Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Risping...(2)

Us âldste pake- en beppesizzer is sljocht mei trekkers en alle ark dat derachter kin. (Hmm, hoe soe dat no kinne...) Foar syn jierdei hat hy in mânske combine krigen en tegearre mei syn nije trekkerbêd (yn deselde kleuren as de combine...) is dat dochs wol syn favorite ark!

No't hy in pear dagen by ús útfanhûs is, fine wy it leuk om sa no en dan even mei him út fytsen te gean. Hy achterop en dan (hoe kin't ek oars) op trekkerjacht! Boer Jelle, dy't wy sa stadichoan ek hiel goed kinne, is dan wol in plak dêr't wy even oan moatte. Hy hie foar boer Jelle in hiele wichtige fraach: Hat boer Jelle ek in combine?

No nee, sa sei boer Jelle, dat net, mar aanst om fjouwer oere komt hjir wol in combine om te nôtsjen. Dat ast him sjen wolst, dan moast hjir dan wer komme... Dat om fjouwer oere hinne wer op nei de pleats fan boer Jelle. Wy hienen gelok, de combine wie krekt yn oantocht. En, moaier koe it hast net, in selde combine as dy't hy krigen hie op syn jierdei.

Ik leau dat wy sa'n trije kertier stien ha om te sjen hoe't soks no allegearre yn syn wurk giet. Hy fûn it prachtich.

Doe't ik om likernôch kertier oer seizen de ierdappels opset hie, belle boer Jelle. Der wienen no twa combines oan it wurk, en de twadde wie ek noch in hiele grutten, op rupsbannen. Dat as hy nochris wat moais sjen woe, dan moast hy no komme! Boer Jelle fertelde it him sels troch de telefoan. Hy glundere deroer. Hy slingere my de telefoan ta en rôp: Kom mei pake!

En de ierappels dan? Se seaen krekt... No ja, foar in boer yn de ûngetiid is gjin krûd woeksen...

Wat in warberens op it lân fan boer Jelle. It stode deroer. En omdat it no dûbeld sa hurd gie, koenen wy ek moai de trekkers besjen dy't it nôt nei de pleats ta bringe moasten. Fansels, dat moasten wy ek sjen. Wêr giet it nôt no hinne? Wy achter de trekker oan nei de pleats om it hiele rispingproses fan tichtby te besjen. De kiper wer leech? Hup, wy wer nei it lân. Wy hienen it hast like drok as de trekkers...

Mar wy ha de tiid fan ús libben hân, ek pake fûn it moai. En, ek net ûnbelangryk, wy ha hiel wat leard! Dêr kin gjin skoallemaster tsjin op!

Doe't wy de foto's dy't pake makke hie, op de kompjûter beseagen moast ús lytse leanwurker fansels ek noch in pear plaatsjes sjitte. Net sa hurd pake! Ik moat ek noch foto's meitsje...

Oh ja, jimme hoege net te reagearje hjer, ik hie de ierappels even útset...

Klik hjir foar in fotoreportaazje.

Pleatst: 31-07-2014 / 18:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Risping...(1)

Letter mear...

Men rispet wat men siedde hat...

Pleatst: 30-07-2014 / 20:48 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fitamine F...

In de KIJK, it blêd dat ik in tal nûmers kado krigen ha, stie in nijsgjirrich artikel oer de fakânsje. Fakânsje is goed foar in minske, sa stie der yn it stikje:
Daaruit blijkt dat vitamine V op z'n tijd alleen maar goed is voor de gemiddelde mens. Mensen zijn op vakantie gezonder, energieker en gelukkiger...

Oei, hast elkenien wit dat wy eins noait op fakânsje geane!

Dêr hast it al:
Zo tonen verschillende onderzoeken aan dat mensen die langdurig niet op vakantie gaan vaker ziek worden dan mensen die regelmatig van een vakantie genieten en zelfs gemiddeld eerder overlijden...

No, dat is net bêst, sa liket it. Mar gelokkich: ze vinden andere manieren om uit te rusten...

Sa as mei syn allen in dei te faren oer it Drentsche Hoofdkanaal. Dat wie prachtich! Mei syn allen 11 kilometer de stream ôf (troch 3 sluzen, sa'n 10 meter hichteferskil) en dan op de fyts wer de stream op om de auto's op te heljen. It wie in noflike en ûntspannen dei! Der is in koart filmke fan makke en famyljeleden kinne dat op de fideoside besjen.

Er zijn zelfs beroemde artiesten en wetenschappers die zweren dat ze hun grootste doorbraken te danken hebben aan inspiratie die ze op reis hebben opgedaan...

Dat jout dan wer moed!

Pleatst: 28-07-2014/ 20:17 oere - Reagearje? - Nei boppen


Koarte ferhalen...

Oan't 2009 ha ik ûnder de namme Piebe Priegel ferhalen skreaun foar ús doarpsblêd. Sûnt der by it skriuwen fan sa'n ferhaal gebrûk makke waard fan de kompjûter, binne se bewarre. En dat binne der nochal wat! Yn de kolofon hjirnjonken stienen in hiele rige fan dizze ferhalen.

De oplettende lêzer hat miskien opmurken dat dy kolofon opskjinne is...

Mar de ferhalen binne noch hieltiten fia dizze side te lêzen, sterker noch, der komme mear by! Mochten jimme ris in kear neat te dwaan ha, dan is is it miskien wol aardich om ris digitaal troch dizze ferhalen hinne te blêdzjen. En dan by elk ferhaal even neigean wêr't it ek alwer oer gie. Want hast elk ferhaal hie te krijen mei de aktualiteit fan doe!

Klik hjir foar: Ferhalen

Pleatst: 18-10-2011 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Prikken...

Wêr binne dy lytse stokjes foar? sa rôp buorman doe't hy op de fyts ôfsette. It gers yn ús foartún stie fol mei satéprikkers. Nei it meanen hie ik dy der delsetten, it like wol komysk.

Ljipaaien, sa andere ik. Ik doch oan neisoarch...

Mar soksoarte fan grappen kin ik noait lang folhâlde en ik sei tsjin buorman dat dêr útrinners groeiden. Utrinners fan syn beam dy't mei de oktoberstoarm fan ferline jier jier omwaaid wie. Ik wie der doe al bang foar, foar dy útrinners bedoel ik.

Om dy útrinners it libben soer te meitsjen, soe ik se nei it meanen bewurkje mei wat guod om samar te sizzen. Oh, sei buorman, en meie wy ek witte hokfoar guod dat is? No ja, sa andere ik, Ik ha gjin spuitfergunning. Ik wist dat dat buorman syn hobbelhynke wie. Hy wie der grutsk op dat hy as rêstend lânbouwer dochs in jildende spuitlisinsje hie.

No, ik sjoch it wol, rôp buorman en hy fytste fuort...

Mar goed dat ik op it idee kaam wie om der prikken by te setten sadra't ik se ôfmeand hie, want it wie hast net te sjen wêr't se stienen. En doe't it meanen klear wie stie de tún dus fol mei prikken. In moai gesicht, wer ris wat oars as útrinners fan de Wite Abeel.

En dêr lei Hendrik mei in lyts potsje fol guod en in lyts kwastke it gers te skilderen. En buorman krige gelyk: we sjogge it wol. Want oeral binne no yn it gers lytse deade plakjes te sjen.

Hoopje dat it no goed ôfrint mei dy útrinners...

Pleatst: 24-07-2014 / 17:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bylden út it ferline...(2)

Alsof de tijd even geen grip had op je leven...

Pleatst: 24-07-2014 / 07:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Bylden út it ferline...

Myn freon en ik ha sa'n 20 jier byelkoar yn 'e klasse sitten. Net omdat wy it skoallejier hieltyd mar wer oerdwaan moasten, mar omdat wy eins ús hiele jonge libben lang deselde oplieding(en) dien ha. Fanôf de kleuterskoalle oan't en mei it HBU. It wie dan ek net dreech om ta te sizzen dat wy de folgjende reuny fan ús legere skoalle klasse wol organisearje woenen. Yn septimber is it safier.

No ha wy al wat foarwurk dien, mar it like ús aardich om yn ús berteplak de dei fierder ta te rieden. Wy hienen om 11:00 oere ôfpraat by de Sleattemermar, by Badmeester Keimpe. Op dat plak wie froeger it swimbad. (No noch, mar dan hielendal update...) Dat like ús in gaadlik plakje om de dei mei te begjinnen. Mannen fan it libben, mei de iPad op it terras mei in bierke derby, tariedingen meitsje foar in gesellige dei yn septimber.

Sa moasten wy aliten fergaderje kinne, sa ornearren wy...

Underdiel fan de reuny is in kuiertocht troch Balk. Mar net samar in kuierke, nee der moat ek wat gebeure. Wy sille ús klasgenoaten oan de hân fan in tal opdrachten werombringe yn harren jeugd, harren skoalletiid. En dêrom toarken wy dizze tariedingsdei earst sels troch Balk. Om foto's te meitsjen en opdrachten te betinken. Sels ek even werom nei froeger...

Doe't wy in Balkster en tiidgenoat tsjin it liif rûnen sei hy ferheard: Wat dogge jimme hjir, jim heare op in terras te sitten...

Mar dat wie ek in wichtich ûnderdiel fan ús kuierke, sa makken wy him dúdlik. Wy wienen de dei der mei begûn, oan de iene kant fan Balk binne terraskes en oare oare kant fan Balk binne noch mear terraskes én wy soene de dei der ek mei ôfslute, sa stie dat op ús wurkroaster.

It wie in prachtige dei, dêr yn ús berteplak. As jo der al jierren net mear wenje, sjogge jo dochs oars. In feest fan oantinkens en ferhalen. Mei sa no en dan bekende gesichten dy't foarby kamen, gesichten dy't al dy jierren yn Balk wenjen bleaun wienen. Moai wie dat, wy koenen harren wol, mar sy koenen ús net mear...

Wy ha ús fergadering ôfsluten mei in hearlik miel. Wy wienen moai en relakst troch ús aginda kaam en wy hienen neat mear foar de rûnfraach.

Balk foroaret, Balk is net mear
't Smûke doarpke fan wolear
En de keamerkes en krotsjes
Yn 'e steachjes binn' net mear
Alles wikselt en foroaret
Folle is net mear, sa 't iens wier
Kom nou ris, hwer stil en iensum
't Alde hok fan Strampel stie

út: Balk, Hendrik Hinnes
En nee, dat is gjin pseudonym!


Klik hjir foar mear foto's.

Pleatst: 19-07-2014 / 16:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pffff...

Pleatst: 17-07-2014 / 21:59 oere - Reagearje? - Nei boppen

Fljocht...

Wat fljocht de tiid! (Hast) Elk jier bringe wy famylje foar harren fakânsjereis nei Skiphol. En gauris giet ús âldste pakesizzer mei. It moaie is, dat elk jier wer oare dingen te belibjen binne. Doe't hy hiel jong wie, koenen jo foaral moai drave troch de grutte hallen en plaza's en hieltiten mar wer op en del mei de roltrep. Mar hoe âlder hoe mear belangstelling foar ferskate saken. Sa'n grut fleauntúch bygelyks, wêr giet dat no hinne?

Mar sels even fleane bliuwt fansels alle jierren oan wer moai...


It docht my sa nij as fleanen...

Pleatst: 15-07-2014 / 11:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pakes Reparaasje Ynrjochting...

Foto makke troch Hidde Wilko, sûnt juster 4 jier...!

Pleatst: 13-07-2014/ 15:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Woest!...

Witte jimme it noch? It ferhaal It kloppe foar gjin meter fan 15 maaie? No, dat krige in aardich ferfolch. No ja, aardich...

Nettsjinsteande dat yn it begeliedend skriuwen fan de nije jieropjefte stie dat de foarige faktuur kaam te ferfallen, kaam der dochs in herinnering fan €40,85. Moast ik noch betelje. Dat wie myn nije termynbedrach. Mar dat wie dochs wizige? (En ek al betelle...) én it wie dochs ferfallen? Mei it aardige petear mei Ireen noch yn 'e achterholle, soe dit probleem sa oplost wêze. Alteast dat tocht ik.

Mar wa hie ik no oan 'e line? Se wie net aardich...

It kaam derop del dat ik dochs betelje moast, want it wienen netwurkbehearskosten en dêr kinne jo net ûnderút! Netwurkbehearskosten? Hoe komme jo dêrby, dat stiet nergens yn 'e papieren. En hyltiten mar wer besocht se my dat dúdlik te meitsjen, mar ik gie der net mei akkoard. Meneer, het lijkt wel alsof ik tegen een muur zit te praten...

Ik wie woest! Se woe net mei my meitinke en wy kamen der net út wylst ik wist dat ik gelyk hie. Hoe no fierder? Foar itselde jild (en dat wie mar in lyts bedrach...) slute se jo ôf. Ik fertroude de NUON no hielendal net mear. In klacht yntsjinje. Dat koe neffens de NUON fia harren klachtenformulier op de side. Nergens te finen fansels en fia Google kaam ik by dit formulier. Tsjonge, is dat it belied fan de NUON? Foaral net kleie? Ha it formulier ynfold, mar nei in wike noch gjin reaksje. Jaja: we doen ons best om u binnen 5 werkdagen een reactie te geven...

@#!#$%%&!

Belje woe ik net mear, mar wat dan? Nei wat googeljen kaam ik op de side fan klacht.nl. Dêr stie dat de NUON in oplossingspersintaazje hie fan 96%! Dat gauw de klacht ynstjoere fia dizze side. Wy binne benijd.

En ja hjer, dêr belle Pauline. Heeft u even tijd meneer van der Heide? Se siet dêr echt om ta in oplossing te kommen en it waard in hiel fatsoenlik petear. En sa as ik sei, ik hie gelyk. De faktuur hie út it systeem helle wurde moatten, it wienen hielendal gjin netwurkbehearskosten mar gewoan in termynbedrach en it waard ferrekkene mei de earstfolgjende rekken. Dat wie alles...

En hie ik it juster yn de nije rubryk net oer in blomke dat besoarge wurde soe en dat wy net wisten fan wa it kaam? No dêr binne wy ûndertusken ek achter...

Mei it mes dwers yn 'e bek stean...

Pleatst: 11-07-2014 / 13:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

Nij...

Wilma woe mar in nije rubryk starte yn 'e fakânsje: healwize foarfallen. No, dan mar hoopje dat wy net deistich in pôle foarfallen berjochtsje moatte. Hawar, wy binne benijd. It begjint wol aardich dizze wike. Oh ja, ek net ûnbelangryk, wy melde de healwize foarfallen mar koart. Mochten it langere ferhalen wurde, dan meitsje wy dy wol ûnder in oar kopke...

  • Blommisterij út Dokkum bellet. Hienen in boskje blommen foar ús, mar krigen ûnderweis autopech en bringe it dêrom de oare dei. Fan wa soe dat no wêze kinne?
  • Plysje hâldt ús oan op 'e Jousterdyk. Te hurd riden. Hoe is't mooglik...
  • Dútslân wint mei 7-1 fan Brazilië (En Nederlân hat ferlern...)

Pleatst: 10-07-2014 / 12:07 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest…(2)

Altyd weroan, datselde fertoan
Dat jammerjen en gemier
Mar is't foarby, dan sizze wy
Wat wie't wer moai dit jier…

Hoe wier kinne sokke rigels wêze. It komt út it ferske It Feest Komt Oan, dat wy songen yn ús programma 't Is Feest. Ek op de earste jûn fan it feest ha wy dit ferske songen. Op fersyk, dat wol, mar ik leau dat net ien de tekst heard hat, want tongersdeitejûn keakelden de tintbesikers der aardich op los. Dat wie fuort ek oanlieding ta it earste jammerjen: dat dy minsken harren no net ris stil hâlde kinne ûnder al dy moaie ferskes fan ús doarpsgenoaten.

No ja, it earste jammerjen...

Yn de wiken foarôf wie der ek al it nedige kommentaar levere. Wêrom gjin tema? Thema: Vrij. Bedoele se no dat it tema frij is, as bedoele se dat elkenien no sels útkieze mei wat se útbyldzje by de strjitfersiering as de fersierde wein... Dat is doch folle leuker, in tema!? Wêrom stiet der gjin feestprogramma yn ús doarpsblêd en moatte wy ús ek opjaan foar de weinen en de strjitfersiering? Wat docht de kommisje mei buerten as ploegen dy't itselde útbyldzje wolle? Wêrom litte se dat ta en sizze deagemoedereard ach, itselde sil it noait wurde... Sjoch, dy strjitte hat alles byelkoar hierd. Soks moatte wy kenber meitsje oan de sjuery. Dit is net earlik! Wy timmerje en skilderje alles sels byelkoar...

En dan yn de wike foar it feest...

Giet it feest no wol as net troch? Wêrom heare wy mar neat? Wol as gjin flachjes en wannear begjinne wy mei it fersieren? Wêrom hat de strjitte nei oanlieding fan it ferstjerren fan in achte buertbewenner en bekende doarpsgenoat de flachjes net úthongen? Dit is wol saai, dizze strjitte is oars it namkaartsje fan it doarp mei al dy moaie ljochtsjes dy't sa moai brâne as jo nachts út 'e tinte wei nei hûs ta skommelje.

Respekt foar dizze buert...

Mar wat wie it feest wer slagge! Nettsjinsteande al it lawaai yn 'e tinte wie it tongersdeitejûn tige gesellich. Jo kinne je ôffreegje at alles sa ta syn rjocht kaam, mar de kroechbaas hie it sels organisearre, hy woe graach de tinte fol ha mei doarpsgenoaten mei in leuke aktiviteit. Want dan koe hy omset draaie, je moatte al yn bytsje saaklik bliuwe... Hienen wy dit net wollen, dan hie de kommisje sels wat regelje moatten. Sy woenen der no amper in fergoeding foar jaan. Dan moatte wy net eamelje en it nimme sa as it is. In gesellige jûn mei artisten út eigen doarp! Miskien dat der in oare kear oer de programmearing neitocht wurde kin, want dan wurdt soks allinne noch mar moaier.

De feestwein wurdt al wat...

Wat wer in geweldige optocht, mei hearlik sinneskyn waar. En wat wer moai en kreatyf betocht allegearre. It hat dan ek wol wer wat, in frij tema... Moai dat der ek wer safolle jongeren wienen dy't harren ynspand ha om wer wat leuks te meitsjen. Escortservice Dibbes wie miskien wol wat holsterich (en dat wurd kin ik net goed útlizze, mar it betsjut yn ús famylje rûch, healwiis en bolbjirken) mar kreatyf wie it wol! Wa lasket no twa auto's oanelkoar dy't elk ek noch in kant útride en stjoere kinne. Dêr moatte jo dan wol wer technysk foar wêze. En dan fansels de bruorren Jansma... Och, och, hoe betinke se it elk jier wer. Ik sil ris in foto-kollaazje fan harren kreaasjes meitsje as earbetoan foar safolle jier fernimstichheid!

Echt hielendal út de bol, wy geane dagenlang troch...

Ferrassende programma-ûnderdielen. Foar it earst Bingo op it feest, it doarpshûs siet stampfol mei allegearre gesellige minsken. In geweldich gebaar fan de band Black Velvet, dy't spontaan ynfoel doe't de plande band spitigernôch op it lêste momint ôfsizze moast. In prachtich kofjekonsert op de sneontemoarn mei muzyk fan it korps út buordoarp Nes. In spektakulêre 6-kamp, mei moaie spultsjes. Wol min waar, mar ach, it wienen allegearre wetterspultsjes en in dripke mear as minder is dan net sa slim.

It doarp is klear in moaie sfear, hast elke jûn fan't stee.

Mar ek de wat âldere doarpsgenoaten ha harren poerbêst fermakke mei it jeu de boules spul en de foto-kwisfragen oer plakken yn Fryslân. Wol wer ûnnoazel dat ik elkenien fertelle moast dat dit (en dan mei de foto omheech) it moaie doarp Balk wie. Ik wist doe noch net dat dizze foto's by de wedstriid hearden. Oan it ein fan de middei in slagge wjerhelling fan de optocht. Moai dat de priiswinnende buertfersiering-buert it net slim fûn dat ús pakesizzer meifarde yn de pirateboat dy't se makke hienen foar de optocht. Hy hat de jûn fan syn libben hân. As echte Piet Piraat-fan meifarre yn de Scheve Schuit. Oer mienskipssin sprutsen...

Wy hâlde fol, ja wat in lol, de glêzen omheech en TSJOCH!

Moai dat Oranje sneontejûn wûn fan Costa Rica, de stimming siet der fuort yn en Bamm Bamm hie de boel fuort oan 'e gong. De kommisje hie in grut skerm regele (mei tank oan de mannen fan Kabel Noord en de kabel lei dit kear boppe de grûn...) en sawat it hiele doarp siet gesellich meielkoar de wedstriid te sjen. Fan te foaren net pland en yn it programma opnaam, mar dit koe fansels net oars.

Om ús hie de band oare muzyk spile, mar de sfear wie goed en it jongfolk raasde de ferskes wakker mei. De muzykkar wie in kwestje fan je wordt ouder pappa, mar wy ha ús goed fermakke!

Op de ôfslutende snein siet de feesttinte ek wer moai fol. Gospelkoar Our Choise út Lauwerseach fersoarge de hiele tsjinst en der waard sels in polonaise troch de tinte dien. De gesellige dirigente sei dat se dat justerjûn ek dien hienen, dat hjoed mocht dat ek wol. Wat in geweldich koar en wat in entûsjaste tsjinst. No bin ik net sa fan de opwekkingslieten, mar it passe prachtich as ôfsluting fan dit moaie feest. Mei fjoer en faasje Welk een vriend is onze Jezus sjonge, klappe, stean en dûnsje. En elk koe meidwaan. Sa waard dat ek yn de oertinking oanhelle, meisjonge yn alle toanen. Want elk kin sjonge ek al binne guon dêr net fan oertsjoege en fine se harren sels mar falske kraaien. No ja, de kleisangen, dy koe elkenien wol meisjonge... Hoe tapaslik, sa'n opmerking. Wie'k dêr ek net mei begûn? Kleisangen foarôfgeand oan it feest?

Mar is't foarby, dan sizze wy, wat wie't wer moai dit jier!

Sa is it mar krekt. In prachtich doarpsfeest, goed organisearre, in moai programma yn in geweldige sfear. Hulde foar de feestkommisje en de minsken fan 't kafee. Want leau my, it is in hiele organisaasje! Boppedat in goed idee, trije jier wachtsje foar it folgjende feest. Sitte wy net mear mei dat fuotbaljen...

En ek hulde foar Hoesman, ús Tafeltje Dek Je yn dizze feestlike dagen. Korrekt, plezierich en noflik. Midden yn 'e nacht hieltyd mar wer dy feestlike opmerkings oanheare moatte, mar wol wer in lekker patatsje leverje. En, neffens de measte doarpsgenoaten, hearlike kipschnitzels...

Klik hjir foar mear foto's fan de optocht.

Pleatst: 08-07-2014 / 00:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Doarpsfeest...(1)

Berend Brokkenpap hienen se net yn de ferklaaierswinkel. Dan mar in oar figuer út it Piet Piraat ferhaal. En sa kaam it dat Steven Stil mei Piet Piraat meidie oan de optocht fan it Hantumer doarpsfeest. Op de fyts. En de fyts wie it seemeunster. It wie in prachtige optocht mei hearlik sinneskyn waar. Boppedat hoegden Piet en Steven net allinne te fytsen, want ek Bumba en K3 fytsten mei. Studio 100 yn Hantum om samar te sizzen.

No hie Piet wol gelok, want by de wjerhelling fan de optocht mocht hy meifare yn de Scheve Schuit. En dat wie hielendal top fansels. Steven moast thúsbliuwe. En dat wie mar goed ek, want it seemeunster die oars net as oangean en fjoerspuie...



Pleatst: 07-07-2014 / 17:18 oere - Reagearje? - Nei boppen

Selfie...

En kommende freed te sjen as Piet Piraat en it Seemeunster (en Berend Brokkenpap...)

Pleatst: 01-07-2014 / 22:59 oere - Reagearje? - Nei boppen