www.praatmarfrysk.nl
Hallo Fryslan
Ried fan de Fryske beweging: www.itnijs.nl

Klún & Knoffelhakke op Twitter

Earder dit jier:
Desimber 2011
Novimber 2011
Oktober 2011
Septimber 2011
Augustus 2011
July 2011
Juny 2011
Maaie 2011
April 2011
Maart 2011
Febrewaris 2011
Jannewaris 2011

Argyf:
Klik hjir

Persoanlike saken:
Persoanlike 11 stêdentocht
Klún & Knoffelhakke
Bylden út it ferline...
Autobedriuw van der Heide

Ferhalen:
Skûtsjesile is myn nocht...
Lolke Lûkpûde
Sin oan it feest
Je kunt er niet vroeg...
De Seagefiler
Het raadsel van de kerstster
Sinterklaas
Skakers en Smashers
Lijst met lotsooi, meneel?
Het oranjegevoel
Maitiid!
Het huisje in de sneeuw...

Hantum-sides:
4H-side.nl
Rûm Sop
Fotoboek fan Hantum

Makke troch Hendrik:
Klún & Knoffelhakke
Loonbedrijf Miedema
De Oanspanning
Rûm Sop
Skeane Jabik

Famylje foto's & filmpkes:
Klik hjir (befeilige)

MyTube:

Youtube kanaal


Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Makke mei:

Hyves Youtube Twitter

De clochard...

Dêr like ik wol op doe't ik fan 'e moarn de foardoar iependie om dat der oanbelle waard. En de flesse drank yn de griene pûde makke it plaatsje hielendal kompleet...

Yn 'e fakânsje dogge wy rêstich oan. Dat is no júst sa noflik fan de fakânsje. Sa rûn ik fan 'e moarn noch yn myn keamerjas om. Dat is net mear de kreaste keamerjas. Hy is hielendal skier wurden, der sit hjir en dêr in skuor yn en de raffels hingje der by. Mar hy sit lekker en boppedat wa sjocht it?

De foarsitter fan ús doarpsblêd dus. Dy seach my oan as die ik mei oan in toanielstik. Hy brocht in flesse wyn omdat wy in priis wûn hienen mei de krystpuzel yn ús doarpsblêd. En ek al is it midden op 'e dei, ik doch yn 'e fakânsjeklean de doar gewoan iepen. De measte doarpsbewenners witte dat sa stadichoan wol, tink ik. Mar de foarsitter seach al wat ferheard.

Op 'e kaart dy't Wilma ynstjoerd hie mei de oplossing, hie se de nammen fan ús pake- en beppesizzers setten. No is dit net sa geskikt foar jonge bern, sa sei de priisbringer, mar ja de pryskes wienen el kocht foar de lotting... Dêr fine wy wol in oplossing foar, sa wie myn antwurd. Want dat bin ik dan wol wer mei Freerk Smink iens: Doch net sa healwiis ûnder de 16 in nuchtere Fries...!

Oars moatte de lytsbern de flesse mei bubbelsap mar ha, want dy binne wy hielendal feggetten om op te drinken by ús gesellige krystdiner. Mar ik tink net dat de bern dit sa lekker fine sille. Litte wy it mar by wat iis hâlde, want dêr binne se sljocht op ha wy wol murken!
(Mear foto's op de befeiligde side yn it Picasa webalbum...)

Pleatst: 28-12-2011 / 13:33 oere - Reagearje? - Nei boppen

Gjin stress...

It hier wat slûk ûnder in nuveraardich blau mûtske wei, grau reade lippen en in fladderkleed om de skouders. It soe samar in typke út ien fan ús sjo's wêze kinne... Fan 'e middei botste se mei har karke tsjin my oan doe't wy by C1000 oan in boadskipjen wiene.

Ahhh Kerst, wat een gedoe, ik haal Chinees en dan gezellig allemaal aanschuiven, lekker makkelijk, sa begûn se in hiel ferhaal tsjin my. Ik sei dat se dêr gelyk oan hie, want Sineesk is ek lekker (as it mar by de goeie wei komt...). Ik word er helemaal gestresst van! en wilens swaaide se mar mei har fladderkleed. Rêstich bliuwe, sa besocht ik har moed yn te praten, gjin stress... Ja meneer, dat doe ik, rustig blijven en fuort skeat se mei har karre nei't se der wat fleis ynlein hie. En noch mar krekt wie se achter ien fan de skappen ferwdûn as se kaam wer mei har blaumûtkseholle om 'e hoeke en rôp my ta: Een fijne Kerst meneer!

Wês earlik, it hat ek wol wat. Minsken wurde dochs wat oars sa rûn de krystdagen. Sa bedobben de bern my ûnder de krystkaarten. Hast elke dei kaam der wol wer ien op my ta op it skoalleplein. Sels makke kaarten, lytse en grutte kaartsjes it wie suver in aardichheid. Hjoed ha ik se allegearre útpakt en lêzen. Allegearre goeie winsken!

Fansels winskje wy dat ús lêzers ek ta! En gjin stress, foaral genietsje fan in sfearfol feest!

Pleatst: 24-12-2011 / 17:26 oere - Reagearje? - Nei boppen

Pindarotsje...

Dat is ek wat! Us krystferljochting yn 'e tún is ûntploft! Ik waard der fan 'e moarn suver kjel fan. It wie krekt as goaide ien in rotsje yn 'e tún...

Jouke Pinda ha wy al in pear jier en elk jier stiet Jouke wer kreas yn 'e tún. Ferline wike sneon tocht ik noch: hea, ha ik him der net krekt úthelle? Doetiids woe Wilma wol wat yn 'e tún ha, as it mar in hynder wie. Wy ha Jouke doetiids fia it ynternet besteld en doe't Jouke kaam, yn in mansk grutte doaze, sieten wy der oer yn hoe't wy sa'n gefaarte bewarje moasten, mar dat is hielendal goed kaam, want je koenen Jouke hielendal útelkoar helje en opteare. Jierren is dat goed gien.

Oan't hjoed...

Wy witte net mear wêrom wy dizze krystfersiering Jouke Pinda neame, mar wy fûnen it wol in aardige namme. En wy wisten fuort wêr't wy it oer hienen. Setst Jouke fan 't wykein wer even yn 'e tún?! En at ien fan de bern even delkaam dan wie it steefêst: Aha Pinda stiet ek al wer te baarnen...

Doe't Wilma fan 'e moarn yn 'e auto stapte, makke se my derop attint dat in diel fan Jouke it net mear die. Ferheard seach ik dat syn lichem út wie. In sekering, sa tocht ik noch. Mar wilens ik nei it earste freedsjoernaal siet te sjen, seach ik út myn eachhoeken fjoer yn 'e tún! En noch mar krekt seach ik oer it gerdyn as dêr wie al in grutte bats en fleagen der twa triedden útelkoar. Faaks geane hynders troch sa'n bats op 'e rin, mar Jouke bleau rêstich stean. Syn ljocht wie út... Om mear knetterjen foar te kommen, fleach ik nei it hokje en skuorde de stekker út 'e tiidskeakelder.

Doe't ik fan 'e middei de skea opnaam en plannen makke om Jouke op nije izers te setten, liet ik de moedfearen hingje. Alles wie swart en nei't ik der wat foartsetûnderwiis-formules op los litten hie (wjerstân, parallel en yn searje) kaam ik ta de konklúzje dat it in hiele operaasje wurde soe. Alle tried losknippe, mjitte hoefolle meter at dat wie en dan fia conrad.nl tich meter ljochtsnoer bestelle. En dat krekt foar de kryst! De krystkaart hie der al in wike oer dien en 80 meter ljochtslang soe fêst takom jier oankomme. Fansels wol op 'e tiid foar kryst 2012, dat dan wol wer mar dizze kryst soe Jouke út bliuwe moatte.

Ik ha noch wol even by de Gamma sjoen, dêr ferkeapje se ljochtslang oan 'e meter. Mar de wite slang wie al útferkocht. Soks fyn ik altyd wer nuver. Noch gjin kryst en dan al lege skappen. Hâlde se by de Gamma gjin rekken mei ûntploffende krystfersieringen? Eins soe it ek wol in djoere ljochtslang-oankeap wurde en wat in genifel...

Wy sille nei de kryst Jouke útspanne en ik tink dat it stoart wurdt. Want tusken de oare hynderkes yn de keamer sil wol net slagje bin ik bang.

Pleatst: 23-12-2011 / 18:43 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krystjacht...

Ofrûne woansdeitejûn moast ik tinke oan dy moaie skoalleplaat fan Isings: de hunebedbouwers. Foaral doe't ien fan 'e kollega's mei in ûnbidich grutte fjoerkoer it restaurant útstapte.

Woansdeitejûn hienen wy fan ús wurkjouwer in Krystmerke. Yn de grutte seal fan restaurant de Pleats yn Burgum. Us wurkjouwer hie betocht om ús elk in tegoedbon fan 30 euro te jaan dy't wy sels besteegje mochten. Yn 'e seal wienen der alderhande kreamkes mei alderhande guod. As wy wat fan ús gading fûn hienen, mochten wy it byhearende bedrach fan de bon ôfskuorre en sa koenen wy ús eigen Krystpakket gearstalle.

Mar der wie ek gelegenheid foar petear en geselligens. Yn it midden fan de seal wienen allegearre sitsjes wer't de hurde wurkers harren deljaan koenen. Wy koenen glühwein krije, kofje mei slachrjêmme nimme en as jo gelok hienen kaam der in ober lâns mei drankjes. Tige gesellich...

Mar wêrom no de hunebedbouwers?

Op de plaat sjogge jimme de froulju noflik byelkoar sitten en se binne wakker oan it nifeljen en fansels binne se fan alles en noch wat oan it bepraten. De mannen steane op ôfstân en meitsje harren klear foar de jacht...

Krekt as yn 'e Pleats. De froulju sieten by de tafeltsjes te keuveljen en se lieten elkoar de sieraden sjen dy't se krekt by ien fan de kreamkes 'kocht' hienen. Hjir en dêr siet ek in man (ja der binne lokkich noch wat man-kollega's) oan it bier. Se makken harren klear foar de jacht, earst der noch ien op nimme. En dêr setten se ôf. Mei in oranje, griene as pearse tas, krigen fan de direkteur fan ús feriening by de yngong, by de kreamkes lâns. Op jacht nei it Krystmiel. Sadwaande hie dy iene kollega mei de fjoerkoer in bêste haal dien. It grutste wat der te finen wie yn 'e seal!

Mei oare wurden: der is yn 'e hiele minskehistoarje noch neat feroare. Nifeljende en keuveljende froulju yn in rûnte byelkoar en mannen mei in tegoedbon as wapen de natoer yn om foar it iten te soargjen. En doe't de tas fol wie, waard der noch in bierke dronken as toast op de goeie ôfrin. In slagge jacht!
Alhoewol de kollega mei de fjoerkoer skeat fuort en hie gjin tiid foar in praatsje. De bút binnen. Hy sil wol tocht ha, as ik hjir bliuw dat wurdt elk jaloersk en wolle se my de fjoerkoer ôfpakke.

Ik ha in pear fetbollen foar de fûgels meinaam en in hearlik krûdsjetsiiske. Ik wie noch fan doel om de Transporter foar de doar te setten, mar dat soe ek sa hebberich lykje. En boppedat moast der ek wat foar it goeie doel oerbliuwe. Want de bonnen dy't oerbleaunen koenen jo yn in grutte tonne dwaan. Foar minsken dy't it minder ha as wy.

Mei rjocht in Krystgedachterige jûn...

Pleatst: 17-12-2011 / 18:47 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krisis...?

Hjoed oan de dei ha jo prachtige fytsen en byhearrende aksessoires. Mar even sneupe op solder levert ek aardige saken op. En wat is der mis mei sok moai guod? Wy ha dit froeger allerearre oerlibbe...
(Gean foar de details mei de mûs oer de fyts...)

Om je oan beet te hâlden... Foar de lytse fuotsjes... Makke mei de modernste stoffen... Handich fêstmakke...

Pleatst: 11-12-2011 / 14:45 oere - Reagearje? - Nei boppen

Krysttariedingen...

Tsjonge, de Sinteklaas is amper ûnderweis nei Spanje, as de Krysttariedingen binne al wer folop oan 'e gong! Dokkum sit ûnder de houtsnippers fanwege de Krystmerke yn Charles Dickenssfear, rûnom yn oare doarpen Krystfairs, de Krystkaart is fan 'e middei fotosjopt en fan tongspatels (út België) en splitpennen ha ik in Kryststjêr makke. Dit fanwege in kreatyf Krystsirkwy oansteande tiisdei op skoalle.

Foar de Kryststjêr moasten der 14 tongspatels brûkt wurde. Fan dy stokjes dy't dokter brûkt om yn jo kiel te sjen. Fansels fia ynternet oanskaft. Want as jo mei 10 bern oan 'e gong geane, dan moatte jo 140 brûke. En omdat ik net hiel Dokkum trochsjouwe woe foar in pear stokjes, ha ik it mar fia ynternet kocht. Ik ha 5 doaskes fan 100 stiks besteld. Koste mar 9 euro. Ik tocht by mysels wy moatte net te min ha en pear stokjes ekstra binne noait wei. Boppedat kin ik dan ek moai by de bern yn 'e kiel sjen at se wer oangean. 'Jimme moatte net sa raze, dan krije jimme in seare kiel, sis ris AAA?!'

Doe't ik de bestelling dien hie, seach ik pas dat it in Belgyske webside wie. Oh heden, at se no mar op 'e tiid binnen binne. Mar it postbedriuw wie perfoast net sa as de Belgyske kabinetsformaasje, want hjoed stie de bestelbus fan DPD al yn 'e strjitte. Samar klear.

...Uw bestelling met referentie 1112060165 werd verwerkt door het Farmaline-team en is vandaag afgeleverd bij onze koerierdienst DPD. Uw bestelling wordt een van de komende dagen discreet afgeleverd op het volgende adres...

Foel ek noch net ta, kaam nochal krekt, mar de stjêr is no klear. No mar hoopje dat de bern it ek foarelkoar krije. Mar dat sil wol slagje, want op skoalle ha wy allinne mar stjêrren!

Pleatst: 09-12-2011 / 22:28 oere - Reagearje? - Nei boppen