Ofstofje…


Alle dia’s dy’t ús heit makke hat, sitte yn in grutte doaze en dy doaze stiet by my thús. Dan is it yn dizze net-it-hûs-út-tiid in moai putsje om dizze allegearre te digitalisearjen.


No ja, allegearre…


Wy ha al in earste seleksje achter de rêch. Dy binne, al hoe spitich dat ek is, yn de kliko bedarre. Mar de rest fan dy moaie âlderwetske plaatsjes wurde bits en bytes… Man, wat is dat prachtich wurk! Alde tiden wurde op ‘e nij belibbe, en wat sitte der juwieltsjes tusken. De eeuw van mijn vader… soe Geert Mak wol sizze…


Spitigernôch binne de foto’s troch de tiid wol wat oantaast. Nuvere flekken op it plaatsje, stof tusken de raamkes, se binne der yn dy ôfrûne 60 jier net better op wurden. (Want ja, sa lang makke ús heit al dia’s…)


Lokkich is der hjoed oan de dei prachtige software beskikber om dy oantaaste dia’s wat by te wurkje en ôf te stofjen.

Sjoch mar en sykje de ferskillen… En nee, der sit gjin stof op jimme byldskerm, dat sit op de earste foto… By it ynramen fan de dia’s is dat der tusken kaam…


(Dit is in plaatsje út 1971 doe’t by de Sleattemermar de jachthaven oanlein waard..)
















Sjoch, en sa giet dat dan…



















Dat sa moat ik se alle (pak ‘m beet) 600 dia’s by lâns.

Mar ach, wy ha it wol oan tiid en it is leuk wurk… As it klear is wachtsje de (papieren) foto’s… Dat wy hâlde it noch wol even út.


Hoewol, om my mocht dizze krisis wol foarby wêze…



Pleatst: 26–03-2020  - 17:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

Karentêne yn bes(m)ettingstiid…


Fan 'e wike krige ik fan ien fan de bern de fraach oft wy wol faker sa'n krisis meimakke hiene. Wy binne al mear as 60 jier op dizze wrâld en yn sa'n skoft kinne jo hiel wat belibje!


Dat ha wy ek wol, mar soks, no nee, dat ha wy ek noch nea ûnderfûn...


Yn 2001, de MKZ-krisis dat hie yn ús omjouwing ek in hiele ynpakt. It wie doe ek hiel ynkringend. Underweis oanhâldingen en kontrôles en oeral ûntsmettingsmatten, feeboeren dy't o sa yn soarch sieten en ús op it hert drukten dat wy op skoalle ûntsmette moasten mei de bern! Dat wie hiele spannende tiid...


Mar dit is dochs fan in hiele oare oarder... Oer de hiele wrâld soarch en eangst, oeral besmettingen en pasjinten dy't it net oerlibje. Skoallen ticht, minsken dy't thús bliuwe moatte, ôfstân hâlde, goed hannen waskje en leafst allinne boadskipje.


Unwillekeurich moat ik tinke oan ús heit. Dy generaasje hat wol soks meimakke. En noch folle slimmer ek! No sa'n 75 jier lyn, de twadde wrâldkriich...


Heit moast op 18-jierrige leeftiid oan it wurk foar de Dútsers. Hy waard tegearre mei syn broer nei Dessau-Roßlau brocht. Dat wie doe sa, jongfeinten út de besette gebieten moasten nei Dútslân om foar de besetter te wurkjen yn harren wapenyndustry. Heit kaam op in tekenkeamer...


Us heit hat dêr eins nea oer ferteld. Want dat wie de hearskjende moraal: der net oer prate... Mar wy wisten it wol, want sa no en dan kamen der flarden fan de persoanlike oarloch op it aljemint. In pear sinnen, dan wie it faaks ek wol wer genôch.


Mar op lettere leeftiid fertelde hy mear. Krekt as moast hy dat kwyt en siet it him noch altiten dwers. Mar dat is dochs ek logysk! Sokke yngripende tiden bliuwe jo je hiele libben by!


Wy binne ris in kear mei him nei it Frysk museum ta west. Mei syn trijen as bern en heit mei yn de rôlstoel. Dat diene wy doe't ús heit noch libbe wol faker, mei syn allen derop út!

Yn it fersetsmuseum hong in grutte kaart fan Dútslân en de besette gebieten. Us heit hat der in hiel skoft foar sitten en doe hat hy oanwiisd wêr't hy tewurksteld wie. Earne midden op 'e kaart.


Hy fertelde ek dat hy op in dei nei hûs ta gien wie, allinne, syn broer bleau yn Dútslân achter. En oft dat no mei ferlof wie, as om in oare reden, dat binne wy nea gewaar wurden, mar wy waarden wol gewaar dat it in hiele ûndernimming wie. Op 'e dolle rûs, dwers troch it grutte Dútslân, sûnder kommunikaasjemiddels op nei Fryslân. Syn heit hat him op it lêst earne weihelle doe't hy ticht genôch by Fryslân wie, en hat him doe oppikt mei de auto. Hy hat dagen ûnderweis west. Wie hy op 'e flecht? Wie hy om samar te sizzen útnaaid? Heit hat it nea ferteld. Wol fertelde hy dat hy nea werom gien is. Want dokter ferklearre him siik... TBC, hy mocht net werom. Want TBC wie tige oanhingjend. Mar wie hy echt siik? Heit twivele der sels ek oan, sa hat hy ús yn syn lêste dagen wolris tabetroud…


Hy moast doe, om samar te sizzen yn karentêne. De hiele dei op bêd en net ien mocht by him komme, hy hie krekt ferkearing mei ús mem. En wat moatte jo dan sa'n hiele dei? Heit fertelde dat hy doe de hiele Bibel lêzen hat. Fan kaft ta kaft. Mem wy tsjerksk en hy woe mei oergean nei har tsjerke, mar dan moasten jo as net tsjerklike jonge der wol wat fan ôf witte. Wat sil dat in opjefte west wêze! Us heit wie al net sa'n flotte lêzer en dan ek noch dy drege Bibelske taal!


En wat wie dat ek in spannende tiid! Elke dei de driging dat de Dútsers lâns komme koene, en dat net allinne, syn broer siet noch yn Dútslân! Syn siikwêzen moast wol betrouber oerkomme! Dêrom hie dokter in briefke achterlitten...


Ek makke hy tekeningen op bêd. Sa hat hy ús mem neitekene fan in foto. Dy tekening hinget no by myn suster thús. Mar ek oare persoanen tekene hy hiel sekuer nei, bygelyks fan in aansichtkaart. It jonkje op de foto is gjin famylje, mar it is wol hiel knap dien. Achterop de list, wêr't de tekening yn sit, stiet de hantekening fan ús heit mei derby Februari 1944 - Mei 1945. Mear as in jier hat ús heit op bêd lein! Der stie in skaaltsje njonken him, sa fertelde hy ris, want dêr moasten de slimen yn dy't hy ophoaste. Mar it skaaltsje bleau in jier leech.


Yn maaie 1945 wie ik ek samar wer better, sa fertelde heit. (En lokkich syn broer ek wer thús...) Hy tocht dat dokter, doe in goeie húsfreon, de famylje wat holpen hat...


Dat ús skaaltsje no ek mar leech bliuwe mei, en mar hoopje dat alle dokters fan de wrâld dizze krisis bedimje kinne, koene se ús dat mar op in briefke jaan...!


Mar spannend is it wol. En boppedat kinne wy ús sa ek in bytsje foarstelle hoe't 75 jier lyn west hat. It soe moai wêze as wy aanst op 5 maaie de flagge mei oprjochte opromming útstekke kinne!





Pleatst: 24–03-2020  - 14:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

In hiel oh-heden…


De mailboks rûn hielendal fol mei berjochten. Ofmeldingen fan optredens en oare byienkomsten, gjin kursussen mear en ek even gjin sosjale kontakten...


Spitich dat ek ús jubileumshow net trochgean kin. Der wiene al mear as 200 kaartsjes reservearre. It teater docht de doarren ticht oan't it begjin fan de folgjende moanne. No ja, it is net oars. Wy moatte ús der mar ûnder deljaan.


Mar wy ha al in nije datum fêststeld! 19 Septimber! En de kaartsjes bliuwe jildich...








Pleatst: 16–03-2020  - 16:55 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pleatst: 12–03-2020  - 12:06 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rotte kies…? (2)


It ferhaal oer de Rotte Kies gie firaal.

Binnen de famylje dan. It gie om sa mar te sizzen noch krekt net de hiele wrâld oer...


Myn suster sei dat ik it nei omke stjoere moast. Omke is de nestor fan de Van der Heide famylje en hy hâldt ús regelmjittich op ‘e hichte fan alderhande famylje-oangelegenheden.

Moai soks.


Omke en tante fûnen it prachtich en neffens harren koe it ek wol opstjoerd wurde nei de pleatslike krante. En dat is dan fansels net it Nieuwsblad van noordoost Friesland, mar de Balkster Courant.


Dat ek mar nei de krante dy’t wy stikken liezen doe’t wy noch thús wennen. De Balkster stie doetiids bekend om syn flaters yn de ferskate ferslagen, mar dat makke dit ‘suffertsje’ allinne mar moaier. Dan hiene wy wer praat op de foljebaltrainingen.


Dan stiene der wer prachtige missers yn de wedstriidferslagen. De laklische ballen, de tegenstander maakte fut na fout en Suze Hoekstra waard Sure Hoekstra en Trynke Haga waard Trynke Haha. Jimme begripe dat dizze flaters sa bot yndruk op my makke ha, dat ik se no noch wit...


Mar myn ferslach moast der al flaterleas yn fansels....


Alles giet hjoed oan dedei digitaal, dat as der in flater yn de tekst sit, dan ha jo dat faaks sels dien... En mysels kennende soe in fersin sa mar yn de tekst slûpe kinne.


Wol 100 kear neisjoen en dan mar hup, fia de mail rjochring krante. Mar it kaam der net yn. Sil wol te lang west wêze. No ja, hielendal wis bin ik der net fan, mar der kamen gjin berjochten mei foto’s en tûmkes omheech út de súdwesthoeke...


Wol stie it op harren Facebook- en webside. Dat dan wol wer. Mar ach, it makke ek net safolle út, ik wie myn ferhaal kwyt en ek de famylje fûn it in moaie oanklacht tsjin it grutte kapitaal...


No moatte de plannen al werom nei de tekentafel, sa die bliken út in ferslachje út in lettere krante. Mar oft dat no kaam troch myn ferhaal... Ik tink it net.


Bin der wat stil fan, wát in prachtich stik!

Lêze omke, tante en sa soks ek datst witst?


De Jouwer regeart, se hawwe gjin ferbining mei ús skiednis. Is dit ek aksepteare as in yntsjinne dokumint? Bin d’r hielendal foar…


Wat in moai stik oer pakes plakje...

Hiel folle, 'ah, ja , dat wie ek sa' mominten.

Ik ha de link fan us heit en mem hawn, stipers troch dik en dun.


Ja een leuk stuk!

Misschien een stuk voor de Balkster?

Mogelijk dat je het al weet, het aambeeld staat bij een van de heren van de projektontwikkelaars.


Jullie neven en nichten van der Heide jouw website gegevens doorgemaild, zodat ze dit stukje familiegeschiedenis ook onder ogen krijgen, het lezen meer dan waard, goed om door te geven aan de bernsbern.

Goed weekend.




In persoanlike webside

h@vanderhei.de