Youtube Twitter Facebook


It is no -


www.praatmarfrysk.nl

Earder dit jier:
Desimber 2014
Novimber 2014
Oktober 2014
Septimber 2014
Augustus 2014
July 2014
Juny 2014
Maaie 2014
April 2014
Maart 2014
Febrewaris 2014
Jannewaris 2014

Argyf:
Blogs fan foarige jierren
Persoanlike 11 stêdentocht
Bylden út it ferline...

Ferhalen:
Klik hjir foar koarte ferhalen...

Famylje foto's & filmkes:
Klik hjir (befeilige)

Oer de skriuwer:
Alles wat jo witte wolle...

Reagearje?
Stjoer dan in berjocht nei:
Hendrik van der Heide
Fia e-mail:

Hantum-sides:
4H-side.nl
Dichteres Akke Brouwer
Rûm Sop


Created with CoffeeCup HTML Editor

Nij...

Sjoch, sa is it wurden. In nije startside foar besykers fan de troch my makke websides. At sy op it linkje op dy sides klikke, komme se hjir út. Ek in webside foar jimme meitsje? Reagearje mar soe'k sizze...

Pleatst: 24-04-2014 / 12:22 oere - Reagearje? - Nei boppen

Spam...

Dat is mar wat. De lêste wiken komme der iderkear berjochten fan ûnbekenden binnen. Se reagerje saneamd fia de reaksje-link ûnderoan it blog. Fansels dogge se dat net sels, der ha de spammers robots foar. Jo waarden der sljocht fan.

It reaksjeformulier hat syn langste tiid hân...

Lokkich ha ik in prachtich programma dêr't jo formulieren mei meitsje kinne. Dat oan'e slach! Guon dy't regelmjittich reagerje sille no sjen dat it krekt even oars is.
No mar ôfwachtsje hoe lang de spambots hjir oer dogge om it te kreakjen...

Soksoarte berjochten kamen der binnen. Mei syn tsienen tagelyk. Dan wer fan Ethan, dan wer fan Brody as Hyden... En dan mar hoopje dat ik op ien fan dy links klikke soe. Lokkich kinne boppesteande links net oanklikt wurde, it is mar in plaatsje...

Dat sil kreakje, sei de boer, en hy jage de jarrebak ta de bûthúsdoar yn...

Pleatst: 14-04-2014 / 14:42 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moai stikje...(2)

Ek dit is in moai stikje. Hiel wat oars as ûndersteand. Der wol even foar sitten gean...!
Ut de Telegraaf fan 29 febrewaris 2012.
Noodkreet van een juf...

Pleatst: 09-04-2014 / 11:46 oere - Reagearje? - Nei boppen

Moai stikje...

Under ús foarstelling yn Garyp siet der foaroan in fotograaf wakker plaatsjes te meitsjen. Wilens skreau hy ek wat koarte sinnen yn in boekje. (Nuver, mar soks falt jo op ûnder it spyljen...) Wy hienen der hielendal gjin lêst fan, wy fine soks wol moai. Mar wêr binne yn de dagen dernei de foto's dan werom te finen? Hjir dus... RTVkanaal30. Mei tank oan Kees Westra!

Nieuws uit de regio
Klún en Knoffelhakke fermeitsje it publyk yn it Geahûs Garyp

GARYP - Dizze moanne wurdt der fan alles op tou setten yn en fanút It Geahûs yn Garyp. It hie wat drokker wêze moatten sneon mei it teaterprogramma fan Klún en Knoffelhakke. Hendrik van der Heide en Broer Douma pakke de seal yn! Ek it publyk wurdt by it programma belutsen en kinne har allegearre fine yn de sfear dy't delsetten wurdt. Yn in Ford Hekstra fan Ikea nei de PC! Der wurdt eamele oer de tún en ''De fytsende Rjochter'' moat komme. Fette prizen winne mei Gaston en laitsje om de doweman mei in Slllik Kikkert! De thúsbliuwers hiene ek no wer ûngelyk!

Pleatst: 09-04-2014 / 11:30 oere - Reagearje? - Nei boppen