Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Krystkaart... (slot)

Guon dy't ús Krystkaart krigen ha binne miskien nijsgjirrich nei in fergrutting fan al dy moaie lytse foto's. En wêrom no júst dizze foto's? Dat kinne wy op de side moai even útlizze. In fergrutting? Regelje wy ek even...

De boppenste foto op ús kaart ha wy yn in foarich blog al útlein. Yn it earstoan soenen wy allinne dizze foto mar brûke...

Op de twadde rige steane foto's fan ús sels. Beide foto's binne op it Amelân makke, fûnen wy wol tafallich. Net op deselde dei, mar op twa aparte dagen yn twa aparte wiken en moannen... De foto fan Hendrik tidens de Keunstmoanne yn novimber en de foto fan Wilma by de jierlikse Klein Vaarwater wandeltocht yn maart.

Op de tredde rige in (hiele koarte) gearfetting fan it ús jier 2014!
In prachtige troudei, wy binne al 35 jier byelkoar! - Wy ha in prachtige simmer hân en om't wy net in privé swimbad ha, moasten wy it mar dwaan mei it lid fan de sânbak. Wy sitte der mei syn trijen yn. Wy tegearre en ien fan ús lytsbern - De tredde foto is in bytsje symboalysk, dy neame wy: thús. En ek dizze foto is makke troch ien fan ús lytsbern.

De krystbeamfotokaart wurdt ôfsluten mei... in Krystbeam! Smûk yn de tún mei in protte ljochtsjes...

Foar elk dy't net in krystkaart krigen hat, mar dit wol lêst... Ek foar jimme:
Noflike Krystdagen en in Sûn 2015!

De foto 's kinne yn it grut besjoen wurde, troch op de lytse foto's yn de krystbeam te klikken...

Herders in het veld Hendrik Wilma 35 Jier troud In prachtige simmer Thus Krystbeam

Pleatst: 24-12-2014 / 18:04 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystynkeapen...

Wat in frjemde flater yn it boadskippebestân fan Albert Heijn, sa tocht ik doe't ik de skande boadskippen beseach. Haha, snoepgroente, dat moat fansels soepgroente wêze...

Wy hienen yngrediïnten ynslein om in hearlike krystsop fan te meitsjen... Wer ris wat oars.

Mar nei't ik dizze healwize flater fan AH wrâldkundich makke hie, die wer ris bliken dat ik noch net mei de tiid meigien wie. Snoepgroenten binne der echt! En dy hoege net yn de sop!

Moderne gedoch ek altiten...

Pleatst: 21-12-2014 / 13:49 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystkaart...(2)

Juster hie ik it oer krystkaarten dy't wy sels makken. Dizze foto komt út 1986. Sels krystkaarten meitsje mei ierdappelstimpels.

Wat in feest...!

Pleatst: 20-12-2014 / 15:17 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystkaart...(1)

Alle jierren wer in moaie útdaging om wer in aardige krystkaart te meitsjen. Yn de begjinjierren wie dat in plak- as nifelwurkje, mar sûnt 1999 dogge wy it op de kompjûter. Mar ek dat feroaret alle jierren.

Earst bewurken wy de foto's sels en printten wy de foto's ek sels út, mar hjoed oan de dei kin soks allegearre online. En lokkich wurdt de priis fan soks ek alle jierren oantrekliker. Dit jier woe ik mar gebrûk meitsje fan ûndersteande foto. Makke fan en yn it Hantumerleech, mei de Hantumer tsjerke op 'e achtergrûn. Wol in moai byld en mei dy skiep op 'e foargrûn hie dizze foto's ek noch wat krysteftichs... Herders op de velden, hoorden een nieuw lied.

As soksawat...

Mar dochs is it wat oars wurden! En om't alle kaarten noch net te plak binne, letter wat mear oer de kar foar dizze kaart.

Pleatst: 19-12-2014 / 12:35 oere - Reagearje? - Nei boppen

Less is more...

Dit jier binne wy nominearre foar de kultuerpriis fan 2014 fan de gemeente Dongeradiel. Ek yn 2012 sieten wy derby. Doe binne wy treds wurden. Wy binne dan ek benijd hoe it dit jier ôfrinne sil.

Neffens de oare bydragen, fan de oare nominearre Dongeradielers, hienen wy mar in lytse bydrage yn 'e krante. Wy moasten it sels skriuwe en ja, dan binne je de beskieden kant it neist. Hie'k dat fan te foaren witten dat der wol wat mear skreaun wurde mocht, dan hienen wy ek even goed útpakt. Hoewol, it giet ek net altiten om de measte wurden...

De tekst op 'e bygeande foto is mar lyts, mar jimme kinne it hjir better lêze...

Pleatst: 12-12-2014 / 11:56 oere - Reagearje? - Nei boppen

Sinteklaas wer nei Spanje...?

En wy mar tinke dat sadra't pakjesjûn west is en Sinteklaas yn 'e steamboat wer nei Spanje fart, dat de bern ek wer oergean ta de oarder fan de dei.

Echt net...

Mei ús âldste pakesizzer as grutte oanjager, sieten wy de hiele sneontemiddei noch yn 'e Sinteklaassfear. De pakesizzer fûn in moai pearsblau fearke en dat wie foar him oanlieding om in Pitehoed te meitsjen. En sa kaam it grutte rollenspul op gong. Pake moast Sinteklaas wurde en wy moasten in komplete Sinteklaas en Swarte Pyt outfit meitsje. Pitehoed, miter, stêf, in kraach, earbellen en Sint krige sels in burd!

Yn it earstoan woe Pyt dat pake ek noch in Pitejas en in Pitebroek makke. Mar nei't wy wat grutte papieren oanelkoar nite en om 'e skouders hongen hienen, kamen wy derachter dat dat gjin sukses wie. Ik sei tjsin ús pakesizzer dat wy dat eins fan stof meitsje moasten...

Mar wy ha wol stof hjer pake! En hy stode nei de keamer. Ik wie benijd, soe hy ús plaid om ha wolle?

Hy dûkte ûnder de bank en sei: Sjoch pake, ûnder de bank ha wy wol stof. Ik koe my net heuge dat wy dêr in kleed as soksawat lizzen hienen. Mar ynienen skeat it my yn't sin. Nee! No ja, der lei wol stof, mar dat bedoelt pake net... Sjoch, sok stof en ik lûkte wakker oan my besgroentsje.

Dan mar gjin Pitejas. Mar wol in grut read boek út 'e kast. In âlde ensyklopedy. Haha, soks brûke wy net mear, âlderwetsk hjer, sa'n Sinteklaas mei sa'n grut boek. Alle nammen kinne ek wol yn in iPad...

Doe't wy klear wienen mei ús klean, ha wy in hiele Sinteklazejournaal noch even neispile. Mei de Panykpyt, de Huispyt, mei Opapyt en de sliepende Sinteklaas. Prachtich. Wy soenen it ek oan beppe sjen litte as dy thúskomme soe. Mar al wa't kaam, beppe net. Wy ha wol hast in oere klear sitten, hielendal yn ús rol. Wy hienen sels oefene wat wy foarlêze soenen oer beppe út it grutte boek wei.

It duorre sa lang, dat wy ornearren dat beppe dan mar in sekje sâlt ha moast. En yn in pear tellen stie beppe har skoech achter de keukendoar klear, mei in echt sekje sâlt. It makke de spanning allinne mar grutter. Op twa stuollen sieten Sint en Pyt klear om beppe op te fangen en wolkom te hjitten.

Om acht oere hinne hat beppe ús lytse Swarte Pyt wer nei hûs brocht. Alles moast mei. De pet, de miter, it burd, de krul fan de stêf. Doe't beppe wer weromkaam fertelde se dat heit al mei it burd om en de stêf op it berneswabberke yn 'e keammer siet.

Sa sjogge jo mar wer hokfoar ynpakt sa'n feest op sokke jonge bern hat.

En op pake...

Pleatst: 06-12-2014 / 23:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

1960...

Dat sil it jier west wêze fan dizze foto. Hjoed op de kop ôf 54 jier lyn. Hendrik mei syn buorfamke en syn neef op audiênsje by Sinteklaas. It wie op de keuterskoalle. En eins is it wol bysûnder dat hjir in foto fan is, want doetiids waarden der nea foto's makke op skoalle. Lit stean dat dy op in webside telâne kamen...

Pleatst: 05-12-2014 / 12:30 oere - Reagearje? - Nei boppen

De tiger...

Heren Essodealers, vrienden op de welbekende verkooppunten. Tot u spreekt uw eigen tijger. Die graag uw aandacht vraagt voor de topper van het jaar!

Sa begûn in lyts singeltsje dat wy ris fan ús heit krigen. En mei singeltsje bedoel ik dan sa'n lyts 45-toeren plaatsje. Alderwetsk ôfdraaie op in platenspiler. It wie reklame. Froeger ferkochten ús heit-en-dy Esso benzine en de tiger wie it byldmerk fan dit merk. Stop een tijger in uw tank!

Wy krigen wol faker fan soksoarte fan reklameplaatsjes. 'k Wit der noch wol ien... Dit wie fan the Shoes. In bekende popgroep yn ús jonge jierren.

's Morgens vroeg om acht uur tien
Loop ik naar de schuur
Zie ik daar mijn brommertje
Met dat glimmend stuur
Vrolijk fuitend start ik dan
Eén keer is genoeg, met Esso-mix
In je tank, is het nooit te vroeg...

Nuver, dat je soks ûnthâlde en nei sa'n 50 jier sa opdreune kinne...

Yn in Balkster feestwike waard der in skelterrace organisearre, earne yn 'e nijbou. Plan-Súd, sa seinen wy. Tidens dy race moast der reklame makke wurde foar Esso benzine en in pear tigers as rinnende reklamemakkers like ús heit wol moai. Mar wa moasten der no yn de dêrfoar ûnfongen tigerpakken? Hoe't it krekt gien is, wit ik net mear, mar Hendrik en syn nicht koenen moai tidens de skelterrace as tiger optrede. De pakken pasten amper en de boksen en de mouwen moasten aardich omteard wurde, mar the show must go on en al gau wienen de twa tigers klear foar de grutte aksje (foto).

Fan de Partij voor de Dieren hie noch net ien heard en ek in Convenant voor Jeugdige Reclamemakers bestie noch net, lit stean dat dizze twa jeugdige tigers in koarte kursus foar maskottes folge hienen. Wy fûnen it eins ek wol moai en fol faasje gienen wy op it strjitte-circuit oan 'e slach.

Wy hienen in beide kuorke mei snobbersguod mei. Rôltsjes Esso-snoep, pakjes Esso-kaugom en ballonnen as soksawat. Dat mochten wy útdiele. Al by de earste race wie de koer leech. Elk fleach op ús ôf want ek doe al waard alles wat fergees wie mei iepen hannen ûntfongen. En as jongfeint wienen jo doe noch net by steat en hâld tsientallen oangeande bern fan jo ôf.

It duorre net lang as wy hienen de leadswiere plastik koppen al ôf en sieten yn ús grutte tigerpak lâns de kant om ek fan de skelterrace te genietsjen. De kuorren leinen alwer yn 'e auto, want de foarrie wie no ek wer net sa grut om de hiele race mar útdiele te kinnen. Boppedat, hast elk wie al fersjoen.

Op de foto steane de tigers klear foar harren grutte aventoer. En in hokfoar tigerpak sit no de skriuwer fan dit ferhaal? Lit my it sa sizze: ek doe hie de skriuwer al wat gefoel foar sjo...

Moai, sokke herinneringen en ûnferstelber dat jo hast alles, wat dy singeltsjes oanbelanget, op ynternet weromfine kinne...

Pleatst: 03-12-2014 / 09:48 oere - Reagearje? - Nei boppen