(Wer) in nij projekt …


Ek dit is wer in moai en hiel bysûnder projekt. Letter mear hjiroer, want it is noch net hielendal klear! Sjogge jimme wol dat wy ús hielendal net hoege te ferfelen? (Lês it ferhaal hjirûnder…)

Pleatst: 20-03-2023 - 11:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wat binne wy moai fuort…


Dit jier geane wy beide offisjeel mei pensjoen. Wy meie wol oefenje, sa sei ik in pear dagen ferlyn. It wie foarjiersfakânsje en dat is dan in moaie gelegenheid om jo pensjoendagen te trainen. Mar op sokke frije dagen komme de pake- en beppesizzers graach lâns. Dus it oefenjen waard neat…


Dan mar de gedachten wat gean litte…


Wy keapje aanst in elektryske fyts, sa wie de earste gedachte fan de frou, in camper soe ek kinne en dan de elektryske fytsen achterop. Moai toere troch ús lân. 


Aah! Sjogge jimme it foar jimme? It griist my oan. Soks kin my no hielendal neat skele. Mar ja, wat moatte jo dan? De hiele dei wat yn ‘e hûs sitte te stoareagjen hâlde jo ek net in wike fol.


Frijwilligerswurk? In bestjoersfunksje by in feriening yn ús doarp? It hûs opknappe? Doe’t myn heit mei pensjoen gie, knapte hy it hiele hûs op. Nije meubels, oare flierbedekking. Ien fan ús jonges wie krekt by harren útfanhûs doe’t de meubelsaak de nije meubels brocht. Hy sei doe: No, dyn pake en beppe wurde ek mar hip…


Mar ik bin bang dat dizze pake en beppe aanst net hip wurde…. Us meubels kinne noch wol jierren mei… (Dy lêste pear jier kin der ek noch wol by…)


Wy kinne moai nei alderhande eveneminten, musea en teäterfoarstellingen, sa wie in folgjende gedachte, dat ha wy dan wol oan tiid… Wol ja, ús pensjoenjild der mar trochhinne jeie… Djoere grappen, want dy teäterkaartsjes binne tsjintwurdich ek net om ‘e nocht.


En dan seker nei de beurs Vrouw, sa oppere ik. Ik hie krekt foar in kunde in cadeaubon makke, de bon wie in tagongskaartsje foar de krektneamde beurs dy’t meikoarten yn Ljouwert hâlden waard.


Jaa, soks kinne wy aanst ek moai dwaan!


Oh oh, ik sjoch my al sjokseljen op sa’n beurs. De hannen fol plestiktassen en goodybags. En mar langje nei in stoel. Mar alle stuollen binne beset troch oare manlju. Nee, ek dat foarstel waard ek ôfkard.


Dat jimme begripe, wy binne der noch lang net út. Wy litte it mar moai op ús ôfkomme. De tiid sil’t leare. Mei sokke moaie hobby’s ferfele wy ús net sa gau.


De oare deis seach ik dit yn ‘e krante (sjoch de bygeande foto…) Om’t de frou al nei har wurk ta wie, lêst se moarns ier de krante al. Ik bin der meastentiids wat letter ôf…


Dat wy traine mar wat fierder. Wy komme der fêst wol út. Sil wol moatte…


Pleatst: 14-03-2023 - 12:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Innen en oanen…


Dat wie in tûke set fan ús iisbaanferiening Mei-inoar ien. It moaie en kreaze iisbaanhokje ferhiere as bêd en brochje! Fansels moast der dan wol it ien en ’t oar oan barre, mar mei safolle handige doarpsgenoaten yn ‘e feriening wie dat goed te dwaan. It sjocht der dan ik hiel kreas út en al in protte gasten ha fan it smûke en gesellige hokje – wy kinne no better prate fan wentsje – gebrûk makke.


It hokje is doetiids solide en deeglik boud en de reedriders makken der by moaie winters tankber gebrûk fan. Omklaaie, even nei it húske en fansels om in lekkere flaubyt te heljen. In waarme woarst, in bakje kofje as âlderwetske poeiermolke. Ien fan it bestjoer stie dan achter it iepen rút mei de grutte tsjettels waarme dranken dy’t prottelen op it vintage gasstel… Winterwille op syn doarpsk, mei in muzykje op ‘e achtergrûn…


Sjoen it opwaarmjen fan de ierde is der de lêste jierren net safolle gebrûk mear makke fan it hokje. Heechút in pear dagen yn’t jier. En wat is it dan moai dat jo sa’n hokje dochs op in oare wize nuttich meitsje kinne. Dan hat de iisbaanferiening ek noch wat ynkommen…


In (eks) doarpsgenoate beheard de boel. En mei in tal oare B&B’s makket se reklame op har webside foar dit daaldersk plakje: Mei-inoar ien te Hantum…


Mar no komt it…


It liket krekt as hat it iisbaanhokje Mei-inoar ien besite hân fan it telefyzjeprogramma Bed and Breakfest. Jimme kinne dat wol, dan geane der trije stellen op besite by inoars Bêd en Brochje en dan meie se harren wurdearring blike litte troch it mear as minder beteljen dan de fraachpriis. De Bed en Breakfest dêr’t it meast boppe de fraachpriis betelle is, wint de ôflevering. Fêst punt is dat de behearders by de ôfsluting fan de útfanhuzersdagen altiten freegje (nei’t sa fansels allegearre kompliminten krigen ha) hawwe jimme noch tips??

En dêrmei doele se op saken dy’t de gasten by harren ferbliuw mist hawwe. Sa as in stopkontakt by it bêd as in lampke boppe de spegel en mear fan sokke ûnnoazele saken...


Mar ja, it iissbaanhokje – ekskuzes – iisbaanwentsje is sa kreas dat der fansels neat te melden is. Alles is perfekt. No ja, ien ding dan… Dy stakkert gasten brekke harren de tonge oer de moaie namme. Mee-inoorin? Maaiorder-een? Matinoor en? Help! Dochs in minpuntsje. En wat betekent dit eigenlijk? What is de meaning of Meeeinoar-one?


Nuver, mar de beheardster koe dizze wurdbrekkerij net langer oanhearre en se hat besluten om de namme te feroaren yn Inn-Hantum. Meikoarten komt it ek sa op har webside te stean.


Net bêst wol?!


Wêrom tajaan oan dizze nukken fan de gasten? It is dochs hiel ienfâldich om in moai dokumint mei útlis te meitsjen en dat op te hingje yn it hokje? (Ekskuses, wentsje) Wêrom de moaie Fryske namme ferkwânselje oan de waan fan dizze dei. De gasten jouwe harren bern de meast frjemde nammen mei letters dy’t fanwegen de kreativiteit der net mear by hearre, mar se stroffelje oer in moaie Fryske namme dy’t de histoarje fan dizze klup en dit hokje (ekskuzes, wentsje) sa moai werjout. Mei-inoar ha wy de skouders derûnder set om dit foarelkoar te krijen!

Soene de gasten at se bygelyks yn Frankryk binne, harren ek fernuverje oer bysûndere Frânske nammen? Fansels net! Dat heart by dat lân, dat hear by dy kultuer! Krekt sa as Mei-inoar ien. Dat heart by Hantum, dat heart by Fryslân, dat is de skiednis fan dit geboutsje. Dy namme heart der gewoan by! Dat kinne jo útlizze, dat kinne jo beskriuwe. Wês grutsk op jo taal! En striel dat út. Lit de gasten harren mar fernuverje oer ús moaie Frysk. Dat makket it plakje allinne mar uniker…


Hebben jullie nog tips? En dan sjogge jo de eigeners tinken: en dêr dogge wy lekker neat mei… En sa moat ús beheardster dat ek dwaan. Betizing? Spitich dan, mar ik soe mar ris goed de beskriuwing lêze. Dat is mijn oordeel, en hier moet u het mee doen…


En at se net om lyk wolle? Dan sette wy de baanfeimasine (want dat moast fan need in oar plak ha) wer midden yn it hokje (ekskuses, wentstje). Dat sil de stammerjende gasten leare. Wy binne hjir Mei-inoar ien, en as jo dat net begripe wolle, faie wy jimme sa de keet út mei jimme neiteam Annamijn, Milo en Pipa…



Pleatst: 07-03-2023 - 16:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2023