Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Hé buorfrou!...

Buorfrou Akke Brouwer wennet al in pear jier by ús yn Hantum. Yn har Hûs fan de Dichter. Regelmjittich organisearret Akke yn dit smûke húske lytsskalige kulturele eveneminten. Ferhalefertellers, solotoaniel, eksposysjes, foardrachten en muzyk útfieringen. It is in grut sukses, want sûnt it hûs it foarige jier iepene is, binne alle foarstellingen en foardrachten útferkocht en sit Akke's hûs bomfol leafhawwers dy't fan de Sneinsrêst genietsje. Want sa neamt Akke har foarstellingen, Sneinsrêst.

Akke hat ek in rûme teaterûnderfining. Dat kin ek hast net oars, want Akke is ôfstudearre oan de toanielakademy fan Maastricht en hat har nei har stúdzje rûnom yn ús lân dwaande hâlden mei teater, toaniel, foarstellingen en poppenteater.

Wat soe it dan moai wêze dat Akke ris in kear in foarstelling fan ús meimakket en har ljocht dêr ris oer skine litte wol. Dêr soenen wy hiel wat fan opstekke kinne!

Doe't ik Akke in pear wiken ferlyn frege oft sy dat ris dwaan woe, wie se fuort entûsjast. Mar sy woe dan wol graach mei ús meiride, want se hie in hekel oan nachtriden. Fansels wie dat foar ús gjin probleem. Ienichste betinkst wie wol dat Akke ús evaluaasje meimeitsje moast. Want sa neame wy altiten ús neisit yn in wolbekend Dokkumer establishment. Fansels, sei Akke, ik wol alles meimeitsje...

It waard in prachtige jûne, mei in spontane en entûsjasje buorfrou. Fan te foaren ha wy hearlik iten yn it smûke restaurantsje de Zandloper, ha wy prachtich spile yn de sfearfolle feesttinte fan Eastermar (foto's) en waarden op 'e weromreis én ûnder de neisit de earste yndrukken fan Akke wiidweidich besprutsen.

Wat ha wy in gesellige en kundige buorfrou!

Akke hie in oantekenboek mei en wy ha ôfpraat dat der in tal sessys folgje om ús foarstelling te ferbetterjen. Akke wie fol lof oer ús foarstelling en hie neffens har ús sjo Hé buorman dúdlik potinsje. It koe mei in tal oanwizingen allinne noch mar moaier wurde.

Op har Facebook-side omskreau Akke har útsje op de foljgjende wize:

Gisteravond op tournee met KLÚN EN KNOFFELHAKKE. Twee enthousiaste toneelmannen uit Hantum, die samen met licht- en geluidsman Harry, een wervelende show op de planken zetten in de feesttent in Eastermar. Terwijl de mannen licht en decor opbouwden, genoot ik van het prachtige plekje aan het water. Na afloop lekker nagepraat in Dokkum. Wat is het toch een feest om met echte theatermannen te praten over de kunst van het spelen. Ik heb genoten! Nu weer op mijn VAKwerkstek in Dokkum, waar ik zojuist een leuke opdracht kreeg. Twee gedichten, geschilderd op doek. Afleverdatum ergens in september. Mooi de tijd om er iets unieks van te maken. De zon schijnt zowel buiten als binnen

Prachtich net?!

Pleatst: 29-06-2014 / 14:39 oere - Reagearje? - Nei boppen

Buordsje...

Doe't wy ferline wike tongersdeitejûn wer nei hûs ta rieden nei de foarstelling fan de IIsfoarstin fan Tryater, fernuverden wy ús oer dy moaie lytse giele buordsjes oan de kant fan de dyk tusken Quatrebras en Dokkum.

Wat dienen jimme dêr? Is dat it koartste paad fanút Ljouwert?

De Lauwerseewei leit der nachts út, dat wy hienen hinnereis al besluten dat wy oer Feanwâlden en sa werom soenen. (It is wat mei de diken by ús yn it noarden...) Wy betochten dat dizze buordsjes foar it wurkferkear wienen, want by (hast) alle krúspunten stie san moai Centrale As buordsje. En dan ek allinne mar oan de rjochter kant fanôf Quatrebras. Al filosofearjend kamen wy ta dizze konkluzje. En lit it no ek noch kloppe! Want op de webside www.in-dokkum.nl wurdt it krekt sa útlein. Wat binne wy dochs tûk...

De IIsfoarstin wie moai. Ik kin spitigernôch net sizze prachtich (en dat wie it eins wol...) want ik ha der neat fan ferstien. En om earlik te wêzen bin ik ek net sa'n opera-man...

Hoe sil ik dat no ris opskriuwe: OOOHHHH OOhhh WAaT is it KÂÂÂââLD OOOO AAaaAA (en dan goed galmje!) Hoewol... dat ferstie ik dan wol wer.

Pleatst: 26-06 / 23:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rablabber...(2)

It wie noch krekt net: Jou my fan dat reade, dat reade dêr, doe't Wilma thúskaam fan har deistige skoallejacht, mar ropperich en sin oan iten hie se wol.
Doe't se yn de kunde kaam mei myn rabarbersmots waard it dus net in Bibelsk tafrieltsje sa as yn it ferhaal fan Jakob en Ezau mar wienen der wol komplimenten foar safolle rabarberkreativiteit...

Sels fûn ik it net sa. Ja, de smaak wie goed, mar de fiskositeit wie wat minder slagge. De kok hie wol de goeie yngrediïnten brûkt, mar de poarsjes en de ferhâldingen weryn at dizze brûkt wienen, kloppen net alhiel. Te folle fan it iene sille wy mar sizze.

Wat dan en wêrfan tefolle? Ja, dat sis ik net. Om't de smaak unyk is, sette wy dit prachtige resept net op ynternet. It bliuwt it bêst bewarre geheim fan Hantum en it resept giet aanst, krekt as dat fan Fedde Sonnema, oer fan heit op soan...

Dokkum, 1860. Herbergier Fedde Sonnema staat op het punt om geschiedenis te schrijven met zijn eigen recept voor beerenburg. Hendrik Beerenburg had al naam gemaakt door kant-en-klare kruidenpakketjes te verkopen, waarmee je een pittige kruidendrank kon maken. Eigenwijs als hij was, voegde Fedde Sonnema een persoonlijke noot toe aan Hendrik Beerenburg’s kruidenmengsel. Hij zocht de kruiden langs de oevers van de Friese meren, in weilanden en langs paden. En sleutelde aan de verhouding van de kruidenmelange om de drank zijn eigen, unieke karakter te geven. Uiteindelijk had hij de ultieme samenstelling en gaf hij ook aan de naam zijn eigen draai. Vandaar dat de Berenburg van Sonnema maar met één ‘e’ geschreven wordt.
Bron: www.sonnema.nl

En dêrom neame wy fanôf hjoed dit resept Rablabber, fanwege de eigen draai en de ultime gearstalling...

Ite dat is mar in oanwenst, sei de boer, mar doe wie er sêd...

Pleatst: 17-06-2014 / 17:13 oere - Reagearje? - Nei boppen

Rabarber...

Yn pake syn tún stienen froeger hiele bosken rabarber. Wy mochten graach in stâl plukke, want dan koenen wy der moai op omkôgje. Faaks bleau it ek mar by ien stâl, want it guod wie like soer as wat! Alles lûkte jo byelkoar en je hienen de triennen yn 'e eagen...

Mar ja, froeger kôgen wy op alles om. Toanbeien, krúsbeien, reade beien, keihurde appels by foarkar út de tún fan in oar en soerstôken (surk) dy't wy yn it gêrslân plukten. Allegearre fitamine C sille wy mar rekkenje. Neffens my witte de bern hjoed oan de dei soks net mear. Kinne jo soks ite? En wat binne krúsbeien? As it net by Albert Heijn wei komt en ferpakt is yn pûden mei it logo fan Bewuste Keuze derop, dan ite se it net.

Froeger wie al dat rauwe guod biologysk!

No't ik it oer AH ha, sneon seach ik dêr grutte bosken rabarber lizzen. Hea, dat kinne wy ek wolris ite. De triennen skeaten my hast yn 'e eagen, want de soere smaak fan froeger kaam my fuort wer yn 't sin. Mar je witte it: Bitter in de mond maakt het hart gezond, dat skenne dy soerstôken en mei yn 'e karre. Hoe't je soks klearmeitsje, ik wit it net, mar der soe fêst in moai resept earne op it ynternet te finen wêze.

Ik leau dat der wol 665 ferskate wizen binne om rabarber klear te meitsjen...

Ik ha alles mar wat kombinearre. It mocht net te swiet wurde (dus gjin heale sek sûker), want de frou hat it leafst sa soer mooglik en it mocht ek wol wat apart wurde. Haha, de Wilde Keuken fan Hendrik... Wy binne benijd hoe't it falt. De earste yndruk is goed, no mar it jûnsmiel ôfwachtsje. Sille wy it as bygerjocht, haadgerjocht as neigesetsje ite? Mar miskien belânet it ek wol yn de griene kontainer en kin it recycle wurde. Ek biologysk...

Wy hâlde jimme op 'e rabarberhichte..


Men moat soer en swiet yn it libben trochinoar nimme...

Pleatst: 16-06-2014 / 13:51 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fan A nei B(eter)...

Yn 'e krante hie'k lêzen dat freedtenacht de Wâldwei wegens ûnderhâldswurksemheden ôfsluten wie. Wy moasten optrede yn Waskemar dat de weromreis soe in oare rûte wurde.

Underweis nei Waskemar diskusearden wy wêrom de dyk ôfsluten wurde moast. It soe wol fanwege it meanen wêze. As nije linen en miskien sieten der ek wol wrakke stikken yn 'e dyk. Nij asfalt dus... Op 'e boerden waard al oanjûn dat datjinge dat yn 'e krante stie ek echt kloppe.

Nei in prachtich optreden yn de feesttinte en nei de geweldige oerwinning fan Nederlân tsjin Spanje gienen wy tsjin tolven wer op hûs oan. Wy moasten dy jûn al om sân oere begjinne, want oars koenen de feestgongers om njoggen oere op it grutte skerm de fuotbalwedstriid net sjen.

Wy soenen oer de Skieding werom ride. Dan kamen wy by Bûtenpost út en dan sa oer de Trekwei rjochting Dokkum. Mar o heden krekt bûten Fryske Peallen wie ek de tagongswei nei de Skieding ôfsletten! Hoe no fierder? En Tom wie thúsbleaun...

Hie ik no it kaartsje op de iPad mar wat better besjoen, want dêr stie dochs echt dat de tagong ôfsluten wie. Wy dûkten in foar my ûnbekende wrâld yn. Marum, Grootegast, Sibaldeburen, Niekerk en Faan, hearken wennen dêr ek minsken? Wy kamen pas by Zuidhorn wer op bekend terrein. En doe't wy nei in lange ommelânske reis lang om let yn Dokkum oankamen, murken wy op dat de weromreis eigentlik net iens safolle langer duorre hie as de hinnereis oer Quatrebras en Burgum te bongeljen.

Eins wol nuver, krekt noch even optrede foar in WK-wedstriid. Hoe wichtich binne jo dan op sa'n doarpsfeest? Hawar, de minsken fûnen de foarstelling prachtich, mar de WK-gongers dy't tsjin njoggenen de tinte ynstrûsden en wakker leven makken achter oan de bar, moasten mar even wachtsje. Wy hienen yn it skoft al besletten dat wy it twadde diel wat koart om'e hoeke dwaan soenen, mar doe't it leven nettsjinsteande it iderkear wer freegjen fan de kommisje mar oanhâld, ha wy noch moai even in tajefte jûn. De fuotbalhaters fûnen it prachtich, mar de fuotballers moasten noch langer wachtsje op de earste bylden.

De foarsitter hie it wol yn 'e gaten en sei: Wat tochten jimme, wy sille se wol krije? En fuort derachter oan: Jimme hienen gelyk, hienen se mar wat rêstiger dwaan moaten, hjir ha jimme in moai bosk blommen...

Doe't ik by it bewurkjen fan it kaartsje de foto wat better beseach, ûntdekte ik dat der healwei de rûte bettere mooglikheden wienen om wer op de Skieding út te kommen. No ja, it wie in moaie reis oan it ein fan in prachtige jûn. En ek noch moai op 'e tiid by Achmed foar in nachthapke. Lang niet gezien... Heb opgetreden? Waar jullie zijn geweest?

No, dat wolsto net witte, Achmed...

Pleatst: 14-06-2014 / 20:01 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sliepsankjes...

Fanwege it gepiip yn myn earen fyn ik it jûns wolris noflik om mei achtergrûn muzyk yn sliep te fallen. Dan is it krekt as dy altiten oanwêzige fluittoanen nei de achtergrûn reitsje. Faaks doch ik dat mei in muzykfilmke fan youtube. Crosby, Stills & Nash bygelyks. As Celtic Woman. Dat binne folsleine konserten, dus jo kinne even foarút en as it ôfrûn is, giet it tablet fansels wol út en sliept Hendrik as in roas...

Neidiel is wol dat jo faaks midden yn 'e nacht wekker wurde mei de bril healwiis op 'e holle en de kopetefoan ûnder it kin. Mar it is sterk spul, want bril hat it al withoefaak oerlibbe en ek de koptelefoan bliuwt mar spyljen.

Faaks lústerje ik ek wolris nei in útstjoering fan Uitzending Gemist. Neidiel is wol dat der net sa faak muzykprograma's op binne. En boppedat moatte jo ek mar fan dy muzyk hâlde.
Elke wike is der in útstjoering fan Nederland Zingt fan de EO. Ek dêr mei ik wol graach mei yn sliep falle. It binne faaks bekende lieten. Froeger moasten wy alle wiken op de legere skoalle in tsjerklik ferske opsizze en it is nuver, sokke lieten bliuwe yn jo holle sitten. Boppedat is dy muzyk faaks hiel rêstjouwend. (Begryp my goed: ik sis net dat it sliep-oproppend is ;-)

Fan'e wike wie ik ûnder Nederland Zingt al heal yn 'e sûs doe't ik in prachtich koar hearde. Wat moai tocht ik noch en doe wie ik yn dreamelân. Ik leau dat ik mar fiif minuten fan it programma meikrigen ha, mar dat koar bleau my by en soks bart hast nea. Meastentiids wit ik de folgjende dei der neat mear fan.

De oare moarns skeat my dat koar ynienen wer yn't sin. Ik wist eins net iens wat se songen hienen, mar de klank wie prachtich. Dat opsykje fansels. En dit is it nûmer wat ik hearde (sjoch filmke). Christelijk Mannenkoor Soli Deo Gloria út Urk. Jo soenen sizze dreger kin it hast net. Mar as je dan de webside fan dit koar lêze dat is it dochs wol bewûnderensweardich wêr't se foar stean. En dat yn dizze ateistyske tiid...

Sliepende ryk wurde...

Pleatst: 12-06-2014 / 12:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alles foar de feilichheid...

In pear wiken ferlyn foel der in brief fan de wenningbouferiening troch de bus. Der soe meikoarten ien lâns komme foar kontrôle fan de feiligens. En dan wat de stroom- en gasliedingen oanbelanget. De kontrôle soe sawat twa oeren duorje en alle stekkers moasten út it stopkontakt. Ien kear yn de safolle jier fûn dizze kontrôle plak.

No wenje wy hjir al sawat 35 jier, mar dit hearden wy foar it earst. Hawar, wy moatte al feilich wenje, dat de kontroleur wie wolkom. Yn in oerke wy hy klear. En alles wie goed sa koe hy ús melde. Kinne wy ús wer noflik deljaan...

Belle fan 'e wike in ynstallaasjebedriuw: wy komme no even by jimme lâns, want der binne in pear saken dy't wy by jimme oanpasse moatte. Hè? Alles wie dochs goed?

De man koe ús útlizze dat der ien groep yn de meterkast net oer de ierdlekskakelaar gie, dat der fjouwer brânmelders pleatst wurde moasten en dat der yn de dûs gjin sichtbere ierding fan de liedingen wie.

Dy is der wol, mar dat sit kreas montearre achter in ôfdekkapke...

Doe koe de man net komme, mar hjoed wie hy nei in twadde telefoantsje wolkom. Aardige lju. Se fertelden dat se al sa'n trije jier dwaande wienen om foar de wenningbouferiening soksoarte fan oanpassingen te dwaan. Ientoanich wurk, sa opperden wy. Altiten mar brânmelders oan it plafond skroeve, mar wer de meterkast oanpasse en alle liedingen yn de dûs mar wer sichtber mei in izertriedsje fêst meitsje.

Sy fûnen fan net. Wat elke bewenner wie wer oars. En dêr gie it hinne...

Minsken dy't slangen as oare frjemde húsdieren hâlde. Minsken dy't midden yn 'e troep wenje. Stofwolken dy't je temjitte komme. Minsken dy't superskjin binne, dêr't je de skuon by de doar útdwaan moatte en minsken dy't minder krekt binne en dêr't je mei jo wurkskuon hast oan de flier fêstplakke. Dêr soenen wy wol in boek oer skriuwe kinne, stinde de âldste. Dus sa is it wurk dochs ôfwikseljend. Jo witte nea fan te foaren wat jo oantreffe sille en mei hokfoar minsken jo te dwaan krije.

Wy hienen harren nei it wurk wat drinken oanbean, dat se sieten even noflik op 'e praatstoel.

No, dan ha jimme der no wer in moai ferhaal by, sa sei ik gniffeljend. Minsken dy't yn harren meterkast droechblommen bewarje. In hiel bosk as wie it in lytse hennepplantaazje (himp, soe Omrop Fryslân wol sizze...). It wienen allegearre droege korsaazjes dy't wy as oantinken tusken de liedingen stutsen ha... En doe't de monteur de stoppenkast losmakke, kamen alle droechblommen him krûmeljend temjitte. De flier lei fol droege blêden en feilichheidsspjelden.

Wêr fine jo soks no? By ús dus. At dat gjin moai haadstik fan it montaazjeboek wurdt...

Pleatst: 11-06-2014 / 23:03 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tonger...

It sil dochs net? Allegearre wer warskôgingen, koade oranje en jûn giet it mâl...

En dat op sa'n fleurige dei! Gesellich drok yn Hantum mei de Alvestêdefytsers. In feestlik muzykkorps dat harren ôfwikseljend mei it shantykoar Rûm Sop taspilet en sjongt. De ienichste dei dat it smoardrok is yn Hantum. Hoewol, aanst mei de fersierde weinen is it ek altiten lekker fol...

Soenen de fytsers oan it einde fan de dei yn rein en ûnwaar telâne komme? Dat soe dochs spitich wêze. Hoopje dat it wat tafalt en dat elk droech sit as it oranjewaar húshâlde sil...

Yn de bylage in moai tapaslik nûmer. En dan ek noch wol twa kear! Twa kear, mar dan yn in oare útfiering. De earste is fan de muzykgroep Jarje en komt út 1981 en de twadde útfiering is fan the Doarmers en dat is opnaam yn 2008. 27 Jier dertusken mar noch altiten moai...

En foar de leafhwawwers en útpluzers: wat ha dizze twa útfieringen as oerienkomst? (Oplossing miskien letter...)

Besjochst de side op de iPad/Phone? Dan sjochst de Flash-muzykspiler net. Klik dan foar de 2 ferskate nûmers op: Tonger 1981 as Tonger 2008

As it nea tongeret, skynt de sinne ek nea helder...

Pleatst: 09-06-2014 / 16:25 oere - Reagearje? - Nei boppen

CSI...

Yn de TV-sery CSI kinne se wazige foto's wer hiel skerp krije. En dat is handich, want dan kinne jo (faaks fertochte) persoanen op de foto herkenne. En soks dogge se altiten yn twa klikken. Je steane fersteld!


No seach ik op de foto yn it blog fan juster, dat de fotograaf der ek op stie! Spegele yn de jeu de boules bal! Soe ik ek wer skerp wurde kinne? Ynternet ôfsykje. En nuver, der binne altyd wer lju dy't mei deselde fraach sitte, want it wienen allegearre hits!

Foar de aardichheid ha ik sa'n programmaatsje delhelle en de wazige foto der op loslitten. No, de minsken fan CSI sille bliid wêze. De fertochte dy't in misdie begien hat mei in silverkleurige jeu de boules bal, is herkend! Fol yn byld. No kinne wy him mar oppakke. It is dy Melle út Prottelstum...

Net dus.

Kin eins ek hielendal net, want wat der oan byld net is, kin software der ek net bymeitsje. Mar ach, it wie it besykjen wurdich...

Pleatst: 06-06-2014 / 21:41 oere - Reagearje? - Nei boppen

Leanwurk...

As (aspirant) leanwurker ha jo it der mar drok mei, mei dit moaie waar. Meane, skodzje, hakselje, kuile. En as it waar wat minder is, dan giet ús leanwurker mei de jarretank oer it lân. Mar ja, dan ha jo ek wolris materiaalpech en moat de boel wer makke wurde. Fansels binne de ûnderdielen dan wer net op foarrie en it leafst moat it juster klear wêze. Dan sels mar de boel herstelle. Laskje giet wat dreech, mar mei in protte ymprovisaasje komt de boel wol wer oanelkoar.

No mar hoopje dat it hâld. Want dizze leanwurker docht wol in berop op de krêft fan it materiaal...

Pleatst: 05-06-2014 / 16:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Simmerjûnenocht...(2)

No dit fûnen wy allegearre sa moai... It wie de winnende goai. Dat moat op 'e foto Hendrik! No sa, elk is wer tefreden. En in passende tekst moatte de lêzers sels mar betinke...

Pleatst: 05-06-2014 / 16:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Tomke...

It is dizze wike de Fryske foarlêswike. Ek yn de bibleteek fan Dokkum waard dêr oandacht oan jûn. Elk wie wolkom op in spesjale foarlês foarstelling. Der soe ferteld wurde fan Tomke, dé held fan alle Fryske pjutten.

Moai dat pake even mei mocht mei ien fan de pakesizzers. Dat wy sieten even foar healwei fjouweren kreas klear foar it grutte aventoer fan Tomke en de Hutselfrutseltas. It waard in noflik healoerke foar alle bern mei harren âlden en/as pakes en beppes. Want dat ik de ienichste pake wêze soe, wie fansels net te ferwachtsjen. Sa wienen der noch in pake en in beppe út Hantum mei harren bernsbern. Goeie bekenden...

En nei't dizze twa pakes konludearden dat dit ferhaal krekt fan ús nivo wie, mocht elk dy't dat woe ek noch even mei Tomke op de foto. Prachtich, sa'n foarstelling. Sawol foar de bern as foar harren pakes...

Pleatst: 04-06-2014 / 12:21 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bonifatius..

Bonifatius is wer yn Dokkum. Krekt sa as yn syn wurksume libben is hy wer nei Fryslân, nei Dokkum tein. Rint it dizze kear fataal ôf? Krekt as yn it jier 754 (as miskien ek wol 755)? Yn de musikal komt Bonifatius troch it swurd om it libben. Nettsjinsteande dat hy himsels beskermje wol mei in mannich boek as skyld.

Mar wat libbet dizze musikal!

Ek foar de twadde kear is Bonifatius in skitterend spektakel, in prachtige foarstelling mei in bysûnder ferhaal yn in prachtige lokaasje. En dan it ljocht en lûd. Geweldich! It is mei rjocht in ûnderfining fan formaat te neamen.

Om de musikal allinne mar op de lette jûntiid te spyljen is in boppeslach fan de organisaasje. Yn it tsjuster wurdt troch de prachtige beljochting it ferhaal noch folle sfearfoller en komt it allegearre noch folle better ta syn rjocht. De foarige kear wienen wy der op sneintemiddei en ha wy bygelyks neat sjoen fan moaie ljochten achter de lytse glês-yn-lead-raampkes yn de omloop fan de kapel.

Wa't in op wierheid basearre ferhaal ferwachtet kin better thúsbliuwe. Ek minsken dy't mei hert en siel de Katolike tsjerke sûnder lek as brek en as wierheid beskôgje, komme fan in sljochte reis thús. Yn de tiid fan dizze Bonifatius namen de biskoppen it net sa krekt mei it selibaat. (As is dat yn ús tiid noch hieltyd aktueel...?) Om dit gegeven foarmet him it ferhaal fan dizze musikal. Mei humor, spanning en treffende karakters.

No wit ik hoe't Bonifatius oan syn ein kaam is, sei myn broer loftich...

Meastal reizigje wy nei de súdwesthoeke foar sa'n famyljejûn, by Sult as yn de teatertún fan Riis bygelyks. No hienen wy it mar ris omdraaid, no mar ris by Dokkum om... Se fûnen it allegearre mear as de reis wurdich en wy hienen yn de neisit folop praat oer dizze tige slagge jûn.

Mar mochten jimme ek foar de twadde kear gean, nim dan it programmaboekje fan de foarige kear mei en freegje allinne mar nei it losse fel mei wizigingen. Sparret wer in euro út...

Pleatst: 01-06-2014 / 17:30 oere - Reagearje? - Nei boppen