Oer it argyf, toaniel en it túnstekje…


Dat it argyf net goed wurkje soe, dat kin no wol fuorthelle wurde.

It komt om’t der foarich jier nei in update in flater yn it softwareproramma siet. It programma dêr’t ik de websides mei meitsje. It argyf en de aktuele webside moasten fan inoar skieden wurde. Neidiel koe wêze dat it argyf net mear goed wurkje soe.


Mar it falt dus ta. Lokkich mar!


Elk jier wer itselde putsje: de ferhalen fan it ferline jier ferpleatse nei it argyf en de ynhâldsopjefte fan it argyf útwreidzje mei in nij jieroersjoch.

Dat freget nochal wat tiid, dat earst mar it lêste ferhaal fan desimber stean litte… Kaam der ek noch achter dat guon foto’s yn de header fan jannewaris al ris brûkt wiene. (Hjirby oanpast…)


Kopbalke, dat soe in moai Frysk wurd wêze foar header…


Op’t heden mei twa gesellige toanielferieningen as regisseur in stik oan it ynoefenjen. De útfieringen steane der oan te kommen: Burdaard en ús eigen Hantum. Elk is útnûge om in útfiering by te wenjen!

En wilens ik dit skriuw is de auto fan ús oerbuorlju troch it ‘nije’ stekje om ús foartún hobbele. Buorman hie de hânrem fergetten oan te heljen. Dat de auto wie fan de heger lizzende oprit nei ûnderen rûgele en hy hie safolle gong dat hy ús foartún helle.

Neffens buorman hie ien fan syn bern nei it parkearjen op de oprit de hânrem der wer ôfhelle.


Jaja… Mar ik mocht buorman in Tikkie stjoere foar de ûnkosten.





Pleatst: 15-01-2024 - 13:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

 © webdesign: www.vanderhei.de - 2024