Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Kollumersweach

Juster krige ik in tal foto's fan ús optreden yn Kollumersweach. Fia e-mail hie ik kontakt socht mei fotograaf Bennie Wiersinga en hy wie sa freonlik om my in protte foto's ta te stjoeren. Hjirby in lytse kollaazje. Koe ik ek moai it nije skript útprobearje. Dus bêste lêzers, klikke mar!

Foto's Kollumersweach. (Even mei de mûs oer de foto foar de folgjende...)

Pleatst: 26-11-2007 / 20:45 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ûnlijich...

Klik foar in fergrutting

Pleatst: 25-11-2007 / 22:10 oere - Reagearje? - Nei boppen


Script...

Lang leve 'myn' kompjûterblêd! Altyd al wollen op dizze side, mar no ha'k it foar elkoar. Mei tank oan dizze link: Lightbox 2.0. Klik op de folgjende link om it resultaat te besjen!: Klún & Knoffelhakke yn Kollumersweach.

Pleatst: 24-11-2007 / 18:54 oere - Reagearje? - Nei boppen


Woody...

Woody yn myn ferhaaltsje fan juster ropt wol reaksjes op! Marjan skreau 'Martzen vond de bonte specht heel mooi. Is wel bijzonder dat die bij jullie in de tuin zat.' En neffes Kees moat Woody hjir op 'e klaai wol mear foarkomme.

Lokkich kinne wy dat allegearre op it ynternet opsykje. Op www.waarneming.nl in kaart mei allegearre lytse fjouwerkantsjes. Elk fjouwerkantsjse is in tal waarnimmingen. By ús boppe yn Frylslân is it hiel leech. As better sein, gjin inkeld fjouwerkantsje te sjen. Dat Woody de klaai oandocht bliuwt dochs wol bysûnder. Miskien moatte wy ús wol melde op boppesteande side. Kin fansels ek wêze dat noait ien it trochjout...

En de side fan Woody Woodpecker wol even besykje hjer! Prachtich! Sûnder kompjûters koe men doetiids ek al hiele moaie dingen meitsje.
'Guess who?! Hèhèhè-hèèèè-hè...

Pleatst: 24-11-2007 / 12:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


Bûnt, blau en fergees...

Justerjûn moasten wy mei Klún & Knoffelhakke optrede yn Kollumersweach. De Passage bestie 60 jier en doe mochten wy sa'n 100 froulju fermeitsje yn de Trije Doarpen.

Dat wie wol wat, want Broer wie snipferkâlden! Hy hie hast gjin adem en moast iderkear prûste. Ien kear koe Herman sa hurd net syn mikrofoan nei ûnderen skowe en in grutte HATSJOE skalde troch de seal. De froulju sieten hast rjochtop, sa kjel waarden se. Mar dochs gie it tige goed en de froulje ha harren o sa fermakke.

De presidente knoffele yn it skoft mei in grutte BATS langút oer ús triedden en nei ôfrin moast se ús mei in grut blau each betanke, mar se loste dat wol aardich op. 'Jimme binne Klun & Knoffelhakke en ik bin in knoffelhakke'.

Foardat wy op moasten, krigen wy noch in hiele protte iten. De froulju hienen in bôlemiel hân en it like wol dat se alles wat se oer hienen by ús op tafel setten. En dy sop! Dat ha wy noch nea meimakke. It wie de sop mei it heechste oantal gehaktballen de kubike sentimeter...

Hjoed bin ik nei Palestra west. Om te trainen. As guon dit lêze, springe se fêst út harren fel. Wat moat Hendrik by Palestra! Hy traint dochs by ús! Jawis, en ik gean der ek net wei, mar dit oerke hie 'k oanbean krigen fan Broer. Hy is lid wurden fan Palestra en doe mocht hy in tal freonen útnoegje foar in yntroduksjeles. En dan ek noch hielendal fergees.

By Palestra ha se hiele moaie apparatuur. Kompjûterstjoerd en dat sprekt my wol oan. De famkes wienen oh sa aardich en om't ik woansdei myn oerke yn de Westerein oerslein hie, kaam dit no wol moai út. Mar bliuwe? Echt net, ik krige net iens in kopke kofje...

Hjoed ha 'k ek in nije tillefoan útsocht. Fia ynternet. Ik bin benijd. Alle sides dy't der mar te finen wiene ha 'k neilêzen. Mar wat in oanbod! Jo sjogge troch de beammen it bosk net mear. Mar de Samsung G600 is it wurden. Bin benijd. Soe'k ek mear begjinne te beljen? As wurdt it mear in fototastel... It kin allegearre hjoed oan de dei...

Oer beammen en bosk sprutsen. Hjoed seach ik by ús yn 'e tún in bûnte spjocht. Dat fyn ik wol bysûnder hjir op 'e klaai. Ik moat mar ris mei de fûgelwacht belje, want soks sjocht net elkenien. Miskien komt Pyt wol lâns om it waar te presintearjen...

Pleatst: 23-11-2007 / 21:44 oere - Reagearje? - Nei boppen


Albertus... (2)

Witte jimme it noch? It ferhaaltsje fan 14 novimber? Albertus dy't foto's makke? No, hjir binne se dan. En dêr sitte wy dan. Hiel modern it 'team te builden' mei fleskes Spa, yn in lanlike omjouwing, fier fan alle hektyk yn in lytse basisskoalle...

'Mannen broeders, sei Paulus, en it wiene allegearre âldewiven...'

Pleatst: 21-11-2007 / 23:06 oere - Reagearje? - Nei boppen


Winkeldief?

Jûn tsjin healwei seizen moast ik even in pak koeken helje. By de C-1000 wei yn Hurdegaryp. Mei in pak Bastognes yn 'e hân rûn ik nei de kassa. Healwei hearde ik hastich geklikkebik achter my. Skean út myn eagen wei seach ik dat in winkelfamke my achterfolge. Tocht se dat ik it pak koeken sa meinimme soe?

Doe't ik it pak op de rinnende bân sette, seach ik ferheard dat it Tjitske wie, dy 't achter my oankaam. 'Ik seach master en ik woe even freegje hoe't mei master is, wie har reaksje. Tjitske wie ien fan myn earste learlingen doe't ik yn Tytsjerk kaam. Net ien fan de makliksten, mar wol rjocht troch see. Wy hienen in aardich petearke en it gie hiel goed mei har. Moai om soks te hearen.

In moai gebaar fan Tjitske. Spesjaal achter master oandrave om even de groetnis te dwaan. Hie ik it okkerdeis net oer in lyts gebaar, dy 't in dei goed meitsje kin? No, dit wie der wer ien...

Pleatst: 20-11-2007 / 23:38 oere - Reagearje? - Nei boppen


It is wer safier...

Even foarôf. Net tinke dat ik op de foto fan it foarige stikje sels oan it sleuteljen bin! Haha, in skoallemaster mei remskiven oan 'e gong. Nee, de foto komt 'gewoan' fan ynternet...

Wilma moast juster ús grutte freon Sinterklaas ynhelje. Yn de Westerein. Mei hynder en wein. (Om mar yn it rymskema fan de Sint te bliuwen) Corrie rydt en Wilma rint foar by it hynder. En dat is net sa hiel ynterressant, want yn it fotoalbum op de side www.112zwaagwesteinde.nl is hjir fan mar ien foto te finen. Mar hy is der wer! It grutte Sinterklaas aventoer kin wer begjinne!


Pleatst: 18-11-2007 / 12:56 oere - Reagearje? - Nei boppen


Knipperje...

Der piipet en knippert wer fanalles op it dashboard fan de auto. It is in oranje lampke, dat betsjut prioriteit twa. Mei oare wurden, jo kinne trochride... Mar as jo de hantlieding leauwe moatte, is it knipperjen net bêst! Mar wat te dwaan as de VW spesjalist ticht is, sa as dit wykein? Dêr ha se gjin warskôging foar opnaam yn 'e hantlieding. En dêrom doch ik dat mar even...


Ja, jo ha ech pech. Wy binne sneons en sneins ticht. Moandei binne jo de earste. Mochten jo yn it wykein 'ernstige schade' oan de auto as 'ernstig lichamelijk letsel' oprinne, dan binne wy net oansprakelik. Dan moat jo auto mar troch de wike begjinne te piipjen. Wykeins moatte jo gewoan thúsbliuwe en de auto waskje. Dat is folle better. Sa'n auto hat syn rêst ek nedich...

Pleatst: 17-11-2007 / 13:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


Nuvere wiven...

Meastal krije wy 'gewoan' it kontrakt werom. Mar dizze kear siet der wol in hiel aardich briefke by. Nuvere wiven, dat belooft wat...!

"V.d Heide en Douma

Wy binne bliid dat jimme it oare jier by ús yn Alde Leie komme te spyljen. It sprekt fansels dat wy dy jûn goed op jim passe mei in hapke en in drankje. En ik kin jim no alfêst fertelle wat jimme de jûns om seis oere ite kinne. Stamppot !

Aukje en ik (de nuvere wiven) organisearje dizze jûn. Wy beginne om seis oere mei stamppot ite foar alle minsken dy't harren opjouwe. Men kin kieze út trije ferskillende stamppotten, fansels mei woarst of in speklapke. Om plm.20.00 oere folget dan jim programma. Ferline jier ha wy ek stamppot iten organisearre, mei in shantykoar der efter oan. It doarpshûs siet stamp(pot)fol, en it wie in grut sukses.

De nuvere wiven binne gewoan twa froulju út it doarp, dy't fine dat der ris wat leuks barre moat. Wy organisearje al 10 jier nachtkeatsen, ek mei iten fansels. Wy ha al in pear kear in playbackshow organisearre, en by alles wat wy útfine is it doarpshûs of it sportfjild grôtfol minsken. Wy doarre dan ek wol te garandearjen dat it doarpshûs op 21 novimber 2008 fol sit mei minsken, dy't allegearre sin ha oan in noflike jûn.
Oant 2008!"

Pleatst: 17-11-2007 / 00:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Djipterekord...

Pleatst: 16-11-2007 / 23:51 oere - Reagearje? - Nei boppen


Albertus...

Albertus komt fan Sleat. Moaier kin it net, want Sleat leit yn de moaiste hoeke fan Fryslân. Boppedat lizze myn 'roots' dêr ek en dat bliuwt dochs it plak fan myn hert...
Albertus is systeembegelieder by CEDIN. En dat hat neat mei kompjûters te krijen. In systeembegelieder helpt jo by feroaringsprosessen yn jo organisaasje. Yn ús gefal by ús op skoalle.

Dêr binne wy hjoed mei oan 'e gong west. Fan twaen oan't fan 'e jûn njoggen oere. Drok, yntensyf, mar o sa konstruktyf. Boppedat hienen wy 'dit-wurkjen-oan-feroaringen' net by ús op skoalle, mar yn Nij Andringastate by Marssum. In goed plak, mei lekkere kofje, moderne fleskes Spa en alderhearlikst iten. Hoewol dy garnalesop om my net hoegde, mar ik ha it dochs mar trochslokt. Wy wolle feroarje, dan ek mar feroaring fan 'spijs'...

No mar hoopje, en dêr gean ik eins ek net fan út, dat al ús skreppen foar neat west hat en dat wy de goeie wei ynslein binne. Albertus hat wakker foto's naam fan al dizze feroarjende minsken. Ik ha gjin idee wêr't dy keare. Hy hat leau 'k net in webside dêr't se op pleatst wurde. Eins hie 'k him freegje moatten om wat plaatsjes foar dizze side, dan koe elk sjen hoe't wy fan 'e hjoed switten ha. Wa wit lêst hy dit en stjoert miskien noch in foto. Wy wachtsje mar ôf.

De foto by dit stikje is fansels net fan Albertus. Hoewol dy wol te foarskyn kaam doe't ik even googele. Mar hy liket der wol wat op! Boppedat wie dizze Albertus ek noch in reade rakker. En mannen fan Sleat dogge soks net, dy binne o sa freonlik...

'Boargers fan Sleat, stean op it is dei,
de hoarn is fol skyt en de rattel is wei!
De koster is gek en de toer is mal,
ik wit neat mear wat ik roppe sal!'

Pleatst: 14-11-2007 / 23:00 oere - Reagearje? - Nei boppen


Hoera!

Njonken alle healwize berjochten fan hjoed: it jier fan de jierappel, de Olympyske Spullen yn 2028 nei Nederlân en de bulten snobguod fan Sint Maarten ek it moaie berjocht dat de Eagles in nij album ha! Geweldich! Dêr wiene wy oan ta.

Dan is it moai dat jo ynternet ha, want dy CD's (it is in dûbel album) fuort bestelle fansels. Ut Amearika wie fierstente djoer, mar fia Bol.com foar in gaadlik pryske. Hjoed besteld, moarn yn 'e hûs. De autoradio kin him mar wer klear meitsje. De trûbadoers yn 'e kast en the Eagles on The Long Road out of Eden. Moaie titel...

Pleatst: 12-11-2007 / 23:27 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kees Torn

Justerjûn binne Wilma en ik nei de Iisherberch west. Nei de foarstelling Dood en Verderf fan Kees Torn. Wy wienen moai op 'e tiid en de seal wie net útferkocht. It wie healfol en dêrmei moai intym.

Ik fûn it in moaie foarstelling. It is wat in aparte kabaretier. Hy komt wat slungelich oer en it liket krekt oft hy allegearre flaters makket yn syn tekst. Mar dat is ek wat syn hannelsmerk en faaks docht hy it derom. De reade tried yn syn foarstelling wie de dea. Hy hie de ôfrûne tiid in protte bekenden en freonen ferlern en dat hie him ynspirearre ta dizze foarstelling.

Net dat it in tryste foarstelling wie, hielendal net. Kees is in echte keunstner mei de taal en syn ferhalen en syn brike wurdspelingen makken it prachtich om nei te harkjen. Moai wie ek it ljochtplan. Hiel ienfâldich, mar wol tige funksjoneel. It slotlied wie prachtich en gefoelich, in passend ein oan in bysûndere foarstelling. Frjemd dat de 'húspianist' fan de Iisherberch dy moaie sfear by it útgean dan wer ferprutse moat mei nuveraardich gepingel.

Wilma fûn der net safolle oan. Dy hie har ferline wike mear fermakke by Lebbis. Doe koe ik net mei, want doe moasten wy sels de minsken fermeitsje yn Aldegea (GS)...

Pleatst: 11-11-2007 / 21:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


Skjin!

No hienen de froulju harren trailer útliend. In hiel gewoan gebaar yn 'e hynstewrâld. Mar sels binne se o sa skjin wat harren ark oanbelanget. Moat ek, want dan ha jo der ek langer wille fan. Mar no hie de liener de trailer net sa skjinmakke sa at sy dat wend wienen en se waarden dan ek o sa kjel doe't se de klep fan de trailer nei ûnderen ta dienen.

Nee, net in weiflechtsjend kabouterke dy't noch even dwaande wie mei syn lytse biezem. Hoewol... Hie Spillebeen krekt even sitten? Wat syn stoel hie hy wol achterlitten.

Foardat de froulje de 'skimmel' mei de hegedrukspuit fuortblaasd ha, ha se dochs mar even in kykje fan dizze moaie komposysje makke. Lokkich mar, dan ha wy ek wer in moai buroblêd. Mar de oare kear de trailer better skjinmeitsje hjer, as jimme him liend ha!

Pleatst: 10-11-2007 / 12:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Pleatst: 10-11-2007 / 11:51 oere - Reagearje? - Nei boppen


Swaailampe...

Gewoanlik stiet Klaas achter my by it gelegenheidskoar. Fan 'e moarn wie it oarsom. Klaas ried foar my yn syn grutte Kabel-Noord-bus. Oer de Lytse Jouwer, oer de rotondes by Dokkum, ja oan't de ôfslach by de Burdaarderstrjitwei oan ta.

As jo achter ien ride, ha jo fansels gau yn 'e gaten dat it in kunde is. Mar sjocht de foarrider regelmjittich yn 'e spegels en sjocht hy ek dat hy achterfolge wurdt troch in doarpsgenoat? Faaks binne jo wat slieperich, as stekke jo krekt in sigaret op (as dat noch mei yn de bedriuwsauto's) en ha jo net yn 'e gaten dat der in swarte bus achter jo rydt.

By de ôfslach dochs mar even knipperje mei de ljochten, as groet, as winsk foar in noflike wurkdei. Soe Klaas it opmerke? Ja hjer... de grutte oranje swaailampe gie oan. Klaas winske de akkordeonist in protte sukses mei de berntsjes. Moai, sa'n lyts gebaar oan it begjin fan in lange wurkdei...

Pleatst: 09-11-2007 / 23:25 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kadobon...

Alles hienen de froulje út 'e tsjerke (foto) sjoud! De âlderlingebankjes, de jûnsmieltafel, de doopskaal en ek de preekstoel wie yn in hoeke treaun. Op it plak dat frijkaam wie, mochten wy de froulju fan de CPB op de rayonsjûn yn Wytmarsum fermeitsje. 'Vanavond gaan voor de heren Klún en Knoffel uit Hantum. Het intochtslied is 'Het dondert en het bliksemt, maar dan in een Friese versie...' Apart idee. En de kollekte is bestimd foar de kas fan it duo...

Mar it waard in prachtjûn, mei in moai optreden. En de froulju hienen it perfekt foarelkoar! Sop en wit-ik-hoefolle broadsjes. Se ha foar ús sjoud en gienen sels it swierste ark net út 'e wei. Nee, dan binne der wol oaren.

Doe't ik thúskaam hearde ik dat der in frou belle hie mei de fraach oft wy ek noch earne yn 'e buert optrede soenen, want dêr woenen se dan graach by wêze. Op 5 oktober wie har man 60 jier wurden en se hienen regele dat hy as kado, op syn feestjûn in optreden fan Kún & Knoffelhakke bywenje mocht. De hiele famylje soe komme en elkenien soe ek by dat optreden oanwêzich wêze. Elkenien wist it, mar foar manleaf wie it in grutte ferrassing.

Mar doe, freedtemoarn betiid, in noch gruttere ferrassing! Op omrop Fryslân. It doarpshûs wie ôfbaarnd! Fuort ferrassing en fuort feestjûn. Se hat it har man doe dochs mar ferteld. En no woenen se de skea ynhelje en dochs noch ris in optreden fan ús bywenje. In bysûnder ferhaal. Hat wol wat: Klún & Knoffelhakke kado. Ik mei wol kadobonnen meitsje. Yn in moai slúfke. En noch in protte jierren tawinske!

Pleatst: 07-11-2007 / 17:54 oere - Reagearje? - Nei boppen


Madd...

Dit wykein steane de frijwilligers sintraal yn Make a Difference Day. Sels
't Fean spile mei dizze shirtreklame op it boarst. No driuwt in lyts doarpke as Hantum op frijwilligers. Sy moatte ús mienskip draaiende hâlde. It is spitich dat in hiele protte ynwenners harren dat net sa bewust binne en it is dan faaks ek dreech om guon te krijen foar ferskate funksjes.

Dochs hiene wy gelok by it bestjoer fan ús doarpshûs. Mar leafst twa doarpsgenoaten fielden wat foar in bestjoersfunksje. Opmerklik, nei in hiele protte tillefoantsjes. No is ien al wer ôfheakke, mar se skreau wol dat it yn 'e takomst sa mar wer oars wurde kin. Moat ek wol, want it is wol de bedoeling dat de jongeren yn ús doarp yn 'e takomst al ús funksjes oernimme, wy moatte al fierder...

Juster doe 't ik it tsjerkeblêdsje lies, doe't ik it oan it drukken wie, stie ik fersteld fan safolle entûsjasme. Safolle stikjes, safolle minsken dy't foar de tsjerke yn 't spier binne, sa'n protte wurk hân om de tsjerke sa moai op te knappen. Safolle wurk troch minsken dy 't faaks net iens neamd wurde. It wurdt allegearre mar wer dien.

Troch it rút fan ús doarpshûs seach ik in doarpsgenoat op it tsjerkhôf oan 'e gong. Blêdharkje, kroadzje, snoeie, de hiele middei yn 't spier om it allegearre mar wer klear en kreas te meitsjen. In doarpsgenoat dy't him meastal wat fansiden hâldt, in stille wurker.

Eins is it wol ris goed om in pear dagen by al dit frijwilligerswurk stil te stean. En dan mar hoopje dat doarpsgenoaten der ris oer neitinke as der wer ris in tillefoantsje giet mei de fraach: 'Is dat ek wat foar dy...?

Pleatst: 04-11-2007 / 14:48 oere - Reagearje? - Nei boppen