Admiraliteitsdagen…


Sjoch, dit wie fansels it moaiste wat ik by de Admiraliteitsdagen oantrof… En it aldermoaiste is as de auto’s dan noch hielendal orizjineel binne. In T2 mei rjochthoekige achterljochten en bolle tsjildoppen kin dan fansels net. En in ferlege T1 is hielendal net om oan te sjen. Mar dit wie wol in moai eksimplaar… En dan ek noch mei foarrútsjes dy’t iepen kinne…

En dan te betinken dat sokke moaie auto’s froeger mei boskjes nei de sloop ta giene… (De foto’s fan de sloper binne makke yn myn berteplak by ús op it garaazjeplein. Dat sil sa ein jierren 70 fan de foarige west ieuw wêze…)


Pleatst: 11–09-2019  - 13:44 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ald en Nij…


Dizze foto fûn ik krekt wat te let… Want hy passe moai by it tema fan ús doarpsfeest. Ald en Nij. Op dizze foto út de jierren 60 fan de foarige ieuw hâlden wy in optocht fan fersierde weinen yn myn bertedoarp. Aardich dat de TV fan doe omskreaun waard as in Moderne Kijkdoos Jaja, in televyzje wie doe modern! En ek sa grut dat it wol like dat de minsken der echt yn sieten… Ik sit ek earne op dizze wein, sykje mar even. En ik sit net yn de kijkdoos. Dat wiene myn broer en myn nichtsje (alteast dat tink ik…)


By de optocht fan dit jier wie der in lyksoartige wein. Allinne wie de iPad (as foar de puristen; it tablet…) it moderne fertier. Want kijkdoos kinne jo sa’n plat ding echt net neame…


Grappich om te sjen dat we doe gewoan los op ’e wein sieten. Gjin stekken as soksawat deromhinne. En ek gjin âlders dy’t meifytsten. It koe doe allegearre…

Sjoch mar nei dizze foto. Wy as mûzen ferklaaid op de beskút. Wy wiene hielendal net benaud dat wy, as sieten wy op de draaiskiif yn Sybrandy’s fûgeltsjepark, der yn de bocht ôffleagen.


En ús heit stjoerde de trekker. In foar dy tiid hiele moderne Hanomag. No meie sokke trekkers meidwaan oan Oldtimerdagen…


Tiden hawwe tiden…

Pleatst: 04–09-2019  - 13:52 oere - Reagearje? - Nei boppen

In persoanlike webside

h@vanderhei.de