Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Fan de blomkes en de bijkes...

Pleatst: 31-05-2009 / 19:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Menkeunsten...

Menferiening de Oanspanning hie hjoed in prachtige dei! In protte sinne, in moaie puzeltocht en in skitterend kegeltsjesparkoers. Fansels wienen de susters ek fan de partij. En dan net allinne Wilma en Wietsche, mar ek de hyndersusters Hidowijn en Menta. Op de webside fan de Oanspanning mear foto's fan dizze moaie dei.

Klik hjir foar mear aksjefoto's fan de susters...

Pleatst: 30-05-2009 / 21:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Traktearje...

Om foar mysels in stôk achter de doar te hawwen, hie'k mei de bern fan myn klasse ôfpraat dat ik traktearje soe as ik myn gymnastykspullen foar de tredde kear ferjitte soe. De bern moatte harren spullen meinimme, dan master ek fansels. It is moannen goed gien! De teller stie op twa kear en de tredde kear soe fansels nea komme.

Elke wike wer oan deselde fraach fan 'e bern: 'Hat master syn gymspullen wol by him?' En altyd wer sei ik optein: 'Fansels, dat ferjit ik nea wer!' De bern de smoar wer yn...

Juster seach ik op myn tillefoan dat de voicemail ynsprutsen wie. Thús hie belle. Dat seach ik fuort. En ik wist ek fuort werom! De gymnastyktas lei noch thús! Mar ja, dan kinne jo de voicemail wol ynprate, mar ik gean echt net even nei hûs om dy tas op te heljen. Dan mar ta de beurs...

'Ik ha in tryste meidieling foar jimme,' sa begûn ik myn ferhaal tsjin de bern. De spanning mar wat opbouwe, is't net sa?! 'Myn frou hat my belle en in berjochtsje op de voicemail achterlitten, dat is net sa moai...' Ferheard sieten de berntsjes my oan te sjen. Wat soe der no oan de hân wêze? In ûngemak as soksawat? Master syn frou bellet oars noait. Fol spanning sieten de bern my oan te stoarjen, ik moast der ek wol wat om laitsje. 'Master syn frou belle om te fertellen dat de gymtas noch thús leit...'

It wie krekt as hie Cambuur in doelpunt makke, de bern fûnen it prachtich. 'No leuk, ik wat ferjitte en jimme jûchheie, dat heart ek net sa...,' besocht ik noch. Mar it joech neat, de bern hienen gjin begrutsjen mei master, ik krige sels tekeningen as wie ik jierdei!

Ik kin der net ûnder út. Tongersdei mar in pûde mei Ingelsk drop mei. As soenen de bern op mear rekkenje? Ik soe it fansels ek ferjitte kinne...

Klik hjir foar in fergrutting.

Pleatst: 26-05-2009 / 06:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kollaazje...

Eins is it skande: mei de meanmasine oer it gers. Want wat steane der moaie wylde planten tusken de gersspriten! Mar as goed en fatsoenlik boarger wol ik de doarpsgenoaten net ergerje troch myn gers net te meanen. Dat it leit der no wer kreas en strak hinne. En de kollaazje fan bûnte blommen ha ik mar, plat op it liif yn it gers, fêstlein mei it fototastel .

Oer kollaazje sprutsen! It Vocaal Ensemble Collage út Dokkum joech fan 'e middei in konsert yn ús eigen tsjerke. It wie top! Wat kin dat koar prachtich sjonge. Alhiel yn 'e besnijing fan S(w)inging Spring gienen wy, nei't wy inkelde koarleden tige by tige komplimenteard hienen mei sa'n geweldich konsert, optein wer op hûs oan.

Pleatst: 24-05-2009 / 19:16 oere - Reagearje? - Nei boppen

Laitsje... (2)

Dus toch...


Pleatst: 22-05-2009 / 17:50 oere - Reagearje? - Nei boppen


Laitsje...

Je lacht iedereen uit in je Fiat Panda' sa sei froeger de reklame fan dizze smûke auto. De reklame wie wol grappich, mar ik hie der neat mei. Want as soan fan in VW-dealer, wy Fiat soksawat as in flokwurd.

Mar fan 'e wike mocht ik elkenien útlaitsje! Want de bus wie by de spuiter en sadwaande krigen wy in lienauto mei. In Panda dus. Man, dat is echt in lyts autootsje! Mei de holle sawat tsjin it dak en de knibbels tsjin it stjoer fleach yn moarns nei Tytsjerk. Want fleane dat woe dit autootsje wol, wat dat oanbelanget kloppe de reklame.

Mar elke reis ha 'k my ôffrege wat dy mjitter no fan doel hie! In getal tusken de nul en seishûnderd en dêr in benzinepomke njonken. En elke kear joech hy wer in oar getal oan. Earst tocht ik noch safolle kilometer en dan moatte jo tanke. Maklik... Mar ried ik mei in oare snelheid, dat joech hy ek in oar getal oan. Faaks leger. Dus tocht ik: as jo hurder ride, moatte jo earder nei de Total. Mar earlik sein, koe ik der gjin logika yn ûntdekke. Ried ik stadich, dan wie it ek wer in heech getal. Ried ik hûnderd, dan waard it getal wer leger. Man, wat binne dat foar Italiaanske kluchten!

En it is nuver, as jo sa'n riedsel ien kear yn 'e holle ha, dan wolle jo it antwurd ek witte. Ik ha der mar in foto fan makke, miskien dat ien fan de lêzers it doel fan sa'n mjitterke wit. As soe der no ien achter de PC sitte dy't dizze gelegenheids-Pandarider útlaket...

Oh ja, jo moatte gjin foto's ûnder it riden meitsje, want dan krije jo dit...

Pleatst: 20-05-2009 / 20:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Serverice...

Jierren ferlyn stie yn Balk de jiskewein ús yn 't paad. Ik wie mei my âlders ûnderweis yn 'e auto en wy koenen der net lâns. Ien fan de jiskemannen seach dit en soarge derfoar dat de grutte auto stoppe en hoeden oan 'e kant gie, de jiskeamers moasten mar even wachtsje. Om de mannen te bedanken, draaide ús heit it rút iepen en spruts de mannen ta. Ien fan dy mannen, dy't wy ek koenen fan tsjerke, kaam achter de auto wei, knikte wakker en sei de histoaryske wurden: 'Wat in serverice net?'

Oan dy brike útspraak moast ik tinke doe't ik freed myn skearapperaat wer ophelle. In pear wiken ferlyn hie'k in nij skearapparaat kocht. De nijste coolskin fan Philips. Dat foldocht tige by tige, want neffes it foarige model binne der gâns ferbetteringen oanbrocht. Sels net mear pompe om de 'Shaving Conditioner' op de skearkoppen te krijen en gjin geklungel mear mei de neifollingen. Boppedat is by it apparaat in 'Refill & Charge-unit' levere, dat nei it skearen kinne wy it apperaat dêr yn weisette en dan wurdt hy hielendal byladen mei stroom en conditioner, hielendal wer klear foar it folgjende gebrûk.

Ik begryp lêzers, it binne in protte Ingelske wurden, mar ik soe ek net witte hoe't soks yn it Frysk hjit. Skear salve? Opnij-folje-en-lade-kastke? Dat klinkt dochs ek nearne nei. Ik draach it Frysk in waarm hert ta, mar no moatte wy ek wer net oerdriuwe...

Mar dat oplaadkastke soarge wol foar in protte problemen. It stiet by ús op 'e sliepkeamer op 'e kast en nei it skearen triuw ik it apparaat der trou wer yn. Ik waard tige kjel doe't op in moarn it skearapparaat der út skeat. It fleach troch de sliepkeamer as wie it in projektyl! It kletste op 'e grûn en de koppen skeaten derôf, ik ferwachte elk momint in ûntploffing! Unnoazele tocht ik, set dat ding der ris better yn!

Mar in pear dagen letter barde it wer! It siet earst goed, tocht ik, mar nei it byfoljen skeat it apparaat foar de twadde kear troch de sliepkeamer. Dizze twadde klap soarge derfoar dat der twa lytse nokjes ôfbrutsen. Lokkich die hy it noch wol, mar it nijste wie der ôf. Boppedat stie ik no moarns, nei't ik it apparaat yn it oplaadkastke treaun hie, op wacht om by in lânsearing de coolskin op te fangen. Dat koe dochs net de bedoeling wêze? Dat freedtemoarn it apparaat fan 'e stroom en de hiele boel mei nei Talsma dêr't ik him kocht hie...

Se woenen it apparaat dêr hâlde. Der even nei sjen, sa wie it boadskip. No hâld ik dêr net sa fan, want mei de waskmasine duorre it ek in iivichheid en nei in wike wisten se ek net mear wat se der mei oan moasten. Mar hawar, wy jouwe se wer in kâns...

It fernuvere my dan ek dat se, sa as ôfpraat, de middeis bellen om te sizzen dat it apparaat klear wie. Ik derhinne, want ik moast my noch skeare. Dat hie'k mei sin dien om harren der fan te oertsjûgjen dat ik net in dei sûnder koe... Der stie in hiel nei apparaat foar my klear! Se hienen kontakt hân mei Philips en dy hienen fuortendaliks sein: omruilje dy boel. Dy earme man, mei sa'n rûch burd moat him op syn frije dei al skeare kinne!

Grutsk stapte ik mei myn nije HS8060 yn 'e RedBull. En dêrom moast ik ûnwillekeurich tinke oan dy jiskeman fan jierren lyn. 'Wat in serverice net!!'

Pleatst: 17-05-2008 / 13:20 oere - Reagearje? - Nei boppen

Boufakkerspraat...

Krekt as op 'e fjouwerHoeke ha de bern fan it Lemieren ek meidien oan it projekt 'Bouwen aan de Bouw'. Ien út 'e bouwrâld komt dan op skoalle om de bern weiwiis te meitsjen yn harren wrâld fan stiennen, planken, spikers en oare handige saken.

It doel is fansels om bern waarm te meitsjen foar in baan yn 'e bou. It skynt dat it dreech is om timmerlju te finen. No, yn dizze krisistiid is der sprake fan de omkearde wrâld. Guon bouplakken lizze hielendal stil en it is ferskriklik om te hearen dat der wer in boubedriuw fallyt giet en dat der wer safolle minsken op strjitte komme. It projekt sil wol yn de gouden tiid opset wêze...

Op ûndersteande foto is in futter út 'e bou drok oan it wurd en fertelt de bern entûsjast oer it prachtige boufakkersfak. De bêste man kaam út Nijtsjerk, by ús fan 'e klaai. Hy koe my ek noch, mar ik him net. 'Binne jo ek net artyst?' sa spriek hy my oan 'No wit ik ek wêr't jo wurkje...' Soks fyn ik dan wol wer aardich. Mar oft de learlinge op 'e foto it ek sa aardich fynt?!

Wat soenen jo tinke mei sa'n boufakkersliif foar jo noas? Wy kinne der wol in priisfraach fan meitsje...

Pleatst: 14-05-2009 / 21:34 oere - Reagearje? - Nei boppen

Stamppot Smyt

Het keteltje jammert:
Ik hou niet meer op!
Het komt door m'n dop!
Het komt door mijn dop!
Ik moet fluiten, zolang als ik kook
en ik kan het niet helpen ook!

Moai hè?! It komt út it gedichtsje 'Het fluitketeltje' fan Annie M.G. Schmidt. De gedichtsjes fan Annie ynspirearden Tryater ta it meitsjen fan de prachtige bernefoarstelling Stamppot Smyt.

Fan 'e middei mochten wy mei de bern fan ús groep dizze foarstelling yn de Schamei fan Hurdegaryp bywenje. It wie in skitterende foarstelling. Wy ha ús o sa fermakke by safolle kreativiteit! Hulde oan Tryater!

Oh ja, alle gedichtsjes dy't se yn de foarstelling brûkten, wienen oerset yn it Frysk. Knap hjer...

Pleatst: 11-05-2009 / 22:36 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jubileum...

Rûm Sop bestiet dit jier 10 jier! En dat moat fierd wurde fansels. Op 6 juny is it safier. In ûnderdiel fan dizze jûn is in revu dy't spesjaal foar dizze jûn skreaun is. En fansels moast ik dêr ek wer oan meidwaan...

Fandêr dat it fan 'e wike wat rêstich wie op dit weblog. Ik siet op kop en earen yn de Rûm Sop revu 10 jier wille en fertier! Moai wurk. Filmkes besjen, foto's ústsykje, prutse, knippe, plakke en digitaal nifelje. It wurdt prachtich, want de hiele revu wurdt stipe mei in spektakulaire powerpointpresentaasje.

We litte noch neat witte en fan in foarpriuwke kin dan ek perfoast gjin sprake wêze! Jimme komme mar op 6 juny o.s. want fanôf 20:00 oere is de jubileumjûn tagonklik foar alle doarpsgenoaten!
Klik op it plaatsje foar in fergrutting fan de oankundigingsposter.

Pleatst: 09-05-2009 / 22:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Me Tarzan, you Jane...

Alhiel yn styl stapten wy om likernôch fiif foar twaën de grutte seal fan it Fortist circustheater yn Skeveningen binnen, it soe om twa oere begjinne...
Dêrom in tip, mochten jimme noch foar 23 maaie de TOP-musikal Tarzan besykje wolle: gean yntiids fuort en nim net in auto mei dy't heger is as 1.90 meter...

Hoewol wy foar ús dwaan dochs betiid genôch fuort gien wienen en Tom oanjoech dat wy sa'n twa en in heal oere wurk ha soene, wie ús starttiid fan healwei alven dochs wat oan 'e krappe kant. Tom sette ús yndie hiel kreas foar it teater ôf, mar de haadyngong wie fansels noch gjin parkearplak. Dat hienen wy witte kinnen, mar ach, wy fûnen it al moai dat it Fortistheater as 'Nuttige Plaats' yn Tom foarprogrammeard wie...

Mar wat wie it in GEWELDIGE ervaring. Want sa meie wy dizze musikal dochs wol neame. De 'apen' kamen oeral wei en omdat wy sa'n fiif rigen fanôf it poadium sieten, skearden se oer ús hollen. En dan dy geweldige muzyk fan Phill Collins, as ferstokte Genesis-fan docht jo soks goed. En eins wie ik net sa'n musikal-fan, mar nei it meimeitsjen fan dizze topper bin ik hielendal om. Wa't dit net sjoen hat mist dochs hiel wat yn syn libben...

De kaartsjes fan de musikal hienen wy krigen foar ús tritich jierrich houliksfeest en om dêr noch even by stil te stean, ha wy noch even romatysk oer de boulevard kuiere en mei in hearlik softijsje ha wy ús houliksdei beklonken. It wie net iens sa drok en ek dat is krekt ús styl. Underweis noch even hearlik iten en wy meie wol sizze dat sa al mei al in tige slagge dei wie!

Pleatst: 04-05-2009 / 11:40 oere - Reagearje? - Nei boppen

Dominee Douma...

Sa as ik fertelde yn it blog fan 18 april, moasten wy as kabaretduo in bydrage leverje oan de brulloft fan ús fotofreon Geurt Pieter Maassen van den Brink. In hiele mûle fol en dêrom nimt hy himsels faaks dan ek GPMVDB.

It waard in hiele noflike jûn. It feest wie yn Strandheem yn Opende, krekt oer de grins. Op dit feest wie noch mear kunde fan ús oanwêzich. Sa fersoargen muzykfreonen Roelof, Gerrit en Gea mei harren orkest Let's Dance de muzyk en wie ek ús oare fotofreon út Easternijtsjerk Jochem Wiersma oanwêzich. It wie krekt in reuny!

Spesjaal foar Geurt en Petra hienen wy in oanpast stikje skreaun en dat foel blykber yn 'e smaak, want elk hie it deroer nei ôfrin. It wie wol aardich want yn it foarpetear dat wy mei Geurt en Petra hienen sei Geurt dat der gjin Nederlânstalige muzyk spile wurde mocht, dat der gjin stikjes kamen en dat in polonaise alhiel ferbean waard! En jimme riede it al: wy soargen foar de stikjes, Roelof en Gea ha sawat de hiele jûn Nederlânsk songen en oan it ein fan 'e jûn rûn de hiele seal in polonaise troch de seal mei 'Wie is toch dat meisje met dat kuiltje in har wang...'

Pleatst: 04-05-2009 / 10:55 oere - Reagearje? - Nei boppen