Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Werom:
Blogs fan foarige jierren
Nei it nijste blog

Argyf:
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Twa motten... (2)

Bliid dat dizze side goed lêzen wurdt want ik krige in protte reaksjes op 'e fraach fan de twa motten. Ashok moast my even korrisearje, want neffes him hat Albert it ferske wol playbackt, in kollega fertelde my op it wurk dat sy de hiele simmerfakânsje ek it ferske yn 'e holle hienen en Rhonda stoerde my it antwurd yn in filmke. Prachtich! Bliuw skriuwen bêste lêzers! Lokkich is it gjin Wâldnet, sadat allinne besteklike reaksjes pleats wurde...

Pleatst: 30-08-2007 / 21:37 oere - Reagearje? - Nei boppen


Twa motten...

Wy ha soms fan dy nuveraardige dingen. Seit Wilma fan 'e moarn betiid: 'Wat mot je jôh ...' Dat ynspirearre ien fan de harkers ta it sjongen fan it ferske fan Dorus: 'Er zitten twee motten, in m'n ouwe jas...'

En doe kaam de fraach fan 'e wike, want hoe hiten dy twa motten? Dêr ha wy fan 'e moarn hieltyd oer oan it stinnen west, mar wy koenen it mar net betinke. Neffes ús hiet ien fan de motten Charlotte mar hoe hiet de oare? Wy koenen der mar net opkomme. Boppedat koenen wy it ferske ek net hielendal, wy kamen mar oan 't 'En die twee motten die wonen er pas...' fierder wisten wy it net. Wy ha it mar sa litten en ûnder de dûs ha ik der mar in fantasy kûplet oan fêst breide mei alle manlike nammen fan hiel Hantum. Mar der klonk us neat bekend yn 'e earen.

Jûns skeat ús it moarnsliet wer yn 't sin. Hurd op ynternet sykje en al gau hiene wy it antwurd. Lokkich, no witte wy it en it hert is wer gerêst. Wy sieten der fan 'e moarn net fier fan ôf. Mar by myn witten wennet dizze mot net yn Hantum. Bliuwt de fraach: witte jimme it ek?


Pleatst: 28-08-2007 / 22:14 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ferlegen...

No, dat koe minder... De sop hat dochs holpen! Meikoarten is de hiele resinsje te lêzen op www.klun-knoffelhakke.nl. En foar wa't net wachtsje kin, klik hjir.

Pleatst: 27-08-2007 / 23:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Byprate...

Freed belle Broer my. Gewoan thús, ik hie ADV. Hy makke him wat ûngerêst, want hy hie my earst op myn mobyl belle en neffes him waard de tillefoan opnaam troch in bûtenlanner mei de opmerking: 'Ies mijn telefoon...' Ik sei dat dat net koe, want de tillefoan siet yn myn tas. Mar nei kontrôle die bliken dat de tillefoan net mear yn de tas siet en sels hielendal ferdwûn wie! Soe hy út de tas helle wêze? Dat koe hast net, want dy tas stiet sawat de hiele dei njonken my...

Dryst belle ik myn eigen tillefoan, ik hie de donderpreek al klear! Ik fernuvere my dan ek dat in kollega fan my opnaam. It ferhaal fan Broer kloppe, mar dy bûtenlanner wie gewoan myn kollega, dêr't Broer al oan ferteld hie, dat hy no in fyt mei my úthelje soe. No ja, ik bin yn elts gefal bliid, dat de tillefoan 'gewoan' op myn wurk lizzen bleaun is.

Freedtejûn moasten wy optrede yn Brantgum. Dat leit njonken de doar, dat wy hienen besluten om der op 'e fyts hinne te gean. Neat gjin kapsones, neat gjin limosine, mar gewoan de fyts, kocht by Tsjisse Riemersma fan Ternaard. It waard in moai optreden, foar in noflike seal. Net hielendal fol, mar wol entûsjast. Rennie Veenstra, dy 't wol ris stikjes skriuwt oer alderhande kulturele aktiviteiten yn ús gemeente, siet ek yn 'e seal. Se wie yndie wakker oan it skriuwen. Der sil moarn wol in grut stik yn 'e Dokkumer stean. It sil ús nij dwaan. Sy hat ûnder it stik in kopke sop fan ús krigen, wa wit hat dat ynfloed op har resinsje...

Dat moat dochs kinne? Ynternetfilmkes opnimme en op jo eigen skiif sette. No blykt dat net sa ienfâldich te wêzen. 'Streaming Video' kinne jo net samar opnimme. De rjochter mûsknop mei 'opslaan als' wurket spitigernôch net. Nei wat Googlejen kaam ik op dizze side. Neffes de beskriuwing soe it mei dit programma slagje moatte. En dat kloppe! Nei wat gepruts belâne de útstjoering fan Hjoed op myn C-skiif. Dêrnei it stikje fan Rûm Sop derút knippe en op myn YouTube site sette. Mar gau even sjen hie'k tocht...

Pleatst: 26-08-2007 / 22:09 oere - Reagearje? - Nei boppen


Foto's fan 'e wike...

Mei tank oan Alex Bouma, dy 't sa freonlik wie om ús dizze moaie foto's ta te stjoeren. De boppeste foto is makke op de 'dag van de garnaal' op Lauwerseach en de oare foto is al in skoft lyn makke, mar dizze wike wie dizze groep 8 de klasse fan 'e wike yn de Dokkumer krante.


Pleatst: 23-08-2007 / 20:22 oere - Reagearje? - Nei boppen


Prachtige ôfsluting!

Wat in moaie ôfsluting fan ús fakânsje! Freedtejûn in gewelidich optreden yn Deinum, Wilma sneon mei de âldsjes op 'en paad yn de omjouwing fan Kollumersweach, Hendrik sneon mei Rûm Sop nei de 'Dag van de Garnaal' (ek noch op Omrop Fryslân) en juster mei ús allen hearlik iten yn Eetcafé Spinoza yn Ljouwert.
Dat wie wer in kâlde dûs hjoed...

De foto is mei tank oan Nijsnet. Mei eins net, mar ik koe it net litte, boppedat stiet harren eigen hynder op de foto. (En de baas fansels...)

Pleatst: 20-08-2007 / 22:46 oere - Reagearje? - Nei boppen


Ik sis neat mear...

Hjoed yn 'e Ljouwerter krante en yn de Dockumer. Pytsje de Graaf hobbelt elke kear mar nuver oer de drompels at sy nei de riedsgearkomsten giet. As soe se de berm nimme? Yn elts gefal binne se drok dwaande om der wer wat moais fan te meitsjen...

Pleatst: 17-08-2007 / 00:47 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wer los (2)

Bygeand in aardige reaksje op it stikje fan juster. Kees, in âld 'tenniscrack', freget him ôf oft de tennisklup noch bestjit... Jawis bestjit de klup noch! Allinne der binne nochal wat leden ôfheakke om't se it net iens wienen mei de ûndergrûn fan de nije tennisbanen. De iene helte fan de klup woe gravel en de oare helte keunstgers. Dat mieningsferskil waard se heech opspile, dat in protte leden harren lidmaadskip opsein hawwe, doe 't de mearderhyd de kar foar keunstgers makke.

No is de nije tennisbaan der noch lang net. Om 't de Spiker útwreidzje wol moat de tennisbaan ferhuzje nei de oare kant fan de dyk. Mar sa as altyd kostet dat wer in protte sinten en de gemeente moat dêryn bydrage. No witte jimme de finansjele posysje fan ús gemeente, boppedat bestege se harren sinten leaver oan de 'drompel-soap' fan de Lytse Jouwer, dat jimme begripe dat de hiele ferhuzing op in sacht sin setten is. De foto fan juster is fansels net de baan fan Ternaard, mar in moai plaatsje dat fan ynternet plukt is. Mar sa wurdt it wol!

Mochten jimme troch dizze aardige ferhalen entûsjast wurden wêze foar de tennissport, dan kinne jimme fia de skriuwer fan dizze side jimme oanmelde foar in proeflidmaatskip. Foar elk nij lid dy 't ik oanbring krij ik in buske tennisballen. En mei dy ballen geane wy nei de Lytse Jouwer om de aardige ynwenner, dy 't hjoed yn de Dockumer stiet, te bekûgeljen, want in pear wiken ferlyn rôp hy yn de krante dat hy it goed fynt, want dan wurdt der einlings ris stadiger riden en no raast hy dat de drompel in ferskrikking is... Moaie namme foar de drompel: 'de hoop fan de Lytse Jouwer'.
Ik seach hjoed wer in Jetta stean by de hoop, útlaat lei derûnder wei. Man sil wol tocht ha: 'Myn situaasje is no ek wizige...'

Pleatst: 15-08-2007 / 18:48 oere - Reagearje? - Nei boppen


Wer los!

Freed moatte wy wer los mei ús kabaret. Dan moatte wy optreden yn de feesttinte fan Deinum. Op harren side stiet noch it feestprogramma fan 2005 (as 2003) dus in link nei dit digitaal doarp sit der net yn...
No fuort dan mar: www.deinumdorp.nl

Om fêst wat yn 'e stimming te kommen, ha wy justerjûn oan 'teambuilding' dien. Klún en Knoffelhakke tennisje op 'e tennisbaan fan Ternaard. Dat wie bêst wol aardich en wy ha hiel wat gamekes slein. It ferskil wie wol dúdlik, dat koe ek hast net oars, mar de ynset wie treflik! It waard op 't lêst al wat tsjuster en wy seagen hast gjin bal mear, dat wy moasten wol stopje. Wy koenen net by de ljochten komme, oars hienen wy der no noch stien.

Nei ôfrin ha wy noch even gesellich in bierke dronken, dat wy binne der wer hielendal klear foar! Deinum: here we come, game set and match...

Pleatst: 14-08-2007 / 11:14 oere - Reagearje? - Nei boppen


'k Zag twee beren...'

Juster wienen ús twa jongste neefkes jierdei. Se waarden 7 jier. Se sieten mei harren âlders op de kamping. Moai, koenen wy dêr ek net hinne... (Geintsje, dus net reagearje...) Mar dat kaam oars, want wy waarden útnoege om it feest op 'e kamping mei te fieren. Dat wy mei ús allen yn 'e bus. TomTom oan en op nei Grolloo.

Om likernôch 12 oere kamen wy op kamping Berenkuil oan. De feestfierders stienen ús al op te wachtsjen. It waard in noflike en moaie dei, mei in protte kadootsjes foar de jongens. Om sân oere hinne binne wy wer ôfstutsen nei Fryslân, want de feestneuzen moasten nei 'de Berepret'. Dit spektakel wie elke jûn om 7 oere yn it 'Beren Openluchttheater'. En om't der twa jierdei wienen, soe dêr spesjaal oandacht oan bestege wurde. Al mei al in bere-gesellige dei!

Oh ja, bygeande foto is pleatst om ús trouwe lêzers te freon te hâlden. It gie wat mis mei it berjocht oer de TV, mar op dizze wize ha wy dat wer goed makke. Dochs?


Pleatst: 12-08-2007 / 15:59 oere - Reagearje? - Nei boppen


Late night...

Dat wie in grutte ferrassing! Wilma en Wietsche kamen juster mei de twadde priis thús! 37 Punten en in hearlik fleispakket. De friezer leit no fol. Der wie net in read lintsje by, dat de rige yn 'e keamer is net langer wurden.

Foar in sacht pryske ha wy in moaie breedbyld TV kocht. Us 'âlde' televysje wie dus oer. Idee! Boppe op 'e sliepkeamer. Dan kinne wy nachts ek noch TV sjen. Hjoed ha ik de boel ynstalearre. Earst op 'e fyts nei de Gamma om wat snoerkebrut, noch wat ekstra kilometers makke en doe boppe de boel oanslute. Dat kin moai sa, want op de kast hat de TV in daaldersk plak en kinne wy fanút bêd wei moai 'zappe'. Lokkich sit der in klok yn de TV, sadwaande kin hy nei in kertier, as langer, himsels útskeakelje. Ik tink wol dat dat nedich is, want ik bin bang dat wy by in protte programma's de ein net helje. Wat in lúkse!

Sjongen is de fleur fan 't libben, seinen de katten, doe wienen se der midden yn 'e nacht mei oan 'e gong...'

Pleatst: 10-08-2007 / 23:55 oere - Reagearje? - Nei boppen


Kollega...

Hjoed suver in bytsje oan it wurk west... No ja, wurk. In âld kollega mei syn frou kamen op besite. Dat hiene wy ea ris ôfpraat en it soe der dochs mar ris in kear fan komme. It wie hiel noflik en wy ha gesellich praat oer fan alles en noch wat. Fansels krije jo praat oer it wurk. Dêr ûntkomme jo hast net oan, mar it wie hiel besteklik, âlderwetsk! It wie in moaie middei.

Wilma en Wietsche binne jûn oan it ringriden yn Kollumerpomp. Sjen mei hokfoar lintsje se jûn wer thúskomme. Oranje, read, wyt en blau binne de kleuren fan de heechste prizen. Wy binne benijd...

Pleatst: 09-08-2007 / 19:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Oppasknyn

Nei 't wy in wike op de hûn fan in kollega past ha, passe wy no op in knyn. Lokkich hoegden wy net by de knyn yn te lûken. Jelma stiet no moai by ús yn 'e foartún. Passet krekt, sa'n kninestjelp achter yn 'e bus...

Pleatst: 08-08-2007 / 18:04 oere - Reagearje? - Nei boppen


Web-DNA...

Yn de fakânsje ha'k wolris de gewoante en keapje ien as d'oar nijsgjirrich tiidskrift. It tiidskrift Wetenschap in Beeld stiet fol mei aardige artikels oer fan alles en noch wat.

Sa lies ik ûnder oaren it stik Eén plaatje zegt meer dan 1000 cijfers. Dat gie oer ynformaasjestromen dy 't omsetten wurde yn plaatsjes. Foarbyld: in webside makke yn HTML (sa as dizze side) is opboud út allegearre koades. As jo dizze koades lêze kinne, kinne jo bg. gewaar wurde hoefolle tabellen, hoefolle haadletters en hoefolle plaatsjes as der yn de side ferwurke binne. Mar as sokke koades dy neat sizze, begrypst neat fan de opbouw fan in webside. It soe dan moai wêze as jo alle koades fan in webside omsette kinne yn in plaatsje. Oan de hân fan dat patroan kinne jo dan ôflêze hoe 't de side opboud is.

Yn it stikje stie ek it webadres: www.baekdal.com/web2dna. Op dy webside kinne jo je eigen side analisearje litte en kinne jo de brongegevens fan jo side omsette yn in ôfbylding. Gau derhinne fansels en it adres yntype. Understeande ôfbylding kaam op it skerm. Dit is dus de DNA-struktuer fan www.vanderhei.de. It blauwe betsjut tekst en de giele streekjes betsjutte ôfbyldingen. Sa hat dus elke side syn eigen DNA-profyl. CSI-Hantum sille wy mar sizze...

Pleatst: 08-08-2007 / 02:18 oere - Reagearje? - Nei boppen


Operaasje hokje (slot)

Pleatst: 07-08-2007 / 15:29 oere - Reagearje? - Nei boppen


Operaasje hokje (3)

It hokje is klear! De lêste beits moat noch droegje en dan kin moarn de iepening plak fine. Buorman fûn it al sa opknapt. Hy rint der deis wol 4 kear lâns en sa koe hy moai it hiele proses yn 'e gaten hâlde. Hy frege him ôf wat der yn kaam. Hy tocht dat der spul fan ús kabaret yn moast, mar dat ha wy earne oars opburgen. Ik sei dat it wol aardich wêze soe en set de hynders deryn, mar dêr is it hokje krekt wer te lyts foar. Wilma soe dat oars wol op priis stelle...

Ynearsten bliuwt it hokje leech. Der sil fêst wol spul ynkomme, mar dat komt fansels. Sa sei ik it ek tsjin buorman. Hy ornearre dat der moai in hennepplantaazje yn koe. Net in gek idee! Net ien fertinkt in earlike ûnderwizer en it skynt dat jo nei in pear rispingen boppe Jan binne. Mochten jimme oer in pear moannen in swiete rook by ús yn 'e buert rûke, dan komt dat om 't Wilma oan't keek bakken is. Spacekeek om krekt te wêzen...

No ha ik boargemaster Cazemier frege foar de iepening, mar hy sit yn Earnewâld op syn boat. Ed Nijpels sit yn Aldemardum yn in simmerhúske en om no fierder te sykjen fyn ik ek wat oerdreaun. Om't elk op de kamping sit, knippe wy sels it lintsje mar troch. Moarn mar sjen hoe 't wurden is!

Pleatst: 06-08-2007 / 21:14 oere - Reagearje? - Nei boppen


Operaasje hokje (2)

De famylje do hâldt my wakker yn 'e gaten as ik mei it hokje dwaande bin. As jo de planken ferfange, dan moatte de balkjes dêr't se oan fêstspikere wurde moatte, wol stevich wêze. Foaral oan 'e foarkant wienen hiele stikken ferrotte. Ik hie juster in karre fol by Karwei. Foel my ek noch ôf, jo binne samar in pear sinten kwyt. Lokkich hie ik in 'KarweiKaart' dat op de earstfolgjende oankeapen ha 'k 5 euro koarting. Dat hakt deryn!

It ramt is no sa goed as klear. Hiele stikken ha 'k yn 'e beits setten, dat moandei kin ik de boel ôfmeitsje. Dan kinne wy der wer hiel wat jierren tsjinoan. Wol moai wurk. Wer ris wat oars as de tafel fan njoggen. Alles kreas wetterpas. Mar no stiet ús hokje hielendal net wetterpas, dat al dy rjochte en heakse balkjes liket nearne nei. Ik moat se sa fêst meitsje dat se yn de sfear fan it hokje passe...

Oan it ein fan 'e middei bin ik mar in slach om west. Kondysje, witte jim noch wol?! Sa'n 30 kilometer hjir yn 'e omjouwing. Ek in hiel stik lâns de seedyk, fan Holwert nei Ternaard. It fytst al wat apart, tusken de skiep troch en oer de hikken, mar de wide blik oer it waad makket in protte goed. En ik hie foar de wyn...

Pleatst: 04-08-2007 / 23:50 oere - Reagearje? - Nei boppen


Operaasje hokje (1)

In pear nije planken en wat beits... jaja! Letter mear.

Pleatst: 04-08-2007 / 11:42 oere - Reagearje? - Nei boppen


Berjocht út Limburch...

Meastal is it oarsom, wy hjir rein en wyn en in Limburch terraswaar. Mar no krigen wy dit berjocht fan Wilma:

Wy ha it de hiele dei droech hâlden. Dat kaam goed út, want ik ha Herman Douwe holpen mei it oprûmjen fan ús hokje. Man wat it rotsoai! In karre fol is nei 't stoart ta gien. It hat ús mar 5 euro koste en dat kaam ek noch omdat der twa akku's by sieten. Der wienen mear fakânsjegongers dy 't oprûming hâlden, want it wie in kommen en gean fan karkes, buskes en oar ridend guod. Faaks ôfladen mei, no ja, sis it mar.

It hokje is no leech, op in twatal doazen auto-ûnderdielen nei. Mar dat guod skynt hiel seldsum te wezen neffes de eigner... No moatte wy in nije bestemming foar it hokje fine. Mar dêr sit ik eins net oer yn. Oer in pear jier sille wy wol wer nei 't stoart ta moatte. Earst it hokje mar wat opknappe. Pear nije planken en wat beits docht wûnders!

Pleatst: 03-08-2007 / 08:40 oere - Reagearje? - Nei boppen


Sportyf...

Om de kondysje net hielendal fuortsakje te litten, wol ik yn de fakânsjes noch wol ris fytse. Der hinget in sportfyts by ús yn it hok en dy wurdt simmers noch wolris oppoetst. No wie de achterbân lek, mar fia www.allesvoordefiets.nl wienen der mei in pear dagen twa nije binnnenbannen yn 'e hûs.

Woansdei is myn sportmiddei en it like my wol aardich om de warming-up yn 'e trainingsseal mar ris oer te slaan. Dat kompensearre ik troch op 'e fyts nei de Westerein te gean. Sa'n 18 km oer it Damwâldsterreedsje en oare moaie fytspaden. Foardiel is ek, dat jo de cooling-down ek oerslaan kinne, dat nei trije kertier wie ik klear mei myn trainingsprogramma.

Op 'e weromreis kaam ik in doarpsgenoat tsjin, dy't ûnderweis nei hûs wie fan syn wurk. Hy soe my earst sa foarby brûzje, mar nei 't ik him rôp, hong hy dochs yn 'e remmen om te sjen wa't dêr sa entûsjast lûd makke. Hy seach al wakker ferheard, de akkordeonist fan Rûm Sop yn in swarte koarte broek, mei in grutte pet en sinnebril op in sportfyts earne yn 'e wâlden. Wy ha it lêste diel fan de rit meielkoar opfytst en pratende wize binne jo samar thús!

Ik fiel de âld bonken wol wat! Moat ek altyd mâl. Net opbouwe, nee sa 20 km fytse, dan traine, 20 km werom en dan ek noch tusken de bedriuwen troch de grut-groeide hage knippe. Mar it hat goed foldien, dat takom wike wer. Ik ha al tsjin myn doarpsgenoat sein: 'De kâns datsto my in oare kear wer tsjinkomst, is mar hiel lyts...'

En foar de lêzers yn Limburch: alles oké. Moai waar, nije Crocs en hearlik ite(n) by Herman Douwe en Elbrich. Dat al wat lekkers foar harren meinimme...

Pleatst: 01-08-2007 / 23:03 oere - Reagearje? - Nei boppen