Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Feteranen...

Wat in prachtige foarstelling! Skitterend spile, troch twa geweldige akteurs.

Twa kear ha ik de foarstelling sjoen en nei't ik it op 9 maaie yn Dokkum al in memorabele foarstelling fûn, wie ik nei de twadde kear yn Holwert hielendal om. It spul, it ferhaal, it dekôr, de krante skreau in monumintale foarstelling, en dêr kin ik my hielendal yn fine. Wy ha in hiele protte prachtige Fryske foarstellingen sjoen, mar dizze knalt ús top 40 yn mei in hiele grutte stip...

Yn Sense siet ik hast achteroan en koe ik de helte mar folgje, mar nettsjinsteande dit gemis ha wy in prachtige jûn hân. Yn Holwert hie'k earst even belle mei de fraach oft der in plakje foaroan reservearre koe foar net goed hearende lânslju. En dat hie it MFA de Ynset treflik regele. Kreas stiene twa stuollen mei in kaartsje gereserveerd foar ús klear.

En dat wol ik tenei elkenien oanriede, gean sa folle mooglik foaroan sitten, want dan sjogge jo pas goed hoe moai dizze twa Fryske akteurs spylje kinne. En dan dy steande ovaasje, net allinne foar de spilers, mar ek foar al ús feteranen dy't achter op it monumint yn namme toand waarden. In yndrukwekkend slotbyld...

Pleatst: 30-05-2015 / 14:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sikke...

Yn it blog fan 7 maaie fertelde ik al fan de moaie dei dy't we hân ha by earste artystebeurs fan Friezen op de Planken. Wy ha us ek al opjûn foar de twadde edysje fan dit evenemint, op 11 oktober o.s. yn Ljouwert.

Yn de korrespondinsje kaam ik dizze aardige foto tsjin. Yn it smûke kafeetsje fan it Haske yn de Joure praat ik mei ien fan de sjonggroep fan Sânman & Sikke. Njonken my stiet (mei it gesicht nei de bar) Jaap Louwes en fierderop steane de mannen fan GeDoBr en Sjoerd en Sieberein.

It petear gie ûnder oaren oer it prachtige nûmer Helplessly Hoping fan Crosby, Stills & Nash. Dat sjonge de mannen fan Sânman & Sikke ek sa moai. Ik frege him at se dat nûmer aanst ek sjonge woene, in fersykplaat om samar te sizzen. Mar sy hiene de setlist al klear, sa sei hy en dêr stie Helplessly Hoping net op... No ja, it wie it besykjen wurdich.

Doe't ik letter Peter Haantsjes út Balk, ek ien fan de sân man (wy kenne elkoar fan eartiids), tsjin it liif rûn en him itselde fersyk die, sei hy dat hy dat al heard hie, mar dat hy neat tasizze koe.

Mar grut wie de ferrassing doe't Sânman & Sikke harren optreden begûnen mei Helplessly Hoping... Prachtich! In grut applaus wie harren beleanning!

Pleatst: 23-05-2015 / 13:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Grrrrrr...

Al hiel wat jierren ha wy in Dymo LabelWriter. Ideaal! Alle adressen yn it programma opslaan en jo kinne safolle selsklevende etiketten útprinte as jo wolle. Wy meitsje der in hiele protte gebrûk fan!

Mar no hat dat ding kueren...

Healweis it printsjen bliuwt hy hingjen en knipperje der allegearre lampkes. En der siet ek al in etiket yn dat der net mear út woe. Hielendal oprôle en oeral oan fêst plakkend. Tange derby, mar it skuorde allinne mar ôf en it etiketsje bleau sitten wêr't it siet. Der earst mar in nacht oer sliepe.

Hjoed mar ris fierder prutse. De boel ôfkeppelje en op 'e keukenstafel mei it tal skroevedraaiers oan'e gong. Want Van der Heides helje alles útinoar en besykje it wer op gong te helpen, wy stjoere fuort gjin aparaten op... Boppedat sizze se dan dochs altiten dat it net mear reparearre wurde kin, mar soks leauwe wy nea. Hoe faak it fêstmeitsjen fan in los triedsje as it fêstplakken fan guon ûnderdielen ús foar in nije oanskaf behoede ha, dat wolle jimme net witte.

It etiketsje wie der al fluch út. Dat it optimisme waard grutter, sjogge jo wol?! Aanst fleane de etiketsjes der wer út.

En yndied, de etiketten fleagen derút! Heal printe, wer in protte meldingen op it byldskerm en wer allegearre knipperjende lampkes. Dochs wat fout dien? Nei wat googeljen kaam ik der achter dat der in skjinmakkerskaart trochhinne helle wurde moast. Dy hiene wy by oanskaf mei levere krigen. Mar dizze kaart wie nearne te finen. Ek wie sa'n skjinmakkersding net mear te bestellen. Niet meer in voorraad, sa seinen ferskate siden. Dan sels mar wer even poetse en himmelje.

Dus wer útinoar...

Mar der fleach ek al in lipke ôf. Hoe hat dat no sitten? Ik tocht dat ik it wist en nei wat poetserij gau de printer wer oan 'e kompjûter. No soe it fêst klear wêze. Mar o heden. Der kaam sawat in komplete rôle etiketten út en ho roppe holp ek net echt. Hy die it echt net mear. En wy kinne net sûnder! Want ús pakesizzers ha him ek al ûntdekt en printsje ferskate etiketsjes út mei harren namme as sokssawat.

Dat hjoed besteld en moarn yn 'e hûs. It is net oars. Somtiden moatte jo tajaan dat apparaten echt stikken binne nei safolle jier fan brûken. It model is al net iens mear te leverjen, no dan witte jo wol hoelang wy dêr al wille fan hân ha!

Pleatst: 20-05-2015 / 17:10 oere - Reagearje? - Nei boppen

Feest...!

Dizze foto's hat de famylje noch tegoede. It Feest fan Ferre & Femma! Te sjen op de befeiligde side...

Pleatst: 18-05-2015 / 13:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Film...

Stel jo sykje op Youtube nei in filmke fan Ernst, Bobby en de Rest. Omdat de lytsbern dat sa leuk fine...

En dan komme jo by in filmke dat opnaam is yn it Dolfinarium yn Hurderwyk. Krekt op de dei dat jo der ferline jier ek mei in hiele famyljedelegaasje binne. En wylst je dat filmke besjogge, komt jo pakesizzer op 5:17 minuten it byld yn rinnen. (Mei it blaue shirt en it ljochte striehuodsje op) en pake komt even letter op 5:24 minuten ek yn byld. Yn syn rôze polo, ek mei in petsje op en in grutte sinnebril op 'e noas. Hy prutst wat om mei de kamera omdat de akku hast leech is.

En omdat de akku leech wie, hat pake mar in pear foto's sketten mei syn mobyl. En lit dêr no de kameraman ek noch opstean dy't dit aardige filmke yn Hurderwyk makke hat.

Is dat in grappich tafal as net?!


Pleatst: 15-05-2015/ 08:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Langs het tuinpad van mijn vader......

Dizze foto kaam ik earne op it ynternet tsjin.

In foto fan Balk. De foto is naam (yn de sechstiger jierren tink) op 'e Wikelerdyk, oan de oare kant fan de legere skoalle. Dat sjocht der no sa út... (Mei tank oan Google-earth...)

It aardige is, dat ik dit paad myn hiele legere skoalletiid lang rûn ha. Lâns dizze huzen. Want fierderop, by de garaazje mei dat boerd fan in VW-kever derop, moast ik rjochts ôf en dan wie ik thús. Der binne hiel wat meters makke!

En as wy wat better de foto bestudearje, en fergrutsje, dan sjogge wy de garaazje ek noch yn byld. Op 'e gevel hinget in boerd fan in VW-kever. Dat boerd wie sels makke en as it feestwike wie, kaam dat foar it ljocht. Rûnom de ôfbylding van de auto wienen ljochtsjes montearre en as it dan donker wie, dan hie dat in prachtich effekt! De feestwike fan Balk hjitte dan ek net foar neat de Ljochtwike!

It kaam ek wolris foar dat der in oar model komme moast. In VW 1500 bygelyks. Dan waard it boerd oerskildere en kaam der in oare ljochtsjende Volkswein oan it hûs fan pake te hingjen. Want de dealer moast fansels wol it nijste fan it nijste toane!

Pleatst: 14-05-2015 / 18:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

De oargelman...

Ofrûne sneon hiene wy in prachtige en gesellige artiestenbeurs yn de Joure. Organisearre troch Friezen op de Planken. In ferskaat oan amusemint wie dêr fertsjinwurdige. En net allinne binnen, mar ek bûten wiene tal fan aktiviteiten en optredens.

Doe't wie even bûten stiene om fan it moaie waar (en de sigarettereek) te genietsjen, spile draaioargel de Fruitschalen even fierderop prachtige deuntsjes. It kaam my yn 't sin dat ik by ús 25-jierrige troudei al ris besocht ha om san oargel geande te hâlden, dat foel ek noch net ta! En om myn ferhaal krêft by te setten, draaide ik wakker grutte rûntsje mei myn earm.

En dat seach de oargelman dêr yn de Joure. Hy kaam op my ôf en frege: Wilt u even draaien? dat kan hoor! En ear't ik it yn 'e gaten hie, hie hy de riem fan it motorke helle en hie hy in greep op it grutte tsjil montearre. Ik woe my fansels net kinne litte en it resultaat sjogge jimme op it ûndersteande filmke. En wer foel it net ta, nettsjinsteande de oanmoedigingen fan de oargelfrou. En healweis tocht ik dat ik der al wie, mar it oargelboek wie noch lang net út...

Klink moai, as net?! Mei tank oan Harry foar it kamerawurk...

Pleatst: 07-05-2015 / 00:23 oere - Reagearje? - Nei boppen