Youtube Twitter Facebook

It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Griene stroom...

No wit ik net oft ik de ienichste op 'e wrâld bin dy't soks hat, ik tink it net. Mar frustrearjend is it wol. Ivich en altyd itselde!

Achter by ús yn it gers stiet in túnkabouter. Hy hâldt by ús de wacht en hy soarget derfoar dat der gjin minske by ús yn 'e tún komt. Omdat hy al in âld mantsje is, stiet hy tsjin de linepeal oan. Njonken de reinmjitter. As jo dat sa fan ôfstân sjogge, dan is it in moai gehiel. Kreatyf sa mei syn trijen...

It is ek net samar in túnkabouter! It is ien op griene stroom! Hy stiet ûnder in soarte fan paraplu en deis laadt dy paraplu himsels op, sadat hy by donker in sfearfol ljoch jout. Tige handich, want dan kinne jo nachts de reinmjitter ôflêze. Mocht dat nedich wêze... Paulus is in ekokabouter!

Paulus ha ik ea ris krigen op heitedei. In moai kado foar ien dy't neat wit en ek net altyd aftershave ha wol. Mar Paulus wurdt echt âlder en syn ljocht baarnt net mear sa fûl! En as jo dan by donker troch de tún strune, dan skynt Paulus hiel hoeden en ferljochtet hy krekt trije gerssprytsjes. Mar ach... it wie in kado en dan wolle jo Paulus ek net samar nei it recycleôfjeftepunt ta bringe. Want dat Paulus in twadde libben temjitte giet, dat is fansels by de keap ynbegrepen. Ferwideringsbydrage is betelle, boppedat kinne sokke sinnesellen wer brûkt wurde. Miskien wint Paulus syn batterij ea de Solar Challenge yn Australië!

Mar wat is no sa frustrearjend en wat is no ivich en altyd itselde?! By it meanen reagje ik Paulus altyd om, fljocht syn 'paraplu' yn trije stikken en moat hy altyd wer ynelkoar nifele wurde. Paulus hat al hiel wat ûngemakken meimakke. Miskien baarnt hy dêrom ek wol net mear sa fûl. Mar hy bliuwt stean! Krekt salang oan't syn lêste strieltsjes ljochte ha. It bliuwt in kado en nettsjinsteande dat de solarkap troch al dy oanridingen hast net mer passet, bliuwt ús kabouter de bêste freon fan de linepeal en de reinmjitter.

Pleatst: 28-07-2009 / 23:02 oere - Reagearje? - Nei boppen

It moaiste plakje oan it waad...

Noflik op in terraske. Op Lauwerseach, hielendal oan it ein fan de pier. Hoewol noflik... It waaide dat it rikke en njonken kâld bier hienen guon einepikefel. Hawar, it is simmer en dan heare jo bûten te sitten.

Wie hienen reservearre en om likernôch healwei seizen koenen wy mei ús goeie kunde oan tafel. Prachtich plakje mei in moai útsicht oer it waad. Lokkich waard dat sicht net beheind troch nuveraardige foto's. Op wei nei restaurant Het Pierenend koenen wy guon foto's wol besjen en ik moat sizze dat it bêst wol moaie foto's binne.

It iten wie hearlik en it praat wie besteklik en dan is it ek samar wer let. Mei omdat it leechwetter waard en wy op 't lêst al fan doel wienen om te foet nei Skiermûntseach te gean, ha wy dochs mar besletten om oan dizze noflike jûn in ein te breidzjen. De KNRM kin fansels net foar de safolste kear guon dy't fêst sitte fan it waad ôfhelje. Folgjend jier wer sa'n hearlik dineetsje. En dan fansels wer op in moaie plakje. Wêr? Dat kinne wy no noch net sizze fansels, mar dat wy dizze moaie tradysje fol hâlde, dat mei dúdlik wêze.

Oh ja, it wie juster dochs echt de fiifde kear...

Ik moat grûn fiele, sei Goasse, en hy gie te foet nei 't Amelân...

Pleatst: 28-07-2009 / 00:23 oere - Reagearje? - Nei boppen

Wolkje...

Guon by ús yn 'e hûs binne sljocht op buienradar.nl. Wy kinne dizze side hast wol ynstelle as startside! Kompjûter oan en buienradar knalt jo temjitte!

Wol nuver. Krekt werom fan fakânsje, noait nei dy side sjoen en no sitte wy wer thús en it is oars net as: toe je, sjoch even op buienradar... Wy sitte hjir dochs droech? Wy hoege der net mei de fyts op út, wy hoege net te silen as te kuierjen. Lit it mar reine.

Mar om elk wat yn 'e mjitte te kommen, kinne jimme sûnt juster in wolkje ûntdekke op dizze side. Alteast no is it in wolkje. As de sinne skynt, dan ferdwynt it wolkje en strielt dy sinne ús blier temjitte. En as it reint, no ja dan sitte wy binnen fansels, mar dan reint it op dizze webside ek.

Tip: wiis ris mei de mûs it wolkje oan. En derop klikke kin ek noch. Wat in serverice net?!

Pleatst: 24-07-2009 / 19:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oer de grins...

Dat is wolris moai, in besite oan ús haadstêd. It parkearen foel ta, oan 'e râne fan it sintrum op in P+R parkearplak en foar seis euro ha jo in protte wille.

Mar as jo út it sintraal stasjon stappe, dan wurde jo wol hiel bot konfrontearre mei it ferskil tusken stêd en plattelân. Minsken, minsken en nochris minsken en hast net ien dy't Nederlânsk praat. Wy binne nei de Dam ta kuiere foar in besite oan Madame Tussaud. Ek dêr in protte minsken. Yn in lange rige moasten wy wachtsje foardat wy each en each stean koenen mei de 'groten der aarde'. It wie it wachtsjen wol wurdich. Want wês earlik, wannear moetsje jo no yn sa'n koart skoftke tiid safolle ferneamde wrâldboargers?!

Famyljeleden kinne de foto's besjen fia de gebrûklike koade en foar belangstellenden hjir in lytse kar út de moeting mei muzikanten, BN-ers, wrâldlieders en topsporters...

Oh ja, en Doutzen wie der ek. Wy ha even Frysk praat meielkoar, mar Doutzen sei spitigernôch neat werom...

Pleatst: 21-07-2009 / 20:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

It is BBQ tiid!

Dat is moai thúskommen! Want nei ús tsiendaagsje fakânsje yn Wechum stie de barbecue foar ús klear. Us buertferiening oarganisearre it ôfrûne wykein dizze gesellige jûn. Hast alle leden wienen oanwêzich en it waard dan ek in hiel noflik en foarar ek hearlik smeitsjend barren. Besteklik praat, lekker fleis mei in koel drankje.

Fansels koe ik it net litte om in protte foto's te meitsjen. Hjirûnder de link om dizze foto's te besjen. En moai dat der mei it fototastel ek filmkes makke wurde kinne, want dat jout dan wer oanlieding ta in protte fantasy... Mei tank oan alle buorlju dy't holpen ha mei ús 'keetsje', want spitigernôch bleau it sneontejûn net droech. Mar eins ha wy dêr ek wer neat fan murken...
Foto's buertbarbecue

Pleatst: 20-07-2009 / 18:57 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oh heden hidske...

Oh heden, it is ek sa, ik soe noch in stikje skriuwe oer dy moaie foto's op 'e seedyk by Moddergat...
Dat hienen wy ôfpraat doe't wy in pear wiken ferlyn mei in pear buorlju op poppeslok wienen by guon út ús strjitte. Kinst moai oer skriuwe Hendrik...

Yn it foarste plak wol ik hjir wol even kwyt dat ik neat tsjin ha op dizze foto's. It is no net dat ik se yn 'e hûs hingje soe, mar se binne knap makke en, sa as yn 'e parse wol neamd wurdt, nim ik der gjin oanstjit oan. Mar ik ha der wol muoite mei dat soks op 'e seedyk pleatst wurde moat. Wat soe dêrfan no de bedoeling wêze? Op de webside wadnaakt wurdt it sa omskreaun: Door de mens op deze bijzondere plek naakt te fotograferen kom ik tot het puurste, het reinste, het meest naakte waarin de kwetsbaarheid en kracht van de mens te zien is. Tsja... dat is knap betocht!

Komme wy út op ús stelling dat keunst hjoed oan de dei ferpakt wurdt yn in moai ferhaal. It keunstwurk stelt op himsels neat foar, mar it ferhaal deromhinne makket it ta 'keunst'. En hoe ûnbegrypliker, hoe djoerder... Yn 'e cartoon út 'e Ljouwerter fan juster wurdt dat moai dúdlik makke:

En elk trapet deryn...

It is ûnsin om soks op 'e seedyk te pleatsen. Doch dat yn in museum as op it ynternet. Freegje de Kalkman yn Wierum at se dêr hingje meie. In seedyk is bedoel om ús te beskermjen tsjin it hege wetter. Is net bedoeld om foto's del te setten. At se wat wolle, set se dan yn it slyk. Mar nee, dat kin net fansels. Dan wurde se wei, wiet, sâlt en spiele se fuort. Juist dan zijn ze uiterst kwetsbaar en kunnen we de kracht van de elementen in al haar hevigheid aanschouwen... En dit lêste ha ik sels betocht, myn foto's kinne ek wol op 'e dyk!

Ik begryp eins ek net dat dêr tastimming foar jûn is. Moatte jo sjen hoe't ynstânjes yn opskuor komme as jo bygelyks in boerd lâns de dyk sette. En dan bedoel ik in gewoane autodyk. Jo binne hast in misdiediger en der hingje jo fikse boetes boppe de holle, fuort mei dy boel! Mar nee, soks kin allegearre, der wurde sels ekskursjes by oarganisearre! En dan ek noch 75 euro betelje, wy dogge dochs wat ferkeard...

De foto fan Mijke Bos, dy't by dit stikje pleatst is hjit Theatraal. Fûn ik wol in aardich ûnderwerp sjoen de hobby dy't wy útoefenje. Boppedat ha wy yn it ferline ek sa'n fotorige makke by it Waad. Mar sa as ik al skreau, dizze foto's komme fansels nea op 'e seedyk. Hoecht ek net, trouwens. As ik soe der in moaie ferhaal by betinke moatte: Troch dizze knoffelhakken sa te pleatsen yn de rûmte en it sûgjende slyk fan dizze bysûndere natoer, steane se letterlik foar peal...

Oh heden hidske, no sit ik my te betinken dat ik mei dit ferhaal meidoch oan de mytefoarming rûn dizze fototentoanstelling. Want ek dat is ûnderdiel fan dit gehiel. Hoe mear oandacht, TV-opnames, krantestikjes en kommentaren hoe mear wurdearring foar dit keunstprojekt...

Pleatst: 19-07-2009 / 0:32 oere - Reagearje? - Nei boppen

Koarting...

Us útstapke nei it Ecodrome yn Zwolle wie mei mooglik makke troch in hiele pôle koartingsbonnen. Ien út ús famylje hie ús der op attint makke, dat der yn 'e Veronicagids in koartingsbon foar dit park stie. Mar wy kamen der ek achter dat jo dizze bonnen sels útprintsje koenen.

Noch mear bonnen! Neffes ús berekkeningen soenen wy fergees it park yn kinne. Net bêst wol... As echte Nederlanners mei de pindakaas, de sek ierdappels en de sjupanne mei de gehaktballen ien dei op 'n paad nei in ûntdekkingspark yn Zwolle.

It frommeske achter de baly wie der glêd mei oan! Twa Huitema's tsjinoer har mei sa'n 15 koartingsbonnen. Hoe sit dat no? Ien bon per persoan? As 4 persoanen foar ien bon? Op lêst de direksje der al by. Wienen der koartingsbonnen dan? Hawar, om mar fan it trochsettingsfermogen fan de twa susters ôf te wêzen, mochten wy der foar ien koartingsbon per persoan yn! Rekkenje mar út! Sân kear fjouwer is dochs mar wer 28 euro!

Njonken it tige Fryske Swol, die dit my ek tinken oan de Fryske Kriten. As om it oars te sizzen de Friezen om utens. Dy geane der ek altyd sa sunich by lâns... Alhiel ynspirearre troch dizze gedachten, hjirby it fotoferhaal fan de Fryske Snavels.
(En al dizze haadrolspilers binne yn it Ecodrome te finen...)

Pleatst: 15-07-2009 / 20:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

Ecodrome...

Juster ha wy in fakânsjeútstapke makke. Hielendal nei Zwolle, Swol foar de tige Frysktaligen. Mar dat docht my tefolle tinken oan de Fryske kriten en dêrom sis ik lekker Zwolle! Omdat famylje fan ús op 'e rûte wennet, ha wy dy earst oanhelle. Gesellich sa mei ús sanen. De reis gie nei it Ecodrome. We hienen der in protte fan heard, mar moasten it ek mar ris mei eigen eagen besjen.

No, it wie it besjen wol wurdich! Wat in prachtich park. Yn it park geane jo op reis troch de natoer. In ûntdekkingsreis om samar te sizzen. Jo leare fan alles oer it ûntstean fan de ierde, jo heare de ferhalen fan Charles Darwin en jo kinne op ekspedysje nei de iistiid, troch de jungle en nei de goudminen. Hiel nijsgjirrich. It is in soarte fan Emmen yn it lyts en in gearfetting fan Naturalis. Jo kinne jo der wol in dei fernuverje...

Fansels ha wy in protte foto's makke. Dizze binne te besjen yn it fotoalbum dat te iepenjen is mei de koade. Hielendal nij is it filmke dat makke is. Ek fia it fotoalbum te iepenjen. It filmke fan sa'n 10 minuten is wol aardich slagge, as sis ik it sels. Wol in hiel gepruts sa'n filmke. It is mar goed dat wy fakânsje ha en dat der yn it fakânsjehûs yn Wechum sa'n krêftige PC mei in fideobewurkingsprogramma oanwêzich is...

Foar de netkoade-lêzers hjir in ympressje fan it Ecodrome yn Zwolle.

Pleatst: 14-07-2009 / 20:37 oere - Reagearje? - Nei boppen

De Hossebos...

Omdat ik klachten krige fan myn kabaretmaten, dat der hast nea mear oer ús foarstellingen skreaun waard, dochs mar even in lyts ferhaaltsje oer ús lêste optreden foar de simmerfakânsje...

In famylje út de Westereen hie ús frege om in foarstelling te fersoargjen foar harren famyljedei yn it ramt fan it gouden houliksfeest fan harren âlden. De feest fûn plak yn it smûke kafee de Hossebos yn de Westereen. Foar harren âlden wie it in ferrassing dat wy optrede moasten. En omdat wy dan net samar binnenfalle koenen, moasten wy in jûn fan te foaren de boel klearsette.

Foar útbater Wessel wie dat gjin probleem. Hy stelde it sels foar: kom mar op freedtejûn! No wie de seal fan optreden mar lyts en der moasten ek noch sa'n 50 minsken by! It is nuver, as it krap wurdt, dan wurde wy kreatyf! De ljochten oan it plafond fêstbine ynstee fan op it statyf en mear fan sokke rûmtebesparjende oplossingen...

Wessel fûn alles bêst, hy wie tige gastfrij en sa no en dan krigen wy in drankje fan him. It wie wol spitich dat Wessel wat hinkepinke, dat beheinde him yn syn help. Mar dat kaam omdat hy frituurfet oer de foet krigen hie. De foet siet yn in grau ferbân en dêrom rûn hy no as Herr Flick troch the café (from René)...

De foarstelling wie moai, mar smoarhyt! Boppedat moasten wy ús ferklaaie tusken de stellingen fol drank. As in mûs yn in tsiispakhús soenen je hast sizze kinne, wie it net dat wy fansels ûnder de foarstelling net de flesse oan 'e hals sette kinne. Hoewol Wessel wol tsjin ús sein hie: as jimme wat nedich ha, dan pakke jimme it mar...

It wie let doe't wy de lêste sêne spile hienen. Want ja, tusken de bedriuwen troch moatte de gasten al wat ha, boppedat wie it in houliksfeest en dan steane net wy, mar it breidspear folop yn de belangstelling.

Moarn moatte wy in optreden fersoargje op it doarpsfeest fan Gaast. Gaast is goed berikber fanút Wechum, noch even mei myn maten ôfprate hoe 't wy it mei it riden dogge... Nei dit optreden ha wy ek wat it kabaret oanbelanget even frij. Miskien yn it wykein in ferslach fan de reis nei dit lytse Iselmarkustplakje...

Pleatst: 09-07-2009 / 17:54 oere - Reagearje? - Nei boppen

Utsliepe...

Hearlik! Wat in noflik fakânsjeplakje! Fan 'e moarn ha wy foar it earst útslept. It hie wol tolve oere wurde kinnen, wie it net dat der in healwizeling mei in blêdblower troch de gemeenteperkjes gie. Nee, it wie net in wreed ferneamde kroechgonger dy't in fyt úthelle, it wie sa'n Oostergo-mantsje dy't, tink ik, yn opdracht fan 'e gemeente krekt die as wie it hjerst...

Om't wy dochs wekker wienen, koenen wy moai televyzje sjen. Discovery Channel. Dat wie wol yn it Ingelsk, mar it wie goed te folgjen. It gie oer in Ingelsman dy't yn in pear wiken in VW-buske restaurearje moast. Dat buske wie om samar te sizzen in rustbult. As dat goed komt, dan komt de mear goed! Omdat it in VW wie, bleaunen wy hingjen fansels. It wie in T1 en omdat wy sels T4 ride, ha jo dochs in bân mei alles wat oer VW-buskes giet...

Nei dizze útsjoering binne wy dochs mar oan it moarnsbrea gien, hoewol it hast middei wie. Hearlik farske bôle út 'e supermerke út 'e stêd op fytsôfstân. Kompleet mei skarrelaaikes fan echte skarrelhinnen. Omrop Fryslân op 'e achtergrûn oan en it rêstige fakânsjeslibben is echt op gong kommen...

Jaja, ek yn Wechum kinne wy de omrop noch krekt ûntfange...

Pleatst: 09-07-2009 / 17:12 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spitich...

Fansels kin elk lâns komme op ús fakânsjeadres. It is even riden, mar elkenien is wolkom!

Pleatst: 08-07-2009 00:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Oankaam...

Toerist worden in eigen dorp, stad of streek kan verrassende en geestverrijkende ervaringen opleveren...
Uit: LC 06-07-2009 - Jacob Noordmans

Hjoed binne wy oankaam op ús fakânsjeadres. Fia fia koenen wy gebrûk meitsje fan en fakânsje hâlde yn in keurige trije ûnder ien kap wenning. Wy ha sels gjin karavan en ek in tinte is net in opsje foar ús. En dan mei sok waar... Nee, in kreaze wenning, mei alles derop en deroan. In rûme keamer, mei lokkich in folle boekenkast en, net ûnbelangryk, in wurkjende kompjûter dêr't ik gebrûk van meitsje mei. Boppe moaie grutte sliepkeamers, in krekt ferboude dûs en op ús sliepkeamer in televyzje mei sa'n 30 stjoerders.

Hjir kinne jo je fakânsje wol trochbringe! In moai rêstich en wiids lânskip, ticht ûnder de kust. In middelgrutte stêd op fytsôfstân en foar Wilma ek wol moai, in manege ticht by de doar. Hjir jouwe wy ús noflik in pear wiken del.

Wy hâlde jimme op 'e hichte...

Pleatst: 07-07-2009 / 13:14 oere - Reagearje? - Nei boppen

Yn beweging...

It is nuver, mar hieltyd mear witte 'Fryske siden' my te finen. Sa hie ik al in
e-mailwiksel mei de redaksje fan hallofryslân.nl en kaam der juster in fersyk fan de Ried fan de Fryske Beweging foar it pleatsen fan in link. No bin ik eins net sa'n fan fan it pleatsen fan alderhande links. (Moai: fan fan... tink oan jimme útspraak!) Hawar, ik ha de link dochs mar pleatst, hoewol ik der op passe moat, dat it hjir lofts op 'e side net in reklamepylder wurdt!

Wat soe der tsjinoer stean? In protte nije besikers? Wy wachtsje mar ôf. As ik myn nocht ha, kin ik de 'reklame' fansels ek wer fuorthelje.

Hiel aardich wie ek it koarte mailtsje fan Hille Faber. Doetiids lid fan de Fryske sjonggroep Jarje. In groep dêr't ik nochal fan sjarmeard wie (bin). Hy sil wol fia Google op dizze side telâne kaam wêze, want ea ha ik ris in lyts berjochtsje oer dizze groep pleatst. By syn berjocht siet ek in link nei in filmke op Youtube. En omdat ik it sa aardich fûn, hjirby dat filmke. De Jarjetiden komme wer ta libben, hoewol de sjongroep mei Hille Faber no de Doarmers hjit mar it lûd fan de sjonger is ûnmiskenber!

Pleatst: 06-07-2009 / 16:00 oere - Reagearje? - Nei boppen

Carglass...

De hiele dei hinget jo dat deuntsje yn 'e holle. Foaral as jo nei Omrop Fryslân harkje. Carglass repareert, carglass vervangt... Mar it wurket wol! Want doe't ik ferline wike moandei op wei nei skoalle in flinke KETS hearde doe't in auto my ynhelle, tocht ik fuort oan dit deuntsje.

En it die bliken dat it ek noch nedich wie! Want doe't ik hast by skoalle wie, ûntduts ik in lyts plakje yn it midden fan it autorút. Gau online in ôfspraak meitsje en menear Carglass soe hjoed lânskomme...

Fanôf acht oere siet ik klear om de mobile service te ûntfangen. Mar hy wie der pas om healwei tolven, want hy wie om alve oere oan syn wurkdei begûn. Der binne lokkich mear ideale baantsjes njonken it berop fan skoalmaster...

De blaue mofkes kamen oan en al gau siet de transporter oan in soarte fan ynfús. Soe mei in kertierke klear wêze, sa sei blaumofke tsjin my. En hy hie gelyk! Nei sa'n tweintich minuten pakte hy de boel wer yn en nei in hantekening set te hawwen, fleach hy wer fuort, op nei de folgjende stjêr. Yn Aldwâlde. Koe hy moai lâns de Trekfeart, want dy dyk is wer iepen. No mar hoopje dat der op dizze nije dyk net tefolle stientsjes los lizze...

No binne der ek tsjinstanners fan dizze 'agressive' Carglassreklame. Sjoch mar ris by dizze links. En pas op, de twadde link is allinne foar boppe de achttjen...
Anti Carglass Hyves
In alternative reklame...

Oh ja, no't it rút wer makke is, kinne wy mar feilich op fakânsje. Lokkich nei in plak mei in ynternetoansluting, sadat wy ús webside byhâlde kinne...

Pleatst: 06-07-2009 / 16:09 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moai waar en lange dagen...

Hjoed wie de lêste skoalledei. Wy soenen sportdei hâlde. Mar omdat Pyt sei dat it smoarhyt wurde soe, fûnen guon fan ús it net ferantwurde en lit de bern op it tropyske sportfjild 60 meter hurdrinne...

Dêr sit wat yn fansels, wy moatte gjin ûngemakken ha, oars wurde sportdagen mei yngong fan 2010 ek ferbean. By de fjouwerdaagse moatte se ek al rekken hâlde mei de gleone sinne, moatte om de 50 meter flessen wetter klear stean en moat elk him ynsmarre mei faktor 80. Boppedat at it slim ferzen ha giet de alvestêdetocht ek net troch...

Dat wy fan 'e moarn mei syn allen op nei it iepenloftswimbad yn Gytsjerk. De jongsten yn 'e auto en de âldsten mei master en juffer op 'e fyts. In oranje hesje oan, master mei hesje en fluit foarop en swimme mei dy hannel! Troch de hektyk fan dit yn sân hasten nommen beslút hienen se my by de fytsen set en in kollega dy't altyd fytst by de auto's.

Nettsjinsteande de hitte hienen wy it ferstân der noch aardich by en koenen wy dizze flater noch krekt op 'e tiid goed meitsje, dat mei fiif bern yn 'e bus tuterjend lâns de fytsers op nei dizze wolfertsjinne oase...

It waard in prachtige moarn! De bern wienen o sa noflik en wy ha fan harren dan ek gjin wanklank heard! De begelieders sieten smûk ûnder de parasol en ha hiel gesellich in pûn droege woarst behimmele. Freegje my net wêrom no krekt droege woarst op dizze gleone dei, it sil wol foaroan lein ha yn de kuolkast...

Mar dizze stikjes droege woarst wienen de opmaat ta in wol hiele nuvere kulinaire dei. Want njonken dizze Wat Weidenaar snijdt is kwaliteit wienen der ek noch joade- en aaierkoeken en om it koekferhaal hielendal kompleet te meitsjen, wienen der foar alle bern en begelieders tusken de middei pankoeken!

Dy pankoeken ha wy net yn it swimbad opiten. Wy wienen ûndertusken al wer op skoalle en de berntsjes sieten moai ûnder de beamen yn it skaad fan dizze traktaasje te smullen. Fansels koe ik der ek net ôfbliuwe, dy droege woarst wie allang wer sakke en nei sa'n drege moarn binne jo aardich roppich...

Ferskate âlders hienen dizze pankoeken bakt. Mei bakken fol hienen sy se nei skoalle tôge, troch de hitte bleaunen se lekker waarm en se binne dan ek hielendal skjin opgien. Nei it pankoekiten moasten wy de bern noch even in oerke fermeitsje, mar ek dat slagge tige by tige. It sil fêst kaam wêze fan de yntensive swemmoarn...

Om healwei trijen ha alle kollega's, bern en âlders elkoar, mei in hapke en in drankje, in noflike fakânsje tawinske. It is moai dat der dan âlders en bern binne dy't jo wurk wurdearje mei in blomke, in kaartsje as in oar aardichheidsje. It hoecht fansels net, wy wurde der foar betelle, mar it is dochs altyd wer even in lytse opstekker sa oan it ein fan in tal hektyske wiken. Mochten guon âlders dit lêze: tige tank!

En no falle wy yn in gat. Och, och, hoe krije wy dy seis wiken om...

02-07-2009 / 23:30 oere - Reagearje? - Nei boppen