Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Osmo...

Wat kinne jo hjoed oan de dei aardige dingen dwaan mei de iPad. Der binne no ek al apps wêr't je bûten de iPad mei wurkje kinne. Mei oare wurden: je tekenje deun foar de iPad, as meitsje in puzel as lizze letters del en dan nimt de iPad dat op en kontrolearet dan fuort as it goed is. Sjoch mar hjir mar ris nei.

Us pake- en beppesizzers binne der sljocht op.

En dan krije jo ûndersteande filmkes. Dochs mei de iPad boartsje, mar dan ek noch âlderwetsk tekenje... Hjir tekent ús âldste pakesizzer himsels.

Pleatst: 17-03-2015 / 17:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oppaspakeselfie..

Pleatst: 05-03-2015 / 18:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Samenloop voor Hoop...

It mei dan de rêstige kant it neist wêze op 'e side, mar dat betsjut net dat der neat bard! En al dat barren hoecht no ek wer net op de side, is't net sa?!

Sa hiene wy hjir yn 'e krookjefakânsje in skipswerf yn 'e hûs en ha wy in echt pirateskip boud. En dan ha jo gjin tiid om te skriuwen, want dat binne jo oan it berekkenjen oft sa'n skip wol seeweardich is en it geheimsinnige eilân Camino wol helje sil...

Sûnt koart sit ik yn de organisaasje fan de Samenloop voor Hoop Dongeradeel. Wy organisearje op 12 en 13 juny oansteande in prachtich evenement yn it Hurddraverspark te Dokkum. 24 Oeren lang kinne teams yn estafettefoarm kuierje as drave om dêrmei oandacht te freegjen foar it KWF. It is foaral in evenemint fan hope. Mei de Samenloop voor Hoop wolle wy fiere dat der hieltyd mear minsken binne dy't kanker oerlibje én dat wy mei dit evenemint wat posityfs dwaan kinne om dizze sykte te bestriden. De hiele opbringst fan dit 24 oeren duorjende evenemint is foar it KWF.

Op dit stuit binne wy dwaande om artysten te freegjen dy't belangeleas in bydrage leverje wolle oan dit evenemint. Optrede foar de suvivors (guon dy't de sykte oerlibbe ha...), de kuierders en belangstellenden. En mochten der no guon wêze dy't dit lêze en tinke, hea dit is ek krekt wat foar ús, jou jimme dan op! Dat kin fia boppesteande link nei de webside fan de Samenloop voor Hoop.

Oh ja, en de nije side fan Heathland Productions is ek online...

Pleatst: 04-03-2015 / 17:39 oere - Reagearje? - Nei boppen