Werom

It feest komt oan, it wurdt mar skoan
De flachjes lizze al ree
It lân is klear in moaie sfear
Hast elke jûn fan 't stee
De peallen skjin dat is 't begjin
De feestwein wurdt al wat
Wat bin' wy 't iens fynt elkenien
It hat noch nea sa bard…

Sa'n tritich lange jierren
Wachtsje wy op it feest by ús
Mar is 't safier, dan bin' wy blier
Fiele wy ús echt wer thús!
Echt hielendal út de bol
Wy geane dagenlang troch
Wy hâlde fol, ja wat in lol
De glêzen omheech en TSJOCH!

Mar it komt no oars, ja elk is boas
De holle heech en dwêrs
Spanning rint op, in lûlke kop
Ja elk sjit yn 'e stress
Doch net mear mei, it leit oan dy
Do wolst altyd gelyk
Kin 't skele je, sa kin 't ek wol
It mei dochs wol wat bryk…

Kommisje is no yn panyk
Se goaie de boel der by del
Fuort mar mei dy hiele kliek
It wurdt in hiele rel
Lân oerstjoer, en breinroer
It hoecht foar my net mear
Elk batst deryn, fûl der tsjinyn
Der sit sels noch âld sear

De mienskipssin wêr is dat no
Dit is dochs gjin fertoan
Dit is my dochs in frjemde sjo
Wy hienen it hjir altyd sa skoan
Wa rêdt ús no, wa seit ho
En helpt ús út 'e brân
It feest moat bliuwe dat is klear
Wa brûkt no syn ferstân?

It feest komt oan, dat liket skoan
De flachjes lizze al klear
Mar komt it goed, wa seit dat hjoed
Komt it werom dy sfear?
Altyd wer oan itselde fertoan
Dat sangerjen en gemier
Mar is 't foarby dat sizze wy
Wat wie 't wer moai dit jier…


Werom