Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop
PKN Gemeente Hantum c.a.
KV DTL


Created with CoffeeCup HTML Editor

Tsjustere dagen...

Tsjustere dagen foar kryst
Asto troch de greiden rinst
Liket alles grau en tryst

Sompet de wiete klaai dy ta
Datst dy hast net foarstelle kinst
Dat de beamen ea wer blêden ha…

Pleatst: 18-10-2011 / 21:24 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystkaart...

Alle jierren meitsje wy sels in krystkaart. Eartiids mei bygelyks teepûdsjes as jierappelstimpels. Analoge kaarten dus…

Mar sûnt wy yn kleur printsje kinne en wy ferskate kreative programma's op 'e PC ha, dogge wy it digitaal. Yn it earstoan sels it plaatsje útprinte en dan op in briefkaart plakke, mar sûnt in oantal jierren wurde se online printe troch ien as d'oare kaarte-webside. Kostet hast neat mear tsjinwurdich… (En it besparret jo in hiele protte printerinkt, want soks is dan wol wer djoer…)

Hawar, de kaart wie klear. Wol aardich slagge as sis ik it sels. Dus gau uploade nei de drukker en mar ôfwachtsje. Want it oanlevere bestân wurdt troch harren meiwurkers goed kontrolearre. De bestânsgrutte moat goed wêze, de kleuren helder en it moat passe yn de ôfmjitting fan de kaart.

It duorre mar…

Mar dêr kaam de printproef binnen. De ôfmjittingen wiene net goed, se koene it net passend krije. No soene jo sizze kinne, snij der dan mar in hoekje ôf, mar dat koe net, in wichtige ôfbylding stie presys oan 'e râne. Dat koe net oars.

En ik moast ek avesearje, want woe ik de deadline fan de levertiid helje, dan moast de korreksje yn in heal oere beslikke wêze. No, doe kamen der al nuvere kaarten op it byldskerm te stean. Man, it swit bruts my út…

Op 't lêst dochs mar wer fuortstjoere. Oan de befêstiging fan ûntfangst wie in hiel nuver bestân taheakke. Dit hiene se ûntfongen… Hearken, wat in nuvere kleuren… Gau noch in oaren der achteroan, op hoop fan segen…

No mar ôfwachtsje. Mochten guon fan jimme in frjemde kaart troch de bus krije dan witte jimme hoe't dat kin.

Bygeande kaart is it yn elts gefal net…

En mochten jimme de foarstelling fan 3 febrewaris bywenje wolle, klik hjir foar kaarten.

Pleatst: 17-12-2017 / 14:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

K & K by Broodje KK...

Lês der alles oer op www.rtvnof.nl

Pleatst: 13-12-2017 / 20:31 oere - Reagearje? - Nei boppen

Utstrieling...

En Hidde Wilko hat bypassende placemats makke. Plakmatten yn it Frysk...

De foto's hawwe in moaie, waarme en autochrome útstrieling. Dizze vintage look passet moai by de tiid fan it jier en sy jouwe de tafel in ekstra feestlik aksint. Knap makke!

Mar wy kinne fansels ek gewoan sizze dat de printerinkt op wie...

Pleatst: 10-12-2017 / 21:19 oere - Reagearje? - Nei boppen

Jierliks...

It jierlikse krystkleedkleurjen is ek wer begûn. Elk dy't oan tafel sit mei meikleurje...

Pleatst: 10-12-2017 / 11:58 oere - Reagearje? - Nei boppen

Alhiel yn 'e stimming...

Ek de bern en de bernsbern komme alhiel yn de kryststimming...
Lês alles deroer op www.rtvnof.nl


De foto's binne makke troch Jantsje Wiersma

Pleatst: 108-12-2017 / 21:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Kryst...

Krysttiid is in fan oarsprong kristlike hjeldei, dy't hjoeddeis oer de gânse wrâld fierd wurdt. Oarspronklik wie Kryst it feest fan de berte fan it berntsje Jezus; yn it Italjaansk wurdt kryst dan ek natale neamd, wat letterlik berte betsjut. Troch de ûnttsjerkliking giet it hjoeddeis lykwols hieltyd mear om de noflikheid mei de famylje en freonen. Yn Amerika is it feest foaral foar de bern, dy't kado's krije fan de Krystman, dy 't fergelykber is mei Sinteklaas yn Nederlân. Kryst falt op 25 en 26 desimber en wurdt foarôf gong troch it advint.

In soad minsken hâlde fan kryst om't alles noflik dekorearre wurdt mei krystbeammen, lampkes, krystballen, en sa fierder.
Ut: de Fryske Wikipedy

En dêrom stiet de hiele moanne desimber yn it ramt fan kryst. In aardich ferhaaltsje, miskien in gedicht as in passende foto. Guon helje yn novimber de krystbeam al fan stâl. No, dat dogge wy dan mar mei de webside...

Pleatst: 06-12-2017 / 21:58 oere - Reagearje? - Nei boppen