Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Dash nuver guod...

No moatte jo ek al tomateketchup yn 'e waskmasine dwaan. Earst smoarch meitsje om it dêrnei wer sûkerskjin te krijen? Dit tafrieltsje wie fan 'e moarn te sjen yn de C-1000 yn Dokkum.

Pleatst: 25-09-2010 / 12:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pake Sytse...

Wy sitte mar yn 'e iepenloftspullen. Ferline wike sneon nei Down South en ôfrûne woansdei nei Pake Sytse by de Feanhoop.

Ek dat waard in hiele moaie jûn. Freerk Smink sette in hiele moaie pake del, mar ek de oare spilers soargen derfoar dat it in prachtige simmerjûn waard.

Yn it grize ferline hie ik it boek Pake Sytse fan Rink van der Velde al ris lêzen, mar ik koe my net mear heuge hoe't it gie en foaral ek hoe't ôfrûn. Ik wit noch wol dat it in prachtich boek wie, mei yn 'e haadrol in eigensinnige âld man dy't him sels rêde woe en him weromlutsen hie út it drokke libben en folslein syn eigen gong gie.

Ik tink dat ik it boek noch mar ris te foarskyn helje en der mar wer ris yndûk. Moai, sokke ferhalen. Soks wurdt net mear skreaun. Lokkich kaam it wer even ta libben op de moaiste jûn fan dizze wike!

Pleatst: 24-09-2010 / 17:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nei it suden...

It parkearplak wie hielendal leech. Allinne ús RedBull stie der noch, mei de skriuwer fan dit stikje achter it stjoer. De motor wie út en ien fan de terreinbehearders dy't de kontainers, karavans en húskewein op slot die omdat ek hy fuortgean soe, kaam op my ta mei de fraach: 'Kan ik u ergens mee helpen?' Fansels, wy wienen wer ris lêst omdat Wilma en Wietsche sa nedich troch it maisdoalhôf moasten...

Nee, de froulju wienen net ferdwaald, dat foel ta, mar wy hienen krekt net de teaterfoarstelling Douwn South far Tryater west. Dy foarstelling fûn plak ûnder Ljouwert yn de 'ieuwenâlde' gerslannen flak by it nije Techum. De Súdlannen sa't se dat ek wol sizze. It wie in ûnderfining op himsels. It publyk moast lâns ferskate lokaasjes, troch de maisfjilden, oer in boerehiem en op nei de nijbou dêr't de kasko's fan de nije huzen fan Richard en Pats al delsetten wienen. Richard kaam as Hollannner nei Fryslân te wenjen en Pats kaam nei in skieding ek wer de kant fan har bertegrûn út.

Wat docht dat mei in minske? Ek foar Euwe en Dieuwke kamen der hiel wat gefoelens los. Sy moasten de grûn, dêr't generaasjes lang op buorke, wie ôfstean oan de nijbou dy't hielyd tichter by kaam. As kaam it ein fan harren libben tichteby? Alteast dat tocht Dieuwke doe't de geheimsinnige cowboys op harren hiem kamen om, ja om wat? Om moaie mankelike ferskes te sjongen? As wienen se yn harren swarte klean de dragers fan, litte wy sizze, 'de Laatste Eer'

De foarstelling wie hiel byldzjend. De lokaasjes wienen hiel bysûnder en om't de hoarizon ôfsletten wie troch it hege mais, hienen jo konstant it idee dat de lûden om jo hinne troch de lûdsboksen kamen. Sels komme jo ek yn in bepaalde sfear en ûnderfine jo dizze kuiertocht as in tocht fan it âlde nei it nije, fan de âld boeren Euwe en Dieuwke nei de jonge Sproet. De jonge Sproet dy't as trettjin jierrich famke hielendal gjin sin hat om yn in nij hûs te wenjen en útnaaid en har oanslute wol by de swarte desperado's mar by eintsjebeslút dochs mar wer har mem wer yn 'e earmen slút. Dieuwke sei it hiel treffend: 'Wy as âlderen langje nei it ferline en jimme as jongeren langje nei de takomst!'

It wie in fantastyske middei, in geweldige ûnderfining, knap dat Tryater sa moai de omjouwing, de sfear en de nijmoaderige ûntjouwingen foarm jaan kin. En moai dat elk syn eigen gefoelens, syn eigen sfear dêr by oproppe kin. Jo tinke bygelyks oan Once Upone a Time in the West, oan it nûmer Desperado fan de Eagles en oan it stik Iensum yn Ierlân wêryn Joop Wittermans ek mei in grut gewear rûn swaait en in kacheltsje oan diggels knalt. Eins fyn it dat it publyk har stil hâlde moat en swijend de tocht troch de Súdlannen ûnderfine moat, elk mei syn eigen tinzen, hielendal yn syn eigen sfear. Ik fyn it dan ek nuver en somtiden steurend dat der ûnder de kuiertocht minsken binne dy't harren drok meitsje oer harren nije learzens, prate oer de polityk en fertelle dat se thús altyd Hollânsk prate, wylst se no gewoan yn it Frysk tsjin harren buorman fan dizze middei prate...

Is dat ek in nije ûntjouwing? Dat it Frysk ferdwynt en plak makket foar it Hollânsk? Dat Down South in Ingelske titel is en dat de foarstelling foar in grut part yn it Hollânsk spile wurdt en dat Tryater it op de programmakaart hat oer Credits? Is dat de oprukkende nijbou?

Lokkich is der dan de McDonalds. Komme jo hielendal werom ierde. Werom yn 'e waan fan 'e dei dêr't in folwoeksen frou fan jo leeftyd mei blaue en rôze flachjes rûnrint om út te dielen oan 'e bern. It soe dan ek moai wêze dat Jelle, ús lytse yndiaantsje út Down South, troch de McDonalds fleane soe en elk in pylkje mei in sûchnapke tsjin de holle skeat...

Pleatst: 19-09-2010 / 13:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Japie...

Juster stroffele ik by thúskomst hast oer in glês dat yn de bykeuken stie. En dan bedoel ik in bierglês. Feestje west? Rotsoai achterlitten? Hielendal net, wy binne kreaze minsken en fiere gjin sûpfeesten yn ús bykeuken...

Doe't ik it glês wat better beseach, seach ik dat der in nuveraardich beest ûnder siet. Wilma hie dit ynsekt fongen en út nijsgjirrigens stean litten. Wat wie dit foar in skepsel? Neffens my wie it in krekel. Yn it Frysk in imerke. It wie in ynjouwing en doe't ik nei it googlejen it bypassende plaatsje beseach, moast it wol kloppe. Aardich soks.

Nei't wy Japie identifisearre hienen, mocht hy de wide wrâld wol wer yn. Pinokkio soe him fêst misse. Mar it gie wat mis. Want ik woe it glês mei in bierfiltsje ôfdekke, oars soe hy it hok ynfleane kinne. Mei in handige beweging klapte ik it filtsje ûnder it glês. Spitigernôch siet Japie dertusken, lokkich net midstwa. Doe't ik him achterhûs fleane liet, fleach hy, sa te sjen, yn ien stik syn lok temjitte. It soe wêze kinne dat hy healwei de tún wat ûnderdielen kwyt reitsje soe, mar sa as ik it besjen koe, soe hy mei wat fysiotherapy der wol wer boppe-op komme...

Oh ja, in fersyk! Wolle de trouwe lêzers harren stim útbringe op 'e knaptse baby fan noardeast Fryslân?! Ús pakesizzer doch mei oan de kriich foar baby fan 'e moanne fan it Frysktalige tiidskrift Heit & Mem. Op de njonkensteande foto kinne jimme sjen wa't jimme oanklikke moatte. Dit is de link en op dizze knappe jongfeint moatte jimme jim stim útbringe!

Pleatst: 15-09-2010 / 18:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Net dwaan...

Even in tip. (Sels traapje ik der altyd wer yn...) Net even hurd in update ynstallearje. Ear't jo it yn 'e gaten ha, hingje jo wer yn heal oere oan it ynternet.

Ik mei graach myn telefoan oan 'e PC hingje. Dan kinne jo backups meitsje, jo kontakten ûnderhâlde en de aginda syngronisearje. Altyd handich.

No joech de PC oan dat der in update foar de telefoansoftware foarhannen wie. Gau dwaan, tocht ik. Mar ik bin njoggen oere begûn en nei trije kertier is hy noch dwaande. Boppedat moast ik wer ris sykje om de wachtwurden en tagongskoades.

Foardiel is wol dat ik, wylst ik sit te wachtsjen, moai even in lyts ferhaaltsje foar dit weblog skriuwe kin...

Pleatst: 13-09-2010 / 22:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Giet it goed?

Dat stie der by yn it e-mailberjocht. Mei tank oan de fotograaf foar dizze aardige foto...

Pleatst: 12-09-2010 / 16:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Op en del...

Sûnt ik in update fan it fideobewurkingsprogramma delhelle ha, is it probleem mei de geheugensteuring oer. Dat is posityf, want no kin ik lang om let oan de noch lizzende filmkes begjinne.

Wol in wrâld op himsels: fideobewurking. Foaral as jo it yn HD-kwaliteit dwaan wolle. Dan hat ek in krêftige kompjûter der in protte wurk fan en docht hy by in filmke fan sa'n 20 minuten oars net as rekkenjen en ratteljen. Mar it is slagge! No moast it filmke noch weiskreaun wurde. En dat kin yn alderhande formaten. En hoe koe it ek oars, dat woe net sa as ik woe.

Earst mar op in DVD brâne. Dêr hie hy hast in hiele nacht wurk mei. En doe mislearre it ek noch... De film stie der mar heal op. Hoe't dat kin? Siz it mar. Dan mar yn in oar formaat weiskriuwe en dan letter mar op DVD brâne. Slagge goed, allinne de byldferhâldingen kloppen net. It wie 4:3 en it moast 16:9 wêze. Wie wol goed ynsteld. En dan mar wer sykje op it ynternet...

Wylst de PC boppe moai oan it konfertearjen (weiskriuwe en opslaan) wie, koe ik ûnder sykje om de problemen dy't ik tsjinkaam op te lossen. Sa as ik sei: wolkom yn 'e wrâld fan fideobewurking. Man, wat in formaten, codecs en oare eigenaardichheden op fideomêd. En dan docht bliken dat ik net de ienichste bin dy't tsjin fan alles en noch wat oanrint. En dan moatte jo foaral yn HD-kwaliteit begjinne, man dat freget om problemen.

En dan begjin ik op 't lêst mar wat te laitsjen. Wat moatte jo oars? De kompjûterwrâld sit frjemd ynmekoar en as jo alles begripe wolle, ha jo wiken wurk om it allegearre op in rychje te krijen. Jo moatte je foaral net ergerje, je geduld bewarje en gewoan trochgean.

Yn myn gefal wie dat op en del rinne. Fan de keamer beneden nei it keamerke hielendal boppe. Trep op, trep ôf. Fan de iene PC nei de oare. De boppeste wie oan it filmke meitsjen en ûnder wie ik oan it googlejen. Kin dat net tagelyk? De PC's sitte dochs yn in netwurk? Soenen jo al sizze, mar as in PC mei fideobewurking oan 'e gong is, dan kinne jo dizze net brûke foar oare saken. En dan is it handich dat jo twa PC's ha. Allinne wer net handich as dy dan net njonken elkoar stean...

De film is aanst klear, mar de baas moat no nei dokter. Lêst fan 'e knibbels fanwege de trep en lêst fan 'e holle fanwege 878 codecs, byld- en bestânsformaten. Froeger wienen se noch net iens sa ûnnoazel. Gewoan in 8 milimeter filmke en dan knippe en plakke mei in meske as in skjirre en spesjaal dêrfoar oarnearre plakbân. Dat wie dúdlik!

Pleatst: 11-09-2010 / 17:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Geheugen?

Nuver berjocht yn myn postfakje:

Hendrik,
Kinsto dyn webside ek wat breder meitsje?
Haw no hiel grut skerm en dan komt it net sa moai út...
Haw hiele nije kompjûter mei 24 inch skerm, Windows 7 der op, gigantysk folle geheugen net fol te krijen tink ik! Mar wol sa bliid as in protter...

Fansels wit ik wol wa't dit moaie berjocht stjoerd hat, mar fanwege de wet op 'e privacy hâlde wy dat mar even stil. It is wol wat mei dy grutte skermen tsjinwurdich, jo bliuwe de webside oan it oanpassen. It is noch net iens sa lang lyn dat ik de side breder makke ha. Mar noch net breed genôch, sa docht bliken.

Dat fol krijen fan it geheugen is ek mar betreklik. Sels ha wy ek in oare PC oantúchd en it geheugen is, sa't de skriuwer fan boppesteand berjocht ek al skriuwt, gigantysk. Jo soenen sizze dat der hast in komplete film yn dat geheugen passet. Dêrom ha wy him ek oanskaft: om filmkes te bewurkjen. Der leit noch aardich wat rûch materiaal klear om ta in aardich filmke montearre te wurden. Mar op de âlde PC duorre soks in ivichheid, fandêr dy oankeap.

Doe't ik ôfrûne wykein foar it earst mei in jûnsfoljende film oan 'e gong soe, hie de PC nei in pear shots al skin syn nocht en joech in geheugensteuring. In oar programma as proeffersy delhelje, mar ek dizze software hie mei ien filmke al problemen en kaam mei in nuvere melding. Geheugen net fol te krijen?!

Ik hie wol sa myn nocht, dat ik de PC útknald ha en ik ha der in wike net nei omsjoen. Stom ding... Ja bêste minsken, soks oerkomt my dus ek... Fan 'e wike mar even mei de leveransier belje. Soks doocht net. De filmleafhawwers sille dus even wachtsje moatte. 'Komt een PC bij de dokter' giet pas oer twa moanne yn premiêre...

Pleatst: 08-09-2010 / 22:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kluun?

It bliuwt lestich mei ús namme. Dit seagen wy juster yn Aldegea (Sm). Mar it wie wol in prachtich optreden dêr yn 'e smûke Skipperseal...

Pleatst: 05-09-2010 / 14:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn ien wurd: geweldich!

Wat in moaie dei en wat in prachtich breidspear. Fansels binne der op dizze dei in hiele protte filmkes en foto's makke. Dit is mar in hiel lyts foarpriuwke. Dit 'shot' is keazen om't it kariljon fan it stedhûs sa'n moai tapaslik deuntsje spilet...

Pleatst: 05-09-2010 / 14:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

All over the world... (2)

Pleatst: 04-09-2010 / 17:40 oere - Reagearje? - Nei boppen