn myn holle.
Moai sokke waarme kryst-oantinkens.
En hie ik it yn myn ynlieding net oer ferhaaltsjes dy’t ik oanelkoar riigje soe ta in flonkerjende krystslinger? Ik doch it oars!
Ik seach op telefyzje in filmke van de Alzheimerstichting. Dy makke reklame foar de Herinneringen Kerstbal ûnder it motto: Koester je herinneringen… Se omskriuwe it sa:
Kijk deze Kerst samen terug op wat ertoe deed: de kleine momenten, grote mijlpalen, en alles daartussenin. Vul samen de glazen Herinneringen Kerstbal met de mooiste momenten en beleef ze elk jaar opnieuw. Met je aankoop draag je bij aan dementieonderzoek.
Ik ha myn ferhaaltsjes op it papierke skreaun:
en yn de bal stoppe. Dy hingje ik no yn de krystbeam…
Tankewol…
Pleatst: 18-12-2025 -21:55 oere - Reagearje? - Nei boppen
Lit it snije…
Even in eksperimint… Om hielendal yn ‘e krystsfear te kommen, lit ik yn de header snije. Och sa moai, fiele jimme de triennen al opkommen? En om de sfear te ferheegjen:
Snie op it lân…
Dêr’t de snie hinne giet, giet de wyn ek hinne…
Pleatst: 06-12-2025 -15:59 oere - Reagearje? - Nei boppen
noflike feestdagen!
© webdesign: www.vanderhei.de - 2025