Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Zie de maan schijnt door de bomen... (2)

It wie allegearre aksje yn ús doarp dit wykein. Tongersdeitejûn en justerjûn de moaie toanielútfiering troch ús eigen Hantumer Ploechje en hjoed de yntocht fan Sinteklaas. Op sokke dagen bart der in protte achter de skermen. In grut tal doarpsgenoaten en frijwilligers is yn tou om alles mar wer slagje te litten. Geweldich!

Fan 'e moarn om healwei tsienen de tillefoan: panyk yn it doarpshûs! Gjin stroom. En om't ferskate bestjoersleden net te berikken wienen, kamen se by my telâne. Ik fûn it net slim, want ik moast om tsien oere by de kapper wêze, ik moast der dochs út. Der sit earne sluting yn 'e lampen, want by it gebrûk fan in bepaalde skeakelknopke, fleach de ierdlekskeakelaar der iderkear út. Lokkich wie de steuring gau oplost en koenen de fiif frijwilligers trochgean mei it skjinmeitsjen fan ús doarpshûs want 'De âld man komt fan 'e middei', neffes ien fan de poetsers...

It waard in moai Sinteklaasfeest, mei in spektakulêre befrijjingsaksje fan Sinteklaas. Net mei it hynder nei it doarpshûs, mar mei in heechwurker op rupsbannen. Moai om te sjen dat foaral de jongere bern it prachtich fine en it allegearre yntensyf meibelibje. Hielendal net bang foar Sinteklaas en Swarte Pyt. Hiel dryst stappe se nei foaren om fanalles oan Sinteklaas te fertellen... Ik koe in protte moaie plaatsjes meitsje.

Klik hjir om de foto's te besjen. En mochten jimme tinke dat guon bern dochs wat frjemde eagen ha, dat kloppet, want de steurende reade eagen ha ik besocht fuort te wurkjen.

Pleatst: 29-11-2008 / 20:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

Zie de maan schijnt door de bomen...

Letter mear...

Pleatst: 29-11-2008 / 18:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

De bril fan Sjouke...

Yn 'e lêste sêne stie Sjouke samar mei syn bril yn 'e hannen. Hy seach my oan en sei: 'En baas, as wy dan safolle sinten fertsjinje, kin der dan ek in nije bril foar my ôf?'

Dat wie spitich, want Sjouke hat in hiel bysûnder briltsje. Al in hiele âlde, lyts en moai rûn. Echt sa'n Sjouke bril.

dat der moat in oarenien komme. En wêr fine jo soks? Op marktplaats.nl fansels... Ik ha al sa'n fiif biedingen dien en ik ha ek al twa krigen. Ik keapje mar wat mear, want dan hat Sjouke ien foar it brekken. Hy wurket ek sa hurd dat jo de bril wolris fan 'e holle falt.

By ien advertinsje ha 'k it idee dat der in famyljelid iderkear mear biedt. Dat ik bin mar ophâlden mei bieden, it moat in aardichheidsje bliuwe. Moat ek net sa wêze dat Sjouke in bril fan in fermogen op 'e noas hat, dan wurdt hy ek noch eigenwiis...

Immen brillen ferkeapje...

Pleatst: 28-11-2008 / 16:50 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wonen & Co (2)

Witte jimme it noch? Fan dat doarke fan 'e keuken dat derút fallen wie? Fansels wie dat net 'high-fashion' it doarke wie gewoan tenein en om't de wenningbouwferiening it nije keukenblok noch bestelle moast, ha wy it earst sa mar litten.

Hjoed kamen de mannen. Twa man sterk. Fansels wakker beare fan sa'n âlderwetske keuken, mar dat kin ús neat skele. Mei faasje binne de mannen oan it wurk gien en se hienen likernôch om healwei twaen de boel deryn. Se ha net iens skoft hân, se ha even trochset. Ist ek mar klear, is't net sa?

Om't wy elkoar hjir yn it noarden hast allegearre kinne, soe it al nuver wêze as der in ûnbekende troch de doar stappe soe. It wie in kunde út Wierum, ús bern hienen op 'e MAVO by elkoar yn 'e klasse sitten, wy tennisje wolris meielkoar en ek op it toanielmêd ha wy wol ris kontakt hân. It praat dan wol maklik. En sa ûnder it wurk ha wy hiel wat kwinkslaggen makke.

Under de kofje kaam it petear op harren wurkjouwer. De ôfdieling ûnderhâld fan de wenningbouferiening soe meikoarten selstannich fierder gean. Fansels heart dêr in oare namme by. Se hjitte aanst fan tsjnst. En nee, it is gjin tikflater. (Soe kinne, want dat bart wol faker...) Tsjinst, mar dan sûnder i. Fansels fûnen se dat mar neat. En se hienen der ek al kommentaar op krigen. Kin ek hast net oars, neffes ien fan de mannen, want in Grinslanner hie it betocht... Aanst allegearre wer oare wurkklean, oare auto's, ja by harren bedriuwspand ha se sels in eigen yngong krigen.

Neffes de mannen gienen harren âlde klean nei Roemenië. Dat dêr fleane no aanst timmerlju om yn jassen fol mei plakken pur en ferve fan Woningbouwcorporatie Dongeradeel...

Pleatst: 26-11-2008 / 15:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sinteklaas...

Hjoed moast ik my wer melde by de ARBO-dokter. It bliuwt jo ferbazen, want wylst jo mei de man sitte te praten, tikt hy fuortendaliks it ferslach út op syn laptop. Mei't gefolch dat jo dêr mar wat sitte foar jin út te staren. Jo doarre sa'n man dan ek neat te freegjen, want ik wit hoe't dat giet. Kompjûterje en prate, lit stean antwurd jaan op fragen, giet net tegearre. Wol wat ûnfatsoenlik. Wy skriuwe pas in ferslach as it petear west hat. Dan geane jo der even foar sitten en litte jo de 'klanten' net ûnnedich wachtsje.

Mar it liket fierders goed. De kwaal is noch net oer, mar it giet foarút. Stadich en wikselfallich, mar dochs! En jannewaris wer in petear. Oan't salang bin ik oan it 're-yntegrearjen'. Foar heale dagen oan it wurk en oefenjen bliuwe...

Noch in aardige tip: de CD Fryske ferskes foar Sinteklaas. . Hjoed fûn ik dizze CD op skoalle. In aardich inisjatyf fan Warber Fryslân. Ha jo ek ris wat oare ferskes om dizze tiid hinne. Ynsongen troch û.o. Gurbe Douwstra, Piter Wilkens en Meindert Talma. In moaie Fryske CD. De teksten sitte der by, dat jimme kinne mar mei-âlje. Moat al nuver wêze at Sinteklaas jimme dan foarby giet...

It binne hiele spannende dagen
foar alle bern en Piterbazen.
Want doe’t er oankaam yn ’e Fryske Wâlden
wie Sinteklaas hiel slim ferkâlden...

Pleatst: 25-11-2008 / 22:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oerliz is it heale wurk... Stinnen de oare helte

Lês hjir it ferslach fan dizze prachtige doarpsjûn! Klik hjir foar foto's fan dizze jûn en ek op ús doarpsside 'Op 'e Bel' steane moaie foto's.
Hulde foar de kommisje, want it is yn ien wurd in skitterend boek wurden. In echte oanrieder foar elkenien dy't ús 4 doarpen in waarm hert tadrage...

Pleatst: 23-11-2008 / 23:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nuvere wiven (2)

Even it log fan ferline jier 17 novimber oanhelje:

"Van der Heide en Douma,
Wy binne bliid dat jimme it oare jier by ús yn Alde Leie komme te spyljen. It sprekt fansels dat wy dy jûn goed op jim passe mei in hapke en in drankje. En ik kin jim no alfêst fertelle wat jimme de jûns om seis oere ite kinne. Stamppot !

Aukje en ik (de nuvere wiven) organisearje dizze jûn. Wy beginne om seis oere mei stamppot ite foar alle minsken dy't harren opjouwe. Men kin kieze út trije ferskillende stamppotten, fansels mei woarst of in speklapke. Om plm.20.00 oere folget dan jim programma. Ferline jier ha wy ek stamppot iten organisearre, mei in shantykoar der efter oan. It doarpshûs siet stamp(pot)fol, en it wie in grut sukses.

De nuvere wiven binne gewoan twa froulju út it doarp, dy't fine dat der ris wat leuks barre moat. Wy organisearje al 10 jier nachtkeatsen, ek mei iten fansels. Wy ha al in pear kear in playbackshow organisearre, en by alles wat wy útfine is it doarpshûs of it sportfjild grôtfol minsken. Wy doarre dan ek wol te garandearjen dat it doarpshûs op 21 novimber 2008 fol sit mei minsken, dy't allegearre sin ha oan in noflike jûn.
Oant 2008!"

Justerjûn wie it safier en it wie wier, it doarpshûs siet stampfol en it wie tige gesellich. En ik moat sizze, it kloppet hielendal, it binne 'nuvere wiven' yn 'e goeie sin fan it wurd. Wy hienen it poerbêst! Kar út trije soarten stamppot, mei alderhande soarten fleis en woarst en ek noch in hearlik toetje nei! Se hienen it bêste mei ús foar. Op de foto ien fan de twa dy't mei de hannen wit hoe heech de oandacht besiket te krijen. Nei it optreden krigen wy net, sa as meast gebrûklik, in boskje blommen, mar in pûde mei pipernuten. En dat passe alhiel yn de sfear fan 'e jûn!

Pleatst: 22-11-2008 / 18:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Israel Kamakawiwo'ole

Soms ha jo dat, dan bliuwt in hiele jûn in deuntsje dy yn 'e holle hingjen. Dat ha ik mei dat deuntsje fan de Menzis-reklame...

No skine se dat ferske ek al brûkt te hawwen yn 2005. Mar it is hjoed de dei wer tige populêr. De artyst is in Hawaïaanse sjonger mei boppesteande, hast ûnútsprekbere namme Israel Kamakawiwo'ole. Fanwege de lingte fan syn namme waard hy faaks gewoan Iz neamd. Hy libbet ek al net mear en it neamde nûmer is al opnaam yn 1993.

Dochs moai dat jo dan wer alles op it ynternet fine kinne nei oanlieding fan sa'n pakkend muzykje...

Pleatst: 20-11-2008 / 09:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rûm Sop

Moai putsje! In nije webside meitsje foar SOS Gelegenheidskoar Rûm Sop. De âlde wie oan fernijing ta en de webjuffer wie noch nea oan it 'restylen' ta kaam. Sadwaande kaam dy fraach by my yn de mailboks.

No sit ik ek net echt op mear wurk te wachtsjen, mar om't ik op't heden thús bin (giet de goeie kant út...), koe ik der wol wat tiid ynstekke. En as ik ien kear dwaande bin... Dat de ôfrûne dagen siet ik op kop en earen yn Rûm Sop. Iderkear mar wer wat útfine. It is wol aardich slagge as sis ik it sels...

Ien fan de moaiste dingen is de Rûm Sop-spiler. (Sjoch foto) In echte mp3-spiler dêr't jo inkelde nûmers fan ús CD mei ôfspylje kinne. Hjir wurket de spiler net, mar as jo dizze yn aksje sjen wolle, surf dan nei www.rumsop.nl en klik op beeld & geluid.

Sa, no is Rûm Sop ek wer up-to-date. No earst mar wer ophâlde. Der binne wer wat oare putsjes. Sa as dizze side bygelyks...

Pleatst: 19-11-2008 / 13:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Zachtjes gaan de paardenvoetjes...

Wy hienen juster wat mei de Westerein. Wilma moast juster mei hynder en wein yn de Westerein Sinterklaas ynhelje en wy moasten justerjûn mei ús kabaret in buertjûn fersoargje yn itselde doarp. Foar in hiele protte Sinterklaasfoto's, sjoch op de side fan www.112zwaagwesteinde.nl (Mei tank foar de foto)

Der kamen twa spontane antwurden op de twa riedsels yn it foarige log. Spitigernôch wiene se beide fout, hoewol de iene ynstjoerder mar in hiel lyts flaterke makke hie. It tanken fan de auto wie yn Broeksterwâlde, mei as sjauffeur Marten Remko en it tanken fan de kuolkast wie yn de supermerke fan C1000 yn Dokkum. Mei tank oan de ynstoerders...

Pleatst: 16-11-2008 / 22:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tanke...

Wer foar in wike 'ynlade'.
Wol in aardich riedsel. Wêr tanke wy dan op beide foto's? En riedsel twa: bestjoert de fotograaf beide rydtugen?

Pleatst: 15-11-2008 / 14:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ljochtmoanne...

In minne nacht, moarns betiid in tillefoantsje dat de ôfspraak by dokter net troch gie, twa tillefoantsjes fan goeie kunde mei teloarstellend nijs, it profyl fan de kompjûter dat net wurket sa as oars, in freon dy't gesellich op besite kaam, mar dy't yn in 'arbeidsconflict' ferwikkele wie en slimme ûngemakken op 'e Wâldwei. In ferkearsgaos yn Fryslân neffes de plysje. No mar hoopje dat myn freon net op 'e weromreis yn dy gaos telâne kaam is.

En it wie ljochtmoanne juster...

Soe dat der dan dochs mei te krije ha? Dat it dêrtroch kaam dat it in pechdei wie? Ik leau dêr net sa yn, mar as it dan doch allegearre op sa'n dei bart, dan twifele jo wolris...

Sjoch hjir mar ris foar mear ynformaasje:
Maakt volle maan mensen krankzinnig?
Volle maan, onrustige kinderen

De moanne foar in skieppetsjiis oansjen...

Pleatst: 14-11-2008 / 16:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hier woont een rijke man...

No, dat is ek wat! Der is fan 'e jûn mar trije kear by ús oanbelle. Mar trije groepkes fan hongerige bern. En it moaiste wie dat se ek noch net iens in lampion by harren hienen. Wat in keale boel...

Lokkich hiene wy, as kompensaasje, in earmoedich ljochtsje yn 'e hal hingjen. By C1000 wei, in echt Sint Maartenpakket... der siet wol in skuor yn, want Wilma hie de lampion wat te rûch útelkoar lutsen...

Pleatst: 11-11-2008 / 21:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Halt, wie daar?

Ferline wike binne Wilma en Wietsche op hynstetocht west. Yn de Marne, it militêre terrein fan definsje. It wie wol in hiel gedoch om op it kazerneterrein te kommen, want fanwege in útsjoering fan SBS 6 weryn bliken die dat it tige maklik is om samar op hiele geheime lokaasjes te kommen, moasten de froulju ien foar ien en nei in protte kontrôles nei it optúchplak toffelje. Mar de tocht wie prachtich yn in hiel moai gebiet...

Op de webside fan Stichting Paardensport de Marne stiet it slagjen fan de tocht sa omskreaun:

De najaarsrit is weer een succes geworden met droog weer. Niet eens zo verschrikkelijk koud. Defensie was ook heel tevreden met het verloop van de dag. We konden dus met een voldaan gevoel het terrein achter ons laten om een uur of 5. We hebben gelukkig niemand hoeven teleur te stellen, want uiteindelijk waren er 117 deelnemers, daar is de organisatie erg blij om.

Sjoch hjir foar mear foto's.

Pleatst: 10-11-2008 / 23:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wonen & Co...

Elke wike krije wy tal fan bylagen by de Ljouwerter krante. Oer auto's, oer ûndernimmen, de útkrante en sneons de bylage 'Wonen & Co'. Kommersjeel gedoch... Sitte wy dochs net op te wachtsjen?!

Foaral oan dy bylagen oer wenjen kin ik my ferskriklik ergerje. Ien as d'oar slagge 'managementgesin' by foarkar wenjend yn in ferboude buorkerij, tramstasjon, dûbeld winkeltsje as hiel karakteristyk wâldwentsje. Fansels it hiele hûs feboud as kostet it neat, hielendal ynrjochte neffes de lêste Libelle-noarm, alles kocht by winkels dêr't wy noch nea fan heard ha en mar kraaie dat it sa prachtich is. SUPER!

Wy ha dêr neat mei, krekt as binne jo pas lokkich as it hûs fol stiet mei meubels fan 'geduldig oerhout' en 'George Nelson, kracht achter de toptijd voor Amerikaans design in de vorige eeuw...'

Sokke reporters komme nea by ús. Hoecht ek net, want harren fototastel spat spontaan útelkoar by it sjen fan safolle gewoane saken. Dêrom dogge wy it sels mar, as tsjinwicht op de moderne wenbalâns...


Klik hjir foar interieurfoto's...

Men siket faak om fierrens it lok dat foar jins fuotten leit...

Pleatst: 08-11-2008 / 14:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ypeymûne...

Hjoed ha'k foto's op de webside fan skoalle setten. Net oan it wurk, mar der dochs by belutsen... De bern fan groep 5 en 6 binne mei in stazjêre op bisite by de Ypeymûne yn de Ryptsjerksterpolder west. De bern fûnen it prachtich en hiel nijsgjirrich.
Klik hjir foar in moai fotoferslach. Bygeande foto is makke troch de stazjêre.

As de wyn omrint, moat men de mole kruie...

Klik foar in fergrutting

Pleatst: 06-11-2008 / 22:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Puurbest!

We hebben ons de afgelopen twee weken de buisen uitgescheurd bij het lezen van het mooie boek Bokwerd Totaal welke geschreven is door Wabbe Wisses Rnz. hetwelk weer een bijnaam is voor Rink van der Velde.

Alle drie eertijds verschenen boekwerkjes over Bokwerd hebben ze gaar gebracht in een mansk boek van wel zo'n 400 bladzijden.

Centraal in dit vermakelijke boek staat het dorpje Bokwerd, welke we kunnen vergelijken met Hantum. En dan doet blijken dat er in de afgelopen 30 jaar weinig veranderd is, want ook nu wonen er in ons kleine dorpje onverstanden die menen alles te weten en het leven in een klein dorpje zeer vermakelijk maken. Ook na zo'n veerns eeuw doet blijken dat het dorpsleven eigenlijk nog steeds hetzelfde is, waarvoor hulde!

Wij waren wel optein dat het boek niet helemaal in het Fries geschreven is, want wij mogen zelf ook graag in het Fries ompielen, maar men moet het vanzelf niet overdrijven, hetgeen maar al te vaak gebeurt...

Al met al een aanrader en wij willen onze lezers dan ook graag meegenieten laten met een klein stuk uit dit puurbeste boek, waarmee we ons weer tot de tenen toe uit hebben vermaakt omdat het over een schoolmeester gaat welke de kinderen maar wat geworden laat...

Klik hier om dat vermakelijke stukje te lezen, hoewel wij niet moeten denken dat schrijver dezes de kinderen in zijn klas ook maar wat heen en weer laat vliegen, nee geregeldweg krijgen deze kinderen nog met de stok over de huid!

Pleatst: 05-11-2008 / 18:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

In mearke...

Juster Jan Klaassen, hjoed Roodkapje. It is wat fantasy de earste dagen fan novimber. Mar dat komt fansels ek om't wy perfoast net oan Halloween dogge. Fierstente gefaarlik! Wy hâlde it ûnskuldich by âlderwetske mearkes. In hiel lyts gedielte út ús sketske fan Readmûtske. Wa't mear heare as sjen wol, dy moat mar ris in foarstelling fan ús bywenje...


Mei tank oan: Roodkapje de Musical

Pleatst: 02-11-2008 / 23:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nije rubryk...

Mei yngong fan dizze nije moanne starte wy mei in nije rubryk.

Om't ik no fan need in protte thús sit, mei ik graach in protte lêze. Dan kin fan alles wêze! De krante, in moai boek, in tiidskrift, in webside as it rapport fan de ARBO-dokter. Faaks kom ik yn al dizze media aardige saken tsjin en wol ik jimme dat net ûnthâlde. Fansels kin ik it net litte om dêr meastentiids wat persoanliks oan ta te heakjen.

No mar sjen hoe lang wy dit folhâlde, want ik kin my heuge dat ik ea ris in rubryk 'Kuierke' begûn bin. Mar om't it rinnen net echt in sukses is, stiet dizze rubryk op in sêft pitsje...

Út de Ljouwerter fan hjoed in citaat út in artikel fan Anne Rispens yn de sneonsbylage Minske & Mear:

"Bij die systeemgerichte benadering horen naast het levenslange leren eveneens de beruchte POP-gesprekken en het talentmanagement. Al deze goedbedoelde initiatieven waarin de medewerker oorspronkelijk centraal stond, worden volgens Becker stap voor stap gesystematiseerd met formulieren en meetbare competenties en resultaten.
Becker: 'Deze standaardisering en formalisering geeft een illusie van controle. Het lijkt erop dat je als organisatie alles transparant en meetbaar hebt gemaakt. Maar dat is slechts schijn. Onder de oppervlakte borrelt de ontevredenheid van de werknemers. En het is maar de vraag of de efficiëntie binnen de organisatie hierdoor daadwerkelijk verbetert.'
..."

Spesjaal foar myn kollega's ha'k dit stikje 'útknipt'. Miskien tinke jimme dat hjir, sa as yn it stikje beskreaun wurdt, in 'ontevreden werknemer' sit, mar dat is it ienichste wat yn myn gefal net opgiet!

Fan 'e moarn preke in dominy, mar fan 'e middei is it lêzen...

Pleatst: 01-11-2008 / 21:51 oere - Reagearje? - Nei boppen