Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor


© www.vanderhei.de

Meccanoid...

Yn it blog fan 11 novimber 2017 fertelde ik oer myn help as robot-pake by it ynelkoar setten fan in robot op ús pleatslike basisskoalle de fjouwerHoeke. De robot is klear en fan it hiele proses ha wy in filmke makke. Sjoch hjir it resultaat...

Oh ja, en hy hjit net fan Archie, mar de namme dy't wy foar him betocht ha is Rollie.

Pleatst: 13-02-2018 / 10:38 oere - Reagearje? - Nei boppen

Hauken en Hazzen...

It Súdwesthoeke Lokaaske Teater (SULT) spilet harren stikken faaks op bysûndere lokaasjes. It stik fan dit jier waard spile yn it eardere bedriuwspân fan Blaauw meganisaasje yn Himmelum. Blaauw is út Himmelum wei gien en dat pân stiet al in skoft leech, SULT fûn dit in moaie lokaasje. Want wat is der no moaier om de fjouwer wite bestelautootsjes, dy't in wichtich dekôrstik foarmen, te parkearjen yn in wurkpleats foar lânboumasinen en trekkers?!

Blaauw is ek noch dealer fan New Holland. Nij Hollân, sa omskreau SULT dit. Mei in bypassend logo. Hoe treffend, want is it nije lân fan de donkere man, dy't geregeldwei opdûkt yn it ferhaal, wol sa gastfrij? As is it Nije Hollân sawol foar de autochtoanen as foar de allochtoanen hjoed de dei beeangstigjend en bedriigjend. Al sleuteljend besocht SULT antwurd te krijen op dizze fraach…

Moai, in garaazje. It plak fan myn jeugd. Altiten sloegen wy yn de garaazje fan ús heit om. Prutse, sleutelje en helpe. De rook joech wat fertrouds, wy wiene wer even thús. Oh Ja? Jilde dit ek foar de donkere man? Fielde hy him hjir ek thús?

Om't ik fanwegen myn gehoar de helte faaks net ferstean kin, moatte foaral de bylden, de mimyk en de gebearen it stik stypje. Dêrom sit ik it leafst foaroan. Ek no wer, wy sieten der deun op. Prachtich!

De artistyk lieder sei yn syn ynlieding dat it stik net altyd like maklik wie. En dat elk miskien mei in protte fragen nei hûs ta gie. En dat elk faaks syn eigen ferhaal by it stik makket en dat elk de bylden ek wer op in oare wize ynterpretearret.

En in eigen ynterpretaasje meitsje en jo eigen bylden ynfolle slagge fan'e middei tige!

It ark, de ûnderdielen en de masinen dy't altiten yn in wurkpleats oanwêzich binne foarmen foar de spilers harren attributen. In oaljekanne waard in drankfles en in sjorbân foarme yn ien fan de sênen in lânsgrins, dy't bewake waard mei in útlaat as gewear.

Krekt as eartiids… De âldizerbult dy't tusken ús âlde en nije garaazje yn lei, wie ien grutte snobberspot foar boartsjende bern. Alles makken wy derfan. Alles koe brûkt wurde yn ús fantasyrike spul… Stoaterstangen waarden antennen en spanningsregelders waarden stoerders, tsjildoppen, doetiids noch fan metaal, waarden skylden om jo dêrmei tsjin de fijân tebeskermjen. Mar it koe ek krekt likegoed in knikkerpot wurde. Moasten jo him earst al even yngrave…

Wy giene hielendal mei yn it ferhaal, it ferhaal fan de donkere man dy't foar elk miskien wol in bedriging foarme en eangstige gefoelens oprôp. Prachtige bylden en prachtich spile. Wy ha in geweldige middei hân.

Allinne dy sigaret? Dat kin net mear…


Pleatst: 12-02-2018 / 22:03 oere - Reagearje? - Nei boppen