Krystferhaal…


Wy seagen op televyzje dat der guon in kryststjer krigen, sa’n moaie grienreade plant. Wy seagen elkoar oan en tochten beide itselde. Soks ha wy ek ris in kear meimakke! Haha, dat wie in moai ferhaal. En noch echt bard ek…

Doetiids skreau ik foar ús doarpsblêd Hichtepunten, meastal yn in Nederlânsk. Mar ik leau dat dit ferhaal it doarpsblêd nea helle hat. Mar no, sa’n 15 jier letter doarre wy de publikaasje wol oan.


Het raadsel van de kerstster.


Hoewol doarre… it stiet al in oantal jierren op dizze webside, by de link ferhalen.

Pleatst: 22-12-2020 - 21:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Donkere dagen…(2)


Us âldste pakesizzer is in echte Youtuber. En dy Youtubers meitsje sa no en dan ek in ferske/rap. In pear wike lyn sette hy dizze clip online. En dy is aktueler dan ea… Ik tink dat it in hit wurdt. Nettsjinsteande dizze drege tiid…

Pleatst: 16-12-2020 - 10:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

De donkere dagen…


Tsjong, wy binne der hielendal klear foar! De krystfersieringen yn ‘e tún, krystkaarten de doar út, wy witte net wat ús oerkomt…


Mar dat komt ek om’t de krystbeam al sûnt de foarige kryst yn ‘e tún stiet, wy ha him der hielendal net wei hân! It wie in beam mei in klút en dy die it sa goed, dat der fan’t simmer allegearre moaie griene nuddels oan kamen. Skande om him dan nei it stoart te bringen. Dat ús beam stie ein oktober al klear foar de lampkes.


No gie ús dat wat te mâl, mar ein novimber kamen de earste krystlampke-gedachten al yn ús op. Wy ornearren om it dan mar in ljochtbeam te neamen ynstee fan in krystbeam…


What’s in a name…


Dat healwei novimber stie ik al yn ‘e achtertún om de ljochtsjes yn de beam te kniperjen. En doe makke ik in klassike flater. Want ik die de lampkes der sa yn, sûnder earst te kontrolearjen oft se it wol diene. Nee dus… Dan earst mar even neigean as alle lampkes wol fêst sieten. Ja dus…


Alles der wer út kniperje en mei nei binnen om it dêr te kontrolearjen. Mar ja, de hiele boel yn ‘e tiis fansels. Hawar, it hâld jo fan de strjitte. Doe’t se einliks kreas yn in lange sliert op de grûn leine, koe ik de lampkes moai ien foar ien kontrolearje, sûnder healwei derachter te komen wêr’t ik no bleaun wie.


Doe wie ik samar oan it ein. Alteast dat tocht ik: no al? Ik miende dat de slinger langer wie. Mar it die bliken dat ik troch al myn geheister it snoer midstwa lutsen hie. Aha, dêrom brânde de boel net, de boel wie oan ein…


Mar lokkich hat it túnssintrum folop ljochtsjes. (Ja eins fiersten te folle…) Stringen in ferskate lingtes, lamkes yn ferskate gruttes, foar bûten as binnen, knipperjend as helder skinend, yn kleur as yn normaal ljocht, moat it no sa mâl?!

Dizze mar mei. It foardiel wie, dat ik se sa yn de beam klappe koe, der siten gjin kniperkes op as soksawat.


Dat ús ljochtbeam brânt. En ûndertusken meie wy krystbeam sizze…

Pleatst: 15-12-2020 - 14:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de